de 2 lêtste dagen, spannend mar dochs ek wer totaal neat spannends oan..

21 maart 2020 - Hoppers Crossing, Australië

Spannend wat betreft: wurd de flucht net alsnog cancelled?? We hâlde alles goed yn'e gaten.

noch wat oer freed: We hawwe de koffers dy't we kocht ha by de kringloop oan it fullen west. We wiene fan plan earst mar 1 koffer te heljen mar ach, wêrom ek net 2. no wolst it net lieuwe mar alle 2 koffers sitte oan'e harses ta fol stampt! Whahaha, safolle spul! No moat ik earlik ta jaan dat we der ek mar wat klean by yn dien ha sadat ús backpacks wat nofliker binne op'e rêch. We hawwe ek 2 mûlekapkes en wat wantsjes sadat we hooplik wat feiliger binne op it fleanfjild.

Ein middei is der noch in stel delkaam dy wat kampearspul oernimme woe. Gelokkich mar want ik soe it sa sonde fine as it fuort goait wurd. Oaren soene der noch safolle oan ha kinne en wille fan hawwe.  Jammer genôch woene se net hiel folle hawwe want se hiene mar in lytse auto. Se hawwe der in frijwillige bijdrage foar jun en sa binne we beide wer wat bliider. Leendert sei dat sy de rest fan it spul wol in plakje jaan soene, miskien collega's ofsa dy't it oernimme wolle.

Sneon, de lêtste dei. Ik wol sa graach noch it echte Australië gefoel hawwe hjoed, mar qua waar hoege we dat net te ferjitten. Ik ha rinde inblokje om west yn'e buert hjir want we ha gjin auto mear.  Juster ha'k de sinne noch in pear tellen sjoen mar it wie te fris om búten te sitten. Hjoed hielendal! Sonde, want dat hyte gefoel is wol echt wat ik by Australië pasjen fyn, mar dus blykber gewoan net altyd yn dizze streek. Fannemoarn hawwe we de lêtste spullen ynpakt. Fannemiddei binne we efkes mei Leendert syn auto nei Altona riden. Dat is hjir 20 minuutsjes wei riden en is oan it wetter. Ik hoopte dêr noch wat mear Australië gefoel te krijen. No moat ik sizze dat it wol efkes fier te finen wie mei it frisse waar. Syb sei noch: it fielt krekt as ús earste dei yn Sydney. Doe ha we ek by it strân sjoen en doe wie it ek ferhipte fris.

Ik ha op de valreep noch 2 souvenierkes kocht en doe binne we mar wer werom riden. Juns hawwe we Thai's iten besteld. Leendert en Stacey woene ús wol mei út iten nimme marja ek hjir wurd elkenien hieltyd foarsichtiger om nei plakken te gean wêr oare minsken komme. No moat ik sizze dat der wol gewoan minsken út iten wiene wêr we it iten ophellen mar tsja, net elkenien nimt it Corona virus like serieus. 

Oer it algemien hiele núvere dagen juster en hjoed. It einde komt tichterby, it waar sit behoorlik net mei en we kinne eins net neat útfine omdat we gjin auto ha en om it corona virus. Bleeh.. Ik hie it leafst noch avonturen belibbe dizze dagen of yn elts gefal oars yn'e sinne sitten of op it strân mar dat siet der net yn.. We hiene beide wat in bleehh humeur..

We binne undertusken ek yncheckt, dan fielt de reis dochs wer in stikje sekerder. Want ik moat earlik sizze, pas as wy echt yn't fleantúch sitte ha we pas de sekerheid dat de flucht net cancelled wurd, dat bliuwt dochs ferekte spannend. We hiene noch in bod dien op de langste rit fan Jakarta nei Amsterdam, om business class te fleanen. We dreamden der eins al in bytsje fan om as 2 ryke minsken dêr te sitten. Mar helaas, we soene it oars hjoed hearre en we ha neat heard. Moarn om in oer as 12 oere middeis moat we op it fleanfjild wêze en 2.30 fleane en dan komme we 6 oere ofsa yn Jakarta en dêrnei 10 oere wer fierder fleane foar de 15,5 oeren en dan komme we mandei te moarn 8 oere oan yn Amsterdam. Gelokkich hat Herma super har bêst dien om it foar elkoar te krijen dat sy hearder yn har húske kin wêr se oars pas yn koe yn april. No kinne wy dus gewoan nei myn hûs gean. Wyls ha myn leave heit en memke al boadskippen helle foar us. Sy sille nei Skiphol ride mei 2 auto's sadat we net lêst ha fan de corona boel. 

We hoopje op in noflike reis wêrby we lekker útkoest oankomme :D

Ohja!! Ik ha der fannemiddei noch wat filmkes opsetten, dat wie dan wol wer efkes leuk om se werom te sjen :D

5 Reacties

  1. Jurjen & Sijtske:
    21 maart 2020
    In goeie en feiliche reis tawinske!
  2. Janke:
    21 maart 2020
    Een Hiele goeie reis Petra en Sybrand. Hoopje je yn de rin fan moandei wer te sjen op de Sjaardaleane!!
  3. Albertina:
    21 maart 2020
    Goeie reis!!!
  4. Geartsje:
    21 maart 2020
    Fligh High!! 🥰
  5. Judith van der Meer Dronryp:
    21 maart 2020
    Wat fijn dat jimme yn eigen stekje thuskomme! No nog een vlotte reis hoopje we! It mei jimme jimme ek wolris "mei"sitte.