ALWER de rotsooi stikken en in geit dy him ophongen hie!!

17 februari 2020 - Modella, Australië

Leuk dat jim wer lêze!! Dat waardear ik enorm, dat woe'k efkes sizze! :D

Dizze kear mar in koart blogje fan 3 dagen.. ( mar alwer mear as genôch tekst! haha)

Sneon: Ik ha undertusken behoarlik yn'e bealich. Myn skouders en earmen dogge sear by elke beweging. Omdat ik sinds dizze wike dus ek undersette moast en ik dat nogal spannend fun en it fansels wer sa hurd mooglik dwan woe, ha ik warskynlik hieltyd myn lichem ûnder spanning han en dêr wurd it faaks net better fan.
As Syb my ôflassen komt mei melken ha'k it swit faaks op'e bealich en ha'k it gefoel dat ik eindelik wer ademje kin.. Fan ôf moarn dochs mar wat rêstiger oan en mysels net hieltyd sa bewize wolle...
Beide melkingen wiene wer in drama. Der is in pomp mei ophâlden wêrtroch de molke net fuortpompe wol. Syb hat in pear kear mei de baas prebeare te beljen mar dy lei fansels noch lekker op 1 ear te koesen. 

En de rotsooi is wer stikken...

Syb tocht dat it oan'e sensor lei en hat mar wer de monteur úthongen om de boel te reparearen. It núvere is dat de pomp it soms wol en soms net docht, dus we kinne der net op fertrouwe en de boel kin sa wer ploffe as de molke net fuortkomme kin.
Juns mei it melken gie it in stikje better mar ek letter wer de molkpomp dy gedonder joech tidens it spjillen. It wetter kaam der op núvere plakken út seach ik. Syb hie undertusken ek skjin syn nocht omdat de baas der ek net echt folle mei dy hie hy ek sokiets fan: stik dr dan mar yn.

Snein: Fannemoarn spoot de molke oer de flier tidens it melken. Op itselde plak as wer juster it wetter op núvere plakken der út kaam mei it spielen kaam no de molke der út. We koene it net stopje, hawwe mar gau alle molkstellen ôflutsen
en sa koe Syb wer begjinne mei reparearen. Hjir hat der no undertusken wol sa syn nocht fan. Hy wol it bêst dwaan mar wy ergerje ús nogal oan it feit dat der gewoan elke kear gesoademieter is mei iets fan de melkerij. 
Dan it iene oan stront en dan wer it oare. Ik ha sels it gefoel, no se witte dat Syb der ek ferstân fan hat, dat se eins leaver net mear in monteur komme litte omdat Syb him wol rêd. mar as Syb dat wurk dwan giet, heard der minstens 3 kear dûbbel te fertsjinjen!
It iene momint wurd him fanalles frege en t'oare momint wurd der net altyd serieus naam as der wat seit dus dat is wolris frustrerend. Ik ha faak genôch sjoen dat Syb it better wist as de manager, wêrom lústert der dan net gewoan lyk!

Syb mei Paul by de ferekte pomp..

Mar klear. 

 

Ik ha de geiten fannemoarn dien en doe ik seach dat ien fan de biksbakken leech wie tocht ik: sil ik it ris besykje om dy te fullen? Der wie fierder gjinien op'e pleats dy my op'e fingers sjen soe. Syb wie oan't fuorjen yn't lân en Paul wie thús.
Ik ha myn stoute skuon mar oan lutsen en bin op'e manitoe stapt! Syb hie it my in kear hearder alris útlein dus ik tocht ik sjoch wol hoe fier ik kom. As ik mysels net fertrou of ik wit it net, dan freegje ik aanst Syb wol as der werom komt.
Sadwaande stap ik op'e manitou en nei in skofke hie'k yn'e gaten hoe ik ride moast haha.. Efkes prebearje hoe it ek alwer wurke om de bak te kipen en fierder út te stekken en op nei de silo en de bak fulle. Dat gie bêst!
Ik wie súver sa trots as in pauw. Doe hearde ik achter my getoeter fan'e trekker. Syb toetere, ik tocht earst dat der dat die om witte te litten dat der my seach of dat ik it goed die mar doe toetere hy mar troch en kaam der nei my ta riden.
Hy frege my of't ik de bak/skep earst wol skjinmakke hie... Uuuh nee, wat dan?? Syb hie de dei derfoar de verrijker brûkt om droege stront te skeppen en as der ek mar iets smoargens noch yn siet dan koene de geiten der wol dea fan gean!
De moed sakke my sa yn'e skuon dat ik it leafst alles werom draait hie. Wie ik hjir mar net oan begûn! No soe ik ris wat knaps dwan en no hie'k it ferprutst, want ik hie de bak al healfol mei biks. Ik fielde my dus al behoorlik stom, komt de baas ek noch eksakt op dat momint it hiem opriden!!
Nee he! No moasten we him ek noch fertelle hoe dom ik west wie. Pfff.... Gelokkich hat der net merke litten as der lilk of irriteart wie. Hy kaam op'e pleats mei syn twa jonge dochters fan 5 en 7. As ik dêr efkes op pasje woe. 
Ja fansels wol.. en wyls hat hy it biks fuortgoait, de bak skjinmakke en de geiten fuorre. Ik bin bliid dat Syb it seach en dat ik gjin geiten dea makke ha, mar ik hie dochs leaver han dat ik no ris in heldedaad dien hie foar mysels haha...
syb hat ôfrune dagen hieltyd oan't strontriden west tusken de melkingen troch. Wyls doch ik wat oare putsjes. T'is mar krekt wat ik betinke kin, want de baas kin eins neat betinke. Ik ha de tank mar ris grondig skjinmakke juster en hjoed it kantoor, kantine en de wc op'e pleats. 
T'is no net echt in topputsje mar klear, dan fertsjinje ik yn elk gefal en kin'k wer op in skjinne wc sitte ;-)
Mei de middeismelking wie it wer gesoademieter. Lyk de molke fan de earste 40 kij is fuortspielt, de tank die it net. Doe der in skoft letter in monteur kaam die der it ynienen wer, núver en ferfelend mar klear. We wiene dertroch wol wer let klear..

Mandei: Wat in minne start. 2 Oere nachts waard ik wekker en fielde ik my net sa lekker mar ik prebeare wer te sliepen. Helaas sûnder sukses. Ik ha tot myn grutte ergernis tot 5 oere (doe de wekker gie) klear wekker west. Lekker begjin fan de dei, gelokkich de lêtste dei wurkjen hjoed!
Ik wie fansels sa min as in putsje en sei noch tsjin Syb: ik hoop dast net tefolle fan my ferwachtest hjoed. We melke gau en dan kroep ik wer op bêd.. Tsja dat moatte je net sizze fansels. Want neidat we 30 kij undersetten hiene kamen we der achter dat de pomp WER net wurke! We hawwe lyk Paul wer belle
en we moasten mar efkes wachtsje. De moed sakke my hielendal yn'e skuon doe it mar duorre en duorre en Paul meardere monteurs belle om te kommen. Syb mocht wyls wol efkes fuorje want it soe noch wol efkes duorje.
Wyls soe ik de geiten efkes fuorje mar doe seach ik tot myn grutte spyt in deade geit hingjen! Hy hong oan syn poat, en de kop nei beneden.

Degeit dy him ophongen hie..

Ik bin lyk mar nei Syb en Paul gien om it te fertellen mar dy wiene eins te drok mei de molkerij.
Doe se letter besletten hiene dat we foarlopig dochs neat koene sunder monteurs, soe Syb efkes nei de geit sjen. Komt der mei dy geit yn'e earmen oansetten: Hij leeft wer hjer!! Hahaha! Tsja de geit wie noch behoorlik sleau mar hy libbe noch wol!

De geit libbet ynienen wer!!!

Hy leit no yn't geitesikenhûs omdat der net echt rinne kin. 
In oere letter ungefear kamen stik foar stik wat monteurs oansetten en prebearen se fanalles te reparearen. In hiel skoft letter binne we wer begun te melken wyls de monteurs wyls hieltyd handmatig de molken oan't fuortpompen wiene.
Wat in drama. Myn kop stie al op knappen omdat ik justerjun al migraine hie, no hie'k ek noch amper slipt en der like gjin ein oan te kommen fannemoarn, wyls stean der ek noch in stik as wat mannen op je fingers te sjen hoe je it wurk dogge.
En AS je dan eindelik klear binne mei de kij begun it hiele feest fan't skjinmeitsjen. Omdat in soad kij HIEL lang wachtsje moasten yn'e melkerij wie fansels ALLES underskiten. T'wie krekt of hiene se elkoar útdaagt: Sjen as we dy hiele melkrij under de stront skite kinne!
Wat wie ik bliid dat dizze moarn om wie, ik bin thús lyk op bêd kropen! Sliepe woe net sa bêst mar ik ha wol efkes my deljûn. Syb hat wyls wer oan't strontriden west en pielt lekker troch. Al seit der sels dat der júst hielendal nearne oan ta komt omdat it mar sokke koarte skoftkes binne tusken it melken troch.
En dêr hat der ek hielendal gelyk yn. Foar je de boel klear hawwe en wat dwaan kinne moat je alwer ite en melke, dus sadwaande wol Syb graach moarn op syn frije dei ek noch efkes strontride. Hy wol graach oeren meitsje en omdat der dan net hoegt te melken kin der tenminste efkes in flinke haal dwaan!
It middeis melken wie eindelik ris NORMAAL!! Gjin rotsooi stikken ensa, hehe eindelik. Al hiene we beide wol skjin ús nocht! Ik noch steeds heale zombie en Syb sei dat de kij wol hiel ferfelend wiene. Warskynlik omdat dy 
ek wat ontregele wienen fan al it wachtsjen en it gesoademieter yn'e melkerij elke kear. Hopelik ús folgjende tsjinst nofliker!


 

Foto’s