BAM.... dêr wie dan ynienen de warskôging dat we nei hûs komme moatte...

18 maart 2020 - Hoppers Crossing, Australië

Bam... doe wie ynienen de hiele boel oars..

Fannemoarn waarden wy wekker mei berjochtsjes fan ús beide âlders. Doe ik se lêsde wie Syb al oan't beljen mei heit en mem. Der is yn Nederlân oanjun dat it foar alle reizigers dy't noch elders binne it ferstandigst is om sa gau mooglik thús te kommen omdat it der oan stiet te kommen dat al it fleanferkear aanst plat leit.

Beide wat ferward sjogge we elkoar oan, en no?  Der spoeket fan alles troch ús holle...

It is allegear hiel dûbbel foar ús. Wy begripe fansels dat ús âlders ús thús ha wolle, seker nei sa'n warskôging. Foar it gefal der wol wat mei in dierbare barde soe, dan is it fansels wol fijn dat we thús binne. 

Mar hjir yn Australië liket it noch in stik feiliger, dus liket it behoorlik idioat om nei in lân te fleanen wat heal op slot leit en wêr it Corona virus behoorlik heftig oan wêzig is, it liket alsof je it dan opsykje. sa as syb seit, it wespe nest yn.

Dan komt der noch it ynkommen en wurk. Ik ha myn ontslag nimme moatten om hjir hinne te kinnen dus ik sit sûnder baan en omdat alles plat leit, sil ik ek net gau in baan fine. Wyls ik wol de hypotheek en sooi trochbetelje moat.. Hjir yn Australië soene we de outback yngean en yn the middle of nowhere op in pleats wurkje kinne.

Dan komt noch yn je op dat je warskynlik net iens thús terjochte kinne. Ik ha noch steeds in leaf famke yn myn hús wenjen, dy ek noch yn'e soarch wurket dus seker ek nedig is en ik kin har net samar op strjitte sette! Nei ús âlderlik hús kin ek net omdat ús âlders fansels yn in gefaarlikere posysje bringe kinne as we by harren thús komme. 

En dan noch net han oer it feit dat we eindelik hjoed wer op reis soene.. We soene hjoed starte oan ús lêtste 3 wiken kampeare, reizigje en wer avonturen belibje! Ik hie der sa nei útsjoen, en no falt alles yn ien kear op syn gat..

Ik wol seker net sneu klinke, want yn dizze tiid binne der fansels in soad minsken dy folle gruttere soargen en problemen hawwe!! Mar it makke ús holle behoorlik yn'e war.. wat is ferstandig, is der noch iets wêr we dan WOL nei útsjen kinne? Ik hie bijv. útsjoen nei de eveneminten dy komme as we thús komme soene, mar ek dy gean net mear troch.. It is hjoed gewoan efkes in sek-dei..

Neidat Syb in skoft oan'e tillefoan hongen hat, hawwe we Garuda Indonesia eindelik te pakken. Se hat efkes socht, we kinne snein as earste mooglikheid nei hûs. We moatte bliid wêze dat we noch in plakje hawwe, mar dochs fielt it dûbbel. 

Ik prebearje der mar it bêste fan te meitsjen en te betinken dat we no noch 3 dagen hawwe wêryn we warskynlik noch wol efkes kampeare kinne!! Joehoe, dan ha we dochs noch IETS! We moatte genietsjen gean dizze lêtste dagen, alsof ús libben der fan ôf hinget! Syb hat op dit momint noch efkes net sa 'n sin yn't kampearen en kin it hiele gebeuren mar moeilik in plakje jaan.. We prebearje elkoar der wat troch te skuorren.. 

De auto kinne we net mear ferkeapje, der komt fansels gjin nije backpacker mear dy't him oerkeapje wol. Gelokkich hiene we in re-call op de auto en kinne we him nei de Mitshubishi dealer bringe en dan krije we der miskien noch in prikje foar. Mar alle kampearspullen? Wat moatte we dêr mei? We hawwe alles mar op'e foto setten. Miskien wolle Leendert en Stacey wat oernimme en de rest sille we moarnier op gumtree sette. We moatte de auto wol efkes oanmelde by de dealer, dan kinne se him ynplanne. We hawwe ús situaasje útlein oan de man fan de garaazje en hy soe syn bêst dwaan om dizze koarte termyn. 

Hy koe wat mooglik meitsje! Wy bliid... foar eefkes.. want doe sei der dat de auto dan freedtemoarn 8.15 by de dealer stean moat... De grûn sakke efkes under myn fuotten wei.. En blykber kaam doe efkes alle fertriet der út. Ik hie mysels sa de kop noch heech holden omdat we de lêtste dagen noch kampeare en geniete soene. Mar no koene we net iens mear 1 nacht fuort!! Sels dat waard my no ôfpakt... Gelokkich wie Syb der no om my der troch hinne te skuorren. We hawwe mar in ijsje helle.. mar we wiene eins beide sa beroerd as wat yn'e bealich troch alles wat der troch ús hinne fleach..

Fannejun ha ik noch efkes prebearje út te sykjen as we de belesting  oer it wurkjen thús werom freegje kinne of dat dat hjir noch moat. No it is dúdlik dat it ús dei net is. Ik fyn ynienen in regel dy seit dat je allinne je tax werom krije as je minstens 183 dagen yn Australië bleaun binne. Dat binne wy dus no net! Dus hawwe we echt foar in habbekrats oan't wurk west.. 

In posityf dinkje is dan wer dat de Australische dollar iets mear wurdich is as de euro dus we sille iets foardiel hawwe as we ús bytsje jild wat we noch oer ha werom stjoere nei Nederlân.

Wat in dei.. In dûbbele dei.. en it sille noch wol hiele núvere dagen wurde.. We sille alsnog ús bêst dwaan om der it bêste fan te meitsjen en elkoar der trochhinne te heljen as de oare der efkes troch hinne sit.

Jim hearre fêst noch wol wat foar it wykein..

7 Reacties

  1. Sjieuwke:
    18 maart 2020
    Sterkte Peet en Syb, we hope as jim wêr yn it heitelân binne dat dan de oare fantastische moannen jim by bliuwe meie as in ûnferjitelike tiid yn dat prachtige lân. Tink oan jim en hope dat jim feilich en sûn wêr yn ús midden komme meie. dikke tút mem
  2. Marianne Boersma:
    18 maart 2020
    Ja,wat in dûbel gefoel,it is sa frjemd allegear!
    Wat sneu dat jim plannen no sa yn de wat goait wurde!
    Sterkte en wiishyd tawinske en yn elts gefal;in goeie reis werom yn sûnens.
  3. M en Tj.:
    18 maart 2020
    Ja jonges, dan steane je wer efkes mei beide fuorten op de groun. Ik tink ek dat it miskien it béste is om nei hûs te kommen. In soad lannen gooije hjir de grinzen ticht, mar we witte net foar hoelang. Mar de wiishied leid bij jimme. Wat jimme belibbe hawwe nimt nimmen jim wer ôf. Succes.
  4. Geeske:
    18 maart 2020
    ❤❤
  5. Janna:
    18 maart 2020
    ♥️
  6. Jankenies:
    19 maart 2020
    Hoi Petra en Syb. Sterkte dér. En op reis nei hûs.
  7. Omke Douwe:
    22 maart 2020
    As ik dit lês hoopje ik dat jimme yn it fleantúch sitte nei Easterein. In goede reis en oant sjen nei korona.