2e wike wurkje op'e farm en mega spinnen!

25 januari 2020 - Modella, Australië

sneon: Yn it foarige ferhaal hie ik al oer dizze dei ferteld, mar oan't ein fanne dei hawwe we dan eindelik fan de hearlike lasagne genoten! Poah.. dy wie echt lekker. Ik wie eins fan plan om de helte yn te friizen sadat we in oare dei as we aanst wurkje in kear makkelik de lasagne yn'e oven dwan kinne.
Mar it kaam wat oars, de oare backpackers rûkten en seagen de lasagne ek en doe ha'k mar freegje of se ek in stik woene. Warempel kamen se allegear ynienen oan tafel sitten en hawwe we mei syn 6en de lasagne oppeuzelt. It waard tige waardeart dus dat joech my wol wer in fijn gefoel  :D

Snein: hjoed begun de dei mei prachtig waar, mar wol in soad rook. Doe de rook wat fuort wie ha'k myn kâns pakt om efkes lekker fan de sinne te genietsjen want we sjogge him hjir amper! Neidat ik in oerke fan'e sinne genoten hie en in reade kop hie woe'k ek wol efkes ôfkuolje. Dus ek ik ha efkes yn ús wettertrôch swimbad sitten om ôf te kuoljen. Ik wie achternei bliid dat ik moarns fan e sinne genoten hie want samar binnen in healoere waard it fris!
De sinne is ferdwenen en it wurd donker yn'e loft, efkes letter ûnwaarde it. Doe we wat omhongen hiene en ik wer troch it hûs rûn seach ik ynienen 2 mega greute spinnen sitten! Echt alderraast, minstens sa grut as de hundsman spin fan Fraser Island! Gelokkich ha ik Syb by my en dy hat de iene búten setten. Ik wie it der net mei iens want sa koe der elts momint werom komme fansels! De oare hat der op myn fersoek wol dea makke. Ik ha him oerhelje kinnen dat te dwaan troch te sizzen dat ik wol seker wist dat de oare backpackers dat ek leaver ha soene.
 
Mandei: Hjoed ús lêtste dei frij. We hiene beide eins al net sa'n hiel bêst sin. Syb hie lêst fan syn bealich en ik seach tsjin moarn op. It waar wie ek al net al te bêst. Dochs fol goeie moed moarns betiid nei in stêdsje omdat we noch dinkjes ha moasten.
Lyk mar, dan kin we de rest fan'e dei noch efkes chille. Thús hiene we alle flessen sammele. Want hjir yn Australië dogge se in soad oan recycling! Der wie sels in stel wat trout is op kosten fan alle flessen ensa wat se werombrocht hiene! We hiene noch net sa faak sa'n ynleverpunt sjoen dus ik hie justerjun al efkes socht op internet. Gelokkich yn ús stêd wie der ien!
Der wiene hjir al hiel wat kratten bier der trochhinne gien en omdat we it wetter net drinke kinne drinkt elkenien ut plastic flessen dus rekkenje mar dat we in hiele fracht hiene! De oare backpackers dogge namentlik net oan recycling dus we hiene it spul fan elkenien mei en binne al efkes dwaande west om hjir thús alles te skiften.
Google maps op it recycle centre en gean! Nou, der kamen we oanriden op it industrieterrein. It recycle centre wat der fun hie yn ús stêdsje wie gewoan in centrum wêr alle ôffal brocht wurd en gjin flessen ensa!
Shit, hjir hiene we net sa'n sin yn. Dan mar werom nei de supermerken en sjen as se dêr wiene. Mar doe we dêr eindelik wiene waard ús ferteld dat we de flessen hjir net kwyt koene. We moasten nei in oar stêdsje, se joech ús it adres, dêr koene we de flessen ynleverje.
We hiene no undertusken al skjin ús nocht want we soene efkes SNEL in pear boadskipkes dwaan en wer nei hûs. Undertusken wiene we al in oere fierder en we moasten no nei in oare stêd ride, 20 km fierderop. Jimme fiele it fêst al oankommen. Ek hjir gie de route nei de middle of nowhere en Syb en ik hiene beide al it gefoel dat dit fêst net wêze soe wat wy bedoelden. Iets foar 10 kamen wy oan, it bedriuw wie pas 10 oere iepen dus der stie in rij mei auto's op'e dyk!
Us fermoedens klopten, dit wie net sa'n automaat wêr we de flessen yndwan koene mar it wie gewoan in grofvuil stoart! No we der dochs wiene hawwe we mar wachtte op ús beurt. De frou dy ús holp fertelde dat we it wol yn'e kontainers mei de giele deksel goaie koene. Mar uuh, krije we der dan neat foar?? Offisjeel hearre we foar elk fucking fleske 10 cent te krijen! Ik tink dat we wol foar 10 dollar yn'e auto lizzen hiene as it net mear is! Nee, helaas dat is allinne yn South Australia, dy regel jild hjir net, fandêr dat alle rotsooi lâns de dyk leit sei se.... GRRRRRR Dus it hiele gesoademieter foar neat!!
Tsja, dêr waard it humeur net better op, mar we wiene yn elk gefal de rotsooi no kwyt. Op nei de supermerke en noch efkes lâns de kringloop. Want winkels sa as Action hawwe se hjir noch net útfun. It measte spul helje je út in supermerke en as je iets oars wolle is it kringloop of je fleane nei de grutte mega stêden, dy hawwe mear winkels.
Warempel hiene we mear súkses yn'e kringlopen! Ik ha in pear sloffen kocht (omdat it hûs nogal in kâlde flier hat), Syb in fersamel cd fan Johnie Cash, extra handdoeken, in radio! Want it is hieltyd sa ferekte dea stil yn'e hûs en ik mei sa graach musyk om my hinne ha!
Sels op it einde fun ik noch in pear 2e hands wurkskuon! Ik hie al hiel wat wurk skuon hjir passe mar de measten binne fierstente grut of pasje net yn'e breedte. Ohja ik ha ek noch in puzzel fun, kin'k moai puzzelje op ús frije dagen :) Fol goeie moed wer nei hûs! :D

Jammer genôch kamen we der thús achter dat de radio (dy nij wie) it hielendal net docht. De wurkskuon binne helaas ek net in sukses.. Dom dom, ik ha allinne de iene skuon passe wêrfan myn foet it grutst is, mar no thús blykt by de oare foet de soal fan underen hielendal dwarstroch te wêzen.. hmzzz It mocht blykber net echt slagje hjoed.

tiisdei: Hjoed wer wurkje en myn nije skuon oan! Yes.. Ek al binne se OERLELIJK, se sitte best wol noflik. Nei it melken moast Syb nei de oare pleats om gegevens oer de kij fan de kompjûter te heljen ensa. De baas fan ús pleats, Paul, fertelde my dat der my leare soe hoe ik geiten spuitsje/ynjekteare moast. Nou ik ha him lyk merke litten dat ik in ferekt hekel oan spuiten ha! En dat ik warskynlik al fan myn stokje gean as ik dy spuit yn'e hannen ha, lit stean dat ik dy geit op it goeie plak spuitsje.
Hy hie der wol wat de gek mei dat it goed wie om te learen en dat it myn nije baan wurde soe. Efkes letter wie hij fuort, dus bin'k moai mei Syb mei gien as assinstente. Dan hoech ik yn elk gefal gjin enge rare dingen te dwan. Syb en ik ha moai tegearre 250 geboortedagen oer sitte skriuwen, moai putsje tegearre. Jammer genôch krigen we krekt dêrnei te hearren dat se de gegevens al op in oare manier krigen hiene dus it wie allegear foar neat.
Noja, dan ús folgende putsje mar. In pear boadskipkes dwan foar yn'e kantine. Doe ik troch de supermerke run, liet ik frjemdgenôch in soart fan swarte stappen en strepen achter. Doe ik búten de soal fan myn skuon ris goed beseach seach ik dat it profiel net al te bêst mear wie. Hoe koe dat no? Samar yn 1 dei de soal der troch? Ik ha amper run! Doe ik juns nei it melken de skuon út die en murk dat myn sokken dweiltroch wiet wiene wist ik genôch. De soal wie inderdaad hielendal fersliten yn 1 dei en noch in pear oerkes langer en ik hie op myn sokken rûn! Haha.. moaie aankoop!

woansdei: Sinds we yn de oare sliepkeamer binne ha ik al geregeld in spin yn ús keamer sjoen, ik begryp net wêr se wei komme! It engste fyn 'k noch dat der fannemoarn ien op myn tekken siet doe ik wekker waard! Harrekrammele, ik fyn it hieltyd al creapy sadra ik myn eagen ticht doch juns. Je hearre se net mar se komme samar earne wei brrr.. Ik bliuw der gewoan in ferekt hekel oan hâlden.
Fannemiddei moasten we efkes nei it stêdsje hjir yn'e buert, de Dútsers woene gelokkich wol efkes foar ús melke. Doe we werom kamen soene we it wer oernimme mar ik wie eins SA wurch dat ik net mear yn staat wie. Syb is der noch wol efkes hinne west, al wiene se al hast klear! De bêste jongens hiene yn in oerke molken! Ik wol net witte hoe mâl as dat gien is. Syb sei al, warskynlik binne der moarn in soad mei dikke jaren!

Tongersdei: Omdat de Dútsers justers foar ús molken hiene woene sy graach fannemoarn wat letter begjinne en soene Syb en ik it melken opstarte, kij ophelje en begjinne te melken. Tsja, dat hiene se moai betocht! Sy hiene goed nei it waarberjocht lústere!
Want doe 't wy fannemoarn wekker waarden reinde it âlderferskuorrendst! Syb wist hoe en wat mei it stekfersetten dus dy hat de poncho mar oan dien en hat de kij ophelle. Lekker begjin fan de dei! Der wiene sa as ferwachte inderdaad in oantal kij dy't in jaar hiene dy't op knappen stie! Sommige koene der amper fan rinne! In soad kij hawwe dus mar in ronde ekstra oan't melken west!
De boskbrânnen wiene hieltyd de grutste soarch hjirre mar op it momint krije we ek hieltyd meldingen dat der oeral oerstreamingen binne troch de grutte hoeveelheid rein wat der falt.
It falt hjir noch wol wat mei mar ik hearde dat der yn Gold Coast fannewike 300 mm fallen is!! 
Oerdei hat Syb in poging dien it seperatie systeem prebearje te fiksen en ik bin oan't skjinmeitsjen west yn 'the little house'. It is in soad fan bungalow/garage achtig húske neist ús hûs. De baas woe dat húske miskien wol brûke om der ek backpackers te pleatsen. No, ik bin bliid dat ik al in plak ha! Ik ha it sûkerskjinmakke, dêr net fan. Mar de planten groeiden tusken de tegels troch by de wc, der wennen sa'n 603489 spinnen, it lekt en der sitte oeral kieren en gatten wêr ongedierte troch nei binnen kin. Ohja, en Syb seach dat je gewoan troch de doar hinne sjen kinne, sa ferrot is de houten doar!
Noja, ik ha myn oeren makke en it wie net in moeilik putsje.

Freed: Hjoed de lêtste dei wurkjen gelokkich! Nei it melken moast Syb nei de grutte baas nei de Caldermaede pleats. Syb hie der al net hiel folle nocht oan want de grutte baas is nogal koart foar de kop. Hy woe Syb fertelle wat der allegear feroare wurde moast en dan moast Syb dat mar "eefkes' meitsje.
Us baas fan ús eigen pleats dy beneden dy kerel stiet, hie hjoed eins gjin putsje foar my. Ik mocht noch wol wat skjinmeitsje ofsa of moast efkes in oare kollega freegje. Opsich lekker om efkes frij te hawwen oars, mar ja no je wurkje wol je ek wol je oeren draaie en fertsjinje. Mar klear, ik bin dochs mar mei in grutte bezem om it hûs hinne west want je koene it hûs hast net iens mear sjen omdat der sa'n dikke laag spinneweb omhinne sit.
Ik moat sizze dat it hielendal gjin raar putsje wie, want je sjogge moai ferskil! In oerke letter krige ik in appke fan Syb: "Ik ha no krekt in putsje wat we moai tegearre dwaan koene". Ferdikke tocht ik. Ik wist dat ús oare baas ek noch nei dy pleats soe dus bin lyk nei de pleats gien om te sjen as hy der noch wie en of't der my dan ek mei nimme woe nei Caldermaede.
En ja hjer, in oere letter wie ik ek op'e Caldermaede pleats. We hawwe tegearre in putsje achter de kompjûter dien. 2 skermen, en 203423947 nummerkes tsjekke. De nûmers fan 330 kij moasten kontroleart wurde mei allegear koades. Op in gegeven momint waarden we der hast sa simpel fan dat we de sifers troch in oar hellen en by elk sifer hast begûnnen te gapjen. Mar klear, we ha de put ôfmakke en best noch wol wille der om han ek.
Eins moasten we middeis healwei 3 werom wêze op ús eigen pleats om te melken mar de hege baas woe graach dat Sybrand it melken seach op harren pleats sadat der sjen koe wat der mis gie ensa. Wy hawwe dus mar wer de Dútsers frege of sy melke woene, de iene Dútser ferekt it eins om te melken marja hy moast no wol. Wy koene der ek neat oan dwan. Ik koe eins net hiel folle betekenje tidens it melken mar ik wit wol dat ik der wol wat fan opstutsen ha.
It melken op dy oare pleats gie namentlik sa mâl en rûch dat we ús eins behoorlik ergeren. Dy Caldermaede pleats moat ek noch in FOARBYLD wêze omdat der elke dei tsientallen minsken komme te sjen. Ek dizze kear stiene der by it melken sa'n 15 man te sjen efter in raamke nei dizze 'perfekte pleats en melkerij'. Syb en ik wiene it der eins wol oer iens dat dy minsken better by ús pleats komme koene.
Dêr wurd rêstich molken, binne de kij rêstiger, wurde se tenminste leechmolken, krije se harren tiid en puntsje by pealtsje is ús melkerij folle skjinner! Ik fyn it wol belachelijk dat we elke dei ús melkerij bjinne moatte mei sjippe en boarstels mar it resultaat mei der dan ek wol wêze!
Op de Caldermaede pleats wie in lyts famke oan't melken dy't noch mar in wike oan't wurk wie en noch nea hearder fan har libben molken hie. Se waard yn myn eagen no foar de leeuwen goait omdat se ferekte hurd undersette moast. Doe't se de boel wat langsemer sette kaam de manager de boel wer hurder setten. Ik hie it te dwaan mei de earme siel en ha dêrom doe we fuort giene mar efkes sein dat ik ferekte grutsk op har wie foar we se hjir no die!
Ik wie al mei al bliid dat wy moai op ús eigen tempo de kij melke kinne en de kij rêstich harren tiid krije. 

Sneon: Hjoed frij, yes! We hawwe hjoed in tripje! In kollega fan de pleats sit hjir by in 4wheeldrive club en hie de Dútsers en ús útnoege om hjoed mei te gean 4wheeldriven! De jongens hiene der wakker sin oan. We soene in route dwan lâns de kust. Syb hie ús auto efkes ferbouwt sadat de Dútsers mei ús mei ride koene. Ek hie der in skepke yn 'e auto foar as we fêst komme te sitten en it guod om de bannen leech litte te rinnen en op te pompen. Hielendal klear foar in heftig tripje!!
Blykber wie it wol earne misgien yn de kommunikaasje.. Want de trip gie hielendal net troch it sân en wie hielendal gjin 4wheeldrive route! We hawwe gewoan de hiele dei netsjes op de dyk riden! Haha.. oeps.. noja it makke neat hjer want ik fun it wol noflik. De kollega en syn frou hawwe ús gewoan fan alles en noch wat sjen litten. Moaie plakjes oan de kust en se hawwe ús in soad ferteld oer de omgeving.

Op ien fan de kúst plakjes krige Syb ynienen in idee. Yn it stien fan de de klif stiene hjir en dêr nammen krast. Dus hy woe eins syn keet it Kratsje wol efkes skriuwe yn't moaie stien! Dus sadwaande, hy in stien sykje en "'T Kratsje" stie twa tellen letter yn'e klif. Fol trots efkes in foto meitsje en dy fansels nei de maten stjoere. Doe we wer fuort rinne soene kaam der in frommes oan dy't frege of't Syb dat krekt dien hie. Sy wie der namentlik ABSOLUUT net fan gecharmeerd! Hoe langer se praatte hoe lilker as se waard! Syb ferprutste de natoer, it wie in skande, hy moast sich skamje, hy hie de natoer stikken makke etc etc!! As hy it no mei ferfe of stift dien hie, JA dan begryp ik har punt. Mar hy hie it netsjes mei in stien dien en warskynlik as in pear oeren letter it wetter heger komme soe dan is it fuortspielt!! Dus wêr die se no sa dreech oer? Se pakte warempel sels ek in stien en kraste fol lilkens it 'T Kratsje' fuort!! Hahaha, ik stjoer it filmke noch wol! ik moast der súver ek wol om gnize, want ik fun eins dat SY no krekt de natoer wol hiel lelik makke. Dat gekras op de stienen!

Oan it einde fan de trip binne hawwe we noch efkes lunched en binne we op it strân belâne. Ik wie wol moai in moai stel fuort. De Dútsers binne ferbaant, ek de kollega fan't wurk wie oan't ein fan de dei fan knibbels oant teannen ferbaant en Syb wie yn sliep fallen yn'e sinne.

Oare kear mear!

Ohja: we hawwe op it momint net hiel folle nije foto's en filmkes mar ik ha útfun dat de foto's no ek yn ferskeidene mapkes kinne. De lêtste foto's steane no yn in mapke fan de farm!

Foto’s