Bisten fange en Peet op'e verrijker!

23 februari 2020 - Modella, Australië

Tiisdei: Hjoed ús earste dei frij, hearlik! Syb woe noch graach efkes trochpakke sa't ik yn it foarige ferhaaltsje delsetten hie dus dy hat hjoed noch efkes 10 oeren oan't strontriden west. Wyls ha ik waskjes draait, iten siert, 
ferhalen skreaun etc. Oan'e ein fan'e dei doe Syb hast klear wie, kaam Syb noch mei in ideetsje. Hy soe it ien nei lêtste bakje stront fuortbringe en undertusken mocht ik worlis besykje mei de verrijker om in bultsje stront by de oare bult te krijen.
Ik wie moai allinne en ik koe net folle slope dus ik ha de learzen oanlutsen en bin der foar sitten gien. No koe'k it moai rêstich oan leare en útprebearje. Nei efkes ompielen en in pear kear de bak precies de oare kant útdwaan dan de bedoeling is, slagge it aardig!
Ik ha der sels in filmke fan makke doe ik it Syb wol efkes sjen litte soe (komt op'e site of stiet der al) en Syb hat letter ek noch in filmke stjoerd hoe ik syn bak fulde. JOEHOEE ik wie bêst trots op mysels! 

ohja, it wie wer núver waar hjoed. It klimaat is hjir sa op en del dat it op sommige mominten smoar hyt wie hjoed mar it hat ek behoorlik reint en fansels wer tongere. Wyls it sa tongere en hurd spielde wie Syb búten dwaande yn'e loads.
Noja loads, it is in dak mei 1 muorre, foar de rest is der iepen. Sa seach Syb ynienen dat de bliksem ynsloech op de stroomtried! Yn'e hûs ha'k dat ek efkes fernaam, in seconde as 2 foel ynienen alle stroom út en dêrnei wie't der ek samar wer.

Woandei: We binne hjoed in dei der op út! We sille souvenierkes skore foar de famylje thús, en warskynlik wie Queen Victoria Market dêr wol geskikt foar. Syb is der destiids wolris west mar t'is undertusken fêst feroare.
It is fan ôf de pleats in oardel oere riden. Pfff marja dat komt omdat we wer dwars troch de stêd moatte en it bêst wol yn't sintrum leit. We soene moarns healwei 9 ofsa fuort mar omdat der noch in oar interessant gefaltsje tusken kaam, wie it al 9 oere west foar 't we fuort wiene.
It ynteressante gefaltsje is in bist dat fannacht fongen is! Hjir yn Australië hawwe je namentlik bisten dy't yn holtsjes fan je hûs krûpe en der libje. Se binne opsich net ferkeard mar krekt as yn Nederlân wolle we soks leaver net omdat se onbewust 
faaks nogal wat skea oanrjochtsje trochdat se it hûs fan binnenút slope. Yn Fryslân hawwe we meastal dan ratten of mûzen, hjir binne se wat grutter. We hawwe it oer in possum. 
It bist wêr ik it in kear faker oer han hie omdat ik se nachts rjocht yn'e eagen oansjoen hie doe't we earne kampearden. De baas hie Syb frege of hy de fal sette woe sadat Possy de possum de boel net fierder slope soe.
Sadwaande hie Syb in fal meikrigen nei hûs en doe hy juns syn lêtste peukje opstekke soe stie der warempel each yn each mei de possum. De fal hie der noch net iens setten, mar wie miskien no net in raar idee. 
Sadwaande hiene wy fannemoarn in possum yn'e fal! It earme skattige bist siet der hiel rêstich en skattig te wachtsjen. De filmkes komme online! We hawwe him ek noch efkes fuorre want hij siet der dochs wol wat sneu.
We hawwe in kollega melden dat hy der yn siet, dy moast it fierder mar efkes ôfhandelje. We hawwe de manager earst mar net op'e hichte steld want dy wie warskynlik fan plan om him libjend oan syn hûn te jaan, dêr wiene wy it net sa mei iens.
No klear, 9 oere wy mei gang nei Queen Victoria Market. Om in lang ferhaal wat koarter te meitsjen. Ta grutte ergernis oan it drokke ferkear duorre it oeren langer, stiene we oeral fêst, paste ús grutte auto nergens yn in parkeargaraazje en gean sa mar troch.
Doe we eindelik ( om 12 oere pas!!) it daadwerkelike parkearterrein fan Queen Victoria Market opriden en parkeard hiene, bleek dat woansdei oerdei de merke net iepen wie!!! AAAHHH it stoom kaam hast út myn earen wei doe ik dat hearde.
Wiene we eindelik te plak, en foar neat ek noch! Syb hie ek noch de iepeneningstiiden tsjekt! Mar wat bleek, hy hie socht nei victoria market en dat is blykber wat oars as QUEEN victoria market. Nei efkes oerlis hawwe we besletten om Leendert efkes te beljen.
Syb hie noch wol in moai sintrum yn'e holle mar wist de namme net en dy koe Leendert ús gelokkich wol fertelle. Hy fertelde ek dat op woansdei de Queen victoria market oerdei net iepen wie, mar juns wol. Op woansdei is it night market, binne der minder stands mar wol 
in soad iten en muziek, hiel gesellich. Noja sadwaande binne wy nei Melbourn central west te shoppen en ta myn ferbazing wiene hjir wol in pear oare winkeltsjes as de oare shopcentra wat net sa myn ding wie. 
We hawwe ús wol fermakke. Sa hawwe we us er ferbaasd oer in winkel. We seagen fan búten in pear hiele koele bloeskes hingjen! Fan dy houthakkersbloeskes yn ferskeidene kleuren en der stiene ek noch leuke kleuren op.
We wiene al hielendal yn diskusje welke Syb kieze soe, of miskien wol 2? Doe seach ik ek noch in hiel stoer spikerjaske hingjen. Hij wie earlik sein wol hiel erg bewurke en like súver sa âld dat je ek sa tinke koene dat it in âld lel wie wat je fuort goaie soene. Hy wie smoarch en siet fol mei gatten.
Omdat it sa'n spesjaal jaske like wie ik wol efkes nijskjirrig nei de priis. POAAHHHH Doe fleagen ús hast de eagen út ús eachkassen wei! We hawwe gau de bloeskes ek mar efkes kontrolearre en jawol, dy wiene ek behoarlik oan'e priis!
In bloeske koste  mear as 400 dollar en de jas jawol 1495,-!!! Dat kin dochs net!! wa keaper soks no.. Doe hawwe mei in soad wille en ferbazing troch de winkel hinne west om te sjen hoe djoer it oare guod wie en hawwe ús der slop om gniist. Alderferskuorrendst!
We hawwe sels noch efkes oan't gamen west yn sa'n spultsjesaak. In soad fan casino achtig iets mar dan mei allerhande kermis spultsjes. Nei dat sjokken en sjouwen hawwe we earst mar in oerke oan't opladen west foardat we 5 oere nei de night market giene.
LEUK man! allegear originele dingen te keap! En dan sjogge je dochs dat Melbourne wol in hippy stêd is. In hiele soad zeer spesjale klean lit ik it mar sa neamme. Ik hâld sels ek fan aparte klean, mar dit gie my te fier. 
Ik hie it noch wol leuk fun om Syb yn túnbroek te krijen (Leuk foar rock'n rol!!) mar Syb TOCHT der net oan! Mei souvenierkes bin we net fier kaam, allinne wat foar Beppe gelokkich.

Ohja, de possum is juster in ein fierderop frij litten troch de Urugyuaers, gelokkich mar. Al fertelden se ek dat der warskynlik NOCH in possum yn't dak siet, dus dy moast ek noch fongen wurde.

Tongersdei: Hjoed wer efkes lekker in dei thús. Leendert Pieter komt hjoed miskien ek efkes del omdat dy tafallich in putsje yn'e buert hie en warskynlik wol optiid klear wie. 
Ik ha hjoed de baas ek noch efkes holpen oan in pear nije backpackers foar't wy aanst fuortgean en Uruguay ek. Ik tocht dan help ik lyk ek wer wat Nederlânders oan in baantsje. Ohja, hjoed hawwe we wat leuks krigen. 
EINDELIK... want we wachten der al 10 dagen op! We hawwe eltse dei soarge dat der immen thúsbleaun om ús pakketsje te untfangen en te tekenjen mar it pakketsje kaam mar nea. Ik waard der hast wat kribbig fan!
Juster krigen we moarns in sms dat der dy dei komme sei, pear oeren letter dat der toch net komt.. En sadwaande soe der hjoed dan WOL komme.. Ik siet hieltyd foar't raam te wachtsjen om it pakketsje mar net te missen. 
Krij'k in smske dat it pakketsje ôf te heljen is yn in pear doarpkes fierderop! Dat mienst net!! Se ha net iens de moeite dien om it hjir te bringen en WOL in briefke yn'e brievenbus dien samen mei de post. Núvere gewoantes hjir yn Australië.
Mar klear, Syb wie oan't boadskipjen dus hat it pakketsje op de weromreis ophelle.. No binne jim fansels nijskjirrig wat der yn siet. No, jawol.. we hawwe ús hiel makelik oanpast oan it iten hjir mar ik miste 1 ding dochs hiel erg.
En doe we dat op in site bestelden seach Syb ek iets wat der hiel erg miste. We hawwe sinds hjoed HAGELSLAG en SANDWICHSPREAD! JOEHOEEEE ik miste myn hagelslagjes sa erg dat ik middeis al sin hie oan it juns bôle iten! Haha ek Syb wie tige bliid mei syn sandwichspread.
Wat kin in mins dan bliid wêze mei iets simpels as hagels :D

Freed: Fannemoarn binne we efkes nei Druoin west, wat lêtste boadskipkes sa as bier en Jagermeister. Wyls bin ik efkes nei de kringloop west om te sneupen en ha dochs samar wer leuke en praktische dingen op'e kop tikke. 
Foar 20 dollar hie'k in hiele bult spul, o.a. 2 leuke souvenierkes! Tsja dat hien je net ferwachte by in kringloop mar dit koe'k net hingje litte, hielendal net neidat de famylje juster oan'e tillefoan sein hie dat we net tefolle drokte ha moasten om souvenierkes.
Mar dat ik soks leuks fine soe hie'k net tocht. Fansels sis ik net wat it is ;) Ek ha'k noch efkes in ekstra koarte en lange broek want dy lange broek ha we hjir dochs faker oan as ferwachte.
Middeis hawwe we rêstich oan dien omdat we fan ôf moarn wer wurkje.

Sneon: Hjoed wer oan't wurk. Nei it melken kaam de baas mei it idee dat Syb miskien wol mearne koe op de geitepleats (hjir 25 minuten wei) Der moast mearnt wurde en der wie op dy pleats gjin oare backpacker dy mearne koe.
Sadwaande moast Syb mar yn'e auto nei 'Tref' (sa hjit de pleats) en waarden Juliana en Federico frege om middeis mei my te melken en te fuorjen. Syb fun it bêst in moai putsje en is gau op paad gien. Ik hie noch sein dat der efkes bôle mei nimme moast,
mar dat wie noch befêzen dus dat koe net neffens him dus hy is mei in flesse wetter en in banaan ôfsetten. Hy kaam úteindelik pas juns let werom en wie doe fansels ferhipte hongerig. 14 oeren wurke en allinne mar ontbijt han en in banaan. Oepke..
It melken gie fierder bêst mei Federico en Juliana al baalde ik wol as in stekker doe 't se by it skjinmeitsjen fan de hiele rotsooi beide útnaaiden om te fuorjen. Federico is net sa'n bêste trekker sjauffeur en kin dus ek fan gjin meter achterút ride as der wat efter de trekker sit. 
Juliana moast dêrom helpe troch links en rjochts te roppen. Moai betocht, mar ik hie behoorlik skjin myn nocht omdat de rest fan't skjinmeitsjen en spjillen no allegear op my oan kaam. Ik hie juns dan ek wol behoorlik myn nocht.
Juliana en Federico fregen of ik ek meigie nei de bbq dy op'e oare pleats wie mar ik ha der mar foar bedankt. Syb wie ek noch oan't wurk en dy hie doe der eindelik thúskaam ek wol syn nocht dus we binne moai thúsbleaun.

Snein: Net hiel folle spesjaals hjoed. Der wie eins net folle wurk tusken it melken troch en Syb fun it ek wol efkes prima nei sa'n lange dei as juster. 

Wy wurkje hjoed (snein), mandei en tiisdei noch. Dan 2 dagen frij en dan freed en sneon de lêtste dagen wurkje! Snein sille we warskynlik efkes bykomme, spul ynpakke en miskien in lyts ôfskiefeesje want dan gean we wer fierder!
Dan is it alwer maart en giet eins ús lêtste moarne alwer yn. We gean begjin april werom mar dy lêtste dagen fan april sille wol yn teken stean fan auto ferkeapje etc. 
Dit wie it no earst mar wer foar dizze wike! Ohja, ik sil aanst wer wat filmkes en foto's der op sette!

Foto’s

1 Reactie

  1. Marianne Boersma:
    23 februari 2020
    Leuke ferhalen,foto's en filmkes! Jim belibje wer in soad,noch in noflike tiid!
    Groetnis Marianne