In dankbere dei mei in wiet en sliepeleas einde

20 maart 2020 - Hoppers Crossing, Australië

Noch 3 dagen yn Australië. Sa as ik al sein hie soene we ús bêst dwan om der fan dy lêtste dagen it bêste fan te meitsjen, no en dat gie bêst moast ik sizze. Moarns hawwe we earst ús kampeerspullen op gumtree setten en dernei in oer as 10 underweis! Ik woe saaaa graach noch it reizig en kampeargefoel hawwe dat ik Syb oerhelle ha om hjoed in eintsje te riden en wat moais te sjen. Natoer fansels, want we moatte net de drokte yn om de kâns grutter te meitsjen om besmet te reitsjen! En jawol, fannacht sille we dan dochs noch in nachtsje kampeare!! We moatte der wol wat foar oer ha, want we moatte 6 oere moarns ride. Oars komme we net optiid by de dealer om de auto te bringen, dan komt der noch by dat we earst snel noch nei Leendert syn hûs moatte om it lêtste kampearspul, matras etc der út te heljen. Want hy moat fansels kompleet leech levere wurde. Ik ha ondanks alles in bêst sin, want ik ha der sin yn! Syb moast efkes op gang komme fannemoarn mar nei in skofke underweis krige dy ek wer praatsjes. We hawwe sels pim-pam-pet underweis dien mei ús speciale ûnderweis editie.

We binne wer in eintsje fan de Great Ocean Road riden gien mar no de oare komt om. It núvere mar júst ek moaie is dat ik it allegear efkes ervaar as is it in ekstra kâns dy we krije. Want ondanks al it negatieve fan it foarige berjocht prebearje ik de moaie punten op te sykjen. We moatte plotseling fuort mar we ha wol de mazzel dat we noch 3 dagen hawwe om ôf te slúten. Fan't selde hiene we per direct fleane moatten, dan hiene we dizze dei net mear fuort kinnen. Dus alles wat we sjogge en dogge fielt ynienen as ekstra en dat makket je dankber. It wetter liket noch helderder blau, de kliffen noch reader en heger en it útsicht noch moaier. We hawwe yn Anglesea efkes wat lekker iten en doe troch nei Lorne, tevens it eindstation fan hjoed.

It is hjoed benauwd waar, mar dochs ride we mei de ramen iepen en net mei de airco, want we wolle op dit stuit leaver genietsje fan de hitte. It is wol hielendal potticht yn'e loft dus moai waar liket it net, mar it is gewoan hyt. We betinke dan ek dat we wol efkes by't strân sjen kinne. Ik merk op dat ik jammer genôch myn bikini net meinaam hie, wa hie der ek tocht dat we swimme soene hjoed! Mar hjoed dogge we net dreech en komme we al snel ta it beslút dat ik wol yn Syb syn ekstra swembroek kin en yn myn bh. It sjocht der net út, dat is seker, mar ik ha der hjoed efkes skeit oan! Fol goeie moed rinne wy it strân op en it wetter yn.. OEPSSS dat wetter is wol HIIIIEEEELLL kâld!! Ik beslút dat ik oan't myn enkels der yn gean en fierder mar net. Fansels rint Syb dapper fierder en ik wol eins ek net in mietje wêze hjoed! Dus we rinne wat fierder, oan't de knibbels. We hawwe it beide ferekte kâld en fiele ús fuorten hast net mear, alsof it hast iis-wetter is, SA kâld! Nei in skofke elkoar op te ruien hat Syb besletten dat hy kopke ûnder dûke sil! Ferdikkie, wist wol hoe kâld Syb! Hiel efkes is der striid yn myn holle. Ik hâld HIELENDAL net fan kâld, hâld net fan wiet en sâlt hier as ik net douche kin nei it swemmen, en we kinne ús eins nearne ferstjoenlik omklaaie (allinne sittend yn'e auto). Mar dochs baarnt der ek wat yn my, de adrenaline dat it allegear de lêtste kâns is, en dat we safolle mooglik geniete moatte en nearne spyt fan krije. IK GEAN MEI! 1, 2, 3, dûk.... AAHHHHHH hahahha jim wolle net witte hoe ik it by elkoar gilt ha, lake en hysterisch. Wat hiene we in wille, it wie noch folle kâlder dan we tochten. Myn hert stie hast stil fan skrik mar we ha it dien!! Hahaha, wat in kick! It fielde hiel efkes alsof ik de hiele wrâld oan koe, as ik dit koe, dan koe ik wol mear! Hahaha.. We hawwe dernei noch in pear kear der yn dûkt, elke kear wer in kick, dit wie wol ferekte stoer!

Neist ús komt in stoere frou it wetter yn rinnen. In frou mei sa'n blik fan: Ik doch dit eltse dei, dit is in makkie. Se dûkt it wetter yn en komt lyk wer omheech sjitten!  Neidat se wer sykhelje koe sei se: I've been sky-diving this morning, but this is harder!! Whahaha, machtig dochs!

Nei dit avontoerke hawwe we efkes lein te droegjen en dêrnei rjochting de gratis kampeerplak. Net gratis omdat we it jild der net foar oer ha, mar de gratis plakken binne mear kampearwaardig. Dan ha je allinne in wc, dy je net iens trochspiele kinne en foar de rest neat. We moatte fansels wol it ultieme kampeargefoel hawwe dizze lêtste kear. We ha hearlik efkes spultsje dien en wyls kamen der noch prachtige gekleurde fûgels by ús sitten. Ik hie ek ferhipte sin yn it iten wat we meitsje soene. En ik moat earlik ta jaan, it wie ek noch ferekte lekker wurden!! Wat ha ik ha genoten! It spitige wie dat it de hiele jun sa no en dan reinde, mar earlik sein koe my dat net safolle skele. Ik woe my troch niks en nea út it fjild slaan litte. Doe we it iten op hiene kaam der earlik sein wol efkes in hiele fikse bui, mar krekt op dat momint betocht Syb him dat we in paraplu yn'e auto hiene! We hawwe dat ding noch nea brûkt mar ynienen sjitte it him te binnen dat dy der earne lizze moast.

It wie in moaie dankbere dei sa jim troch hawwe. It einde fan dizze dei wie allinne foar my wat minder. It is freed op it momint dat ik dit ferhaal typ en ik kin jim fertelle dat ik wurrich bin want ik ha net mear slipt sinds woansdei te nacht. Hoe it komt, Joast mei it witte, mar ik ha fannacht GJIN tel sliepe kinnen. Ik fielde my misselik en hie ien fan de heftigste migraine oanfallen oait. De earste oeren koe ik der noch wol mei libje. Mar de pine holle waard hieltyd heftiger en dêr waard ik beroerd fan. Ik ha in pear kear nachts wat ynnaam mar pas healwei 6 fielde ik de pine holle wat fuortgean. Doe ha'k it lêtste healoerke ek mar net mear myn bêst dien om prebearje te sliepen want oars bin ik hielendal fan'e wrâld as 6 oere de wekker giet.

Om in oer as 4 ha'k de mobiel der noch efkes bypakt. Je witte op't lêtst namentlik ek net mear hoe je lizze moatte en in dom spultsje op'e mobiel makket my faaks wol wurrich. It stomme wie dat ik no it internet oan die en in pear berjochtsjes binnen krige. It internet hjir yn'e bergen is wol dermate slecht dat ik sels gjin berjochten stjoere koe en sa no en dan hie'k mar in pear sekonden ferbyning. Dochs seach ik sa fluch wol in berjocht foarby kommen fan immen dy't my warskôge omdat hy heard hie fia fia dat it luchtruim freedtenacht tichtgean soe. HUH, lês ik dat goed?? Klopt dat?? Dat soe betekenje dat we te let binne mei ús flucht snein! Noja, jim kinne wol foarstelle dat ik fansels alle scenario's al efkes úttocht hie. Pear oeren letter bleek dat it gelokkich mei foel en dat it warskynlik gie om it feit dat der foaral gjin nije reizigers mear binnen komme meie mar allinne minsken dy't nei hûs gean. Fansels wol hiel leaf dat der oan ús tocht waard en it ús efkes melden waard! Syb hat btw lekker koest, yn elk gefal 1!

Fannemoarn hawwe we ús auto fuortbrocht nei de dealer. Ik ha de auto noch efkes in skouderklopke jun dat der ús altyd feilich te plak brocht hat. We mochten sels noch in kenteken plaat meinimme, dit wie fansels wol in auto mei aventoeren!

Hjoed in bytsje as in zombie bijkomme fan de drokte en hooplik komt der noch immen lâns om wat kampearspul oer te nimmen!

Ik moat ek noch efkes werom komme op ús positieve dinkje fan juster. Ik hie sein dat it yn ús foardiel wêze soe dat de dollar no mear wurdich is as de euro, mar dat hiene we ferkeard, it is júst krekt oarsom! We moatte it lêtste bytsje jild dus NET werom stoarte want we krije der júst no minder om!

wurd ferfolge....

Foto’s

1 Reactie

  1. Geartsje:
    20 maart 2020
    Spitich dat is no sa rinne moat... mar ek der sil wol wer n reden foar wêze. No bist yn elts gefal thûs foar Geeske har jierdje! 🥰 goeie reis nei hûs