Fan in kapotte auto nei in dikke poat dy't net mear rinne kin.

8 februari 2020 - Melbourne, Australië

Dizze kear beskriuw ik mar net eltse dei apart, mar gewoan in gearfetting fan ôfrune wike.
Ik hie foar mysels al in skofke it gefoel dat ik efkes ta wie oan in break fan alle drokte. Efkes alles op in rijtsje sette.

Dus sadwaande dat ik in oantal dagen allinne op paad soe. Ik hie mei de baas sprutsen, dat ik der warskynlik foar ien tsjinst net wêze soe mar dêrfoar hie'k ek al in oplossing. Sara, it famke wat krekt by ús yn't hûs wennet mar op de oare pleats wurket, woe myn dagen wol melke. 
De baas hie der wol begrip foar. Dus sadwaande ha ik wat spul ynpakt en hawwe we de auto klearmakke. Ik sil earst nei in airbnb en as ik wol, sil ik miskien kampeare yn myn uppie. Dus der moast wol wat guod mei. Mandeis binne we earst moarns tegeare nei Narre Warren west.
In wyk yn Melbourne, wêr we efkes shoppe soene. We binne gesellich fuort west! Nei dit uitje tegeare soe ik begjinne mei myn aventoerke yn myn uppie. Op de weromreis begun de auto ynienen te piipjen, Syb hie lyk yn'e gaten dat it de accu wie dy te leech wie. 
We binne noch wol moai nei hûs ta riden, mar ien kear dêr woe de auto net mear starte. Syb hat lyk fanalles prebearre mar it slagge jammer genôch net. Ik ha de man fan airbnb mar ôfbelle, hy woe wol helpe mar koe ek net folle dwaan fanút syn hûs. Dan moarn mar myn aventoer begjinne.
Oare deis is Syb lyk mei ien fan de Dútsers (dy't noch efkes 1 nachtsje by ús wiene om ôfskie te nimmen omdat se hast nei hûs gean) nei Melbourne riden nei in auto dump. Dan koe der dêr in nije dynamo út in auto helje en dan soe it wer klear wêze moatte.
Sadwaande.. It like allegear prachtig want it slagge! Ek hie Syb de dynamo der binnen in skofke alwer yn en starte de auto wer. Jammer genôch foel der ek like hurd wer út, en woe der dêrnei hielendal NEAT mear. 
Om in lang ferhaal koart te meitsjen. Syb hat de hiele dei fanalles oan't prebearjen west mar sûnder sukses. Ik ha de airbnb mar wer ôfbelle want ek hjoed waard it neat. Oan't begjin fan'e jun kaam Darren helpen. De kollega fan ús dy't ús foarige wike sneon meinaam hie der op út.

Hy hie gelokkich in sterkere en ekstra accu dus hoppa, gelokkich mei hulp fan syn auto krigen we it foar elkoar! Woansdei te moarn bin ik dêrom dan eindelik fuortgien. We binne earst noch wol efkes lâns de apotheek west om anti biotica foar Syb te heljen want dy hie undertusken wat lêst fan syn knibbel.
It wie al in pear dagen wat ferfelend, in núvere bult op syn knibbel.

Ik bin úteindelik yn Launging Place belânde, by Leon dy in airbnb hat. Ik hie ferwachte dat ik der allinne wêze soe. Ik hie al in pear kear mei him belle mar him noch net moete. Hy fertelde dat ik sa it hûs yn koe want de sleutel wie der al 30 jier kwyt. Doe ik oankaam stie sels it hûs gewoan iepen.
Hy hie al sein dat hij net thús wêze soe, dus ik wie earst allinne. Dat fun'k eins ek wol efkes noflik. Ik ha moai efkes omstrúnt en kaam der achter dat it in echt manne-hûs is. Hy wie ungefear op 10 plakken tagelyk oan't klussen en it wie best in gore bende yn it hûs. de lounge room en myn sliepkeamer wiene wol netsjes!
Sa sit ik in oantal oeren búten wat yn myn boekje te skriuwen en nei te tinken oer fanalles, komt der in auto en in man thús. Dat moast Leon wêze. Wyls hy der oan komt hâld ik al in ferhaal oer dat ik no eindelik in gezicht ha by degene mei wie ik belle hie en oer it prachtig grutte hûs. Hy sei net folle.
Doe frege ik mar út fatsoen wat der wol net allegear oan't ferbouwen wie. I don't know, wie it ienige wat der sei wyls der my oan siet te glunderjen mei in pear grutte eagen. Ik snapte der neat fan. Tot úteindelik dúdlik waard dat dizze jonge hielendal net Leon wie en dat hy EK in keamer hierde yn dit hûs!
Ah ok! dúdlik, domkop dat'k bin. Hy ferdween yn it hûs en ik siet wer bûten. Sa hear ik efkes letter ynienen fruolju stimmen út it hûs kommen. No snapte ik der neat fan, wêr kaam dy frou ynienen wei? doe ik nei de keuken rûn sieten dêr ynienen 2 Aziaten, dy amper acht sloegen doe ik harren seach.

Ik snapte der gjin reet fan. Wêr kamen dy minsken ynienen wei? Ik hie sels noch roppen troch it hûs as der immen thús wie, om der seker fan te wêzen dat dat nimmen wie.
Oan't ein fan de dei ûntmoete ik de ECHTE Leon. Hy fertelde my dat der op it momint 5 oare minsken wennen, en oare wike 7. Hy ferhierde syn hiele hûs en slipte sels yn'e garaazje. No moat it net mâler tocht ik, dat doch je dochs net??
Noja dizze man wol. Ik sil jim in lang ferhaal besparje mar ik ha Leon behoorlik kinnen leart yn dizze dagen. Hy is 63 mar in smoarge fiespeuk dy út is op jild en lekkere fruolje. As se no jong of hiel âld binne, as se mar knap binne!
Hy wie wol hiel behelpsum hjer! Dat moat ik der wol by sizze, want hy hat my in soad holpen. Want de auto wie wer opnij stikken doe ik by him wie. Ik koe gjin kant op en hy hat my oeral hinne brocht en my holpen. Earst syn buorman der by helle dy ferstan hie fan auto's en letter is der in pear kear mei my nei de garaazje west.
En tsja... jim wolle net witte wat út eindelik it echte probleem wie... eins sis ik it leaver ek mar net.. hehe.. Ik hie namentlik nei de reis nei de airbnb ta, de ljochten oanstean litten. En omdat de accu al wat in optater han hie fan de nije dynamo en it hiele gesodemieter wie der hiel gau leech.
Dus puntsje by pealtsje wie der eins neat mei oan'e han dizze kear. 

Leon hat my sûnder dat ik der om frege mei naam nei de berg, want dat die der faak mei alle backpackers om se de moaie plakjes sjen te litten. Sa riden we de berg op en kamen we bij in wettertap punt. It wetter moast hjir sa helder en fris wêze, elkenien yn'e omkriten komt hjir wetter heljen. It is frisser as wat út e kraan komt.
Omdat we net echt wat mei hiene, sei Leon dat ik mar gewoan wat drinke moast út myn hannen hy wachte wol efkes. By de wettertap wie in oare man dwaande om jerrycans te fullen. Mar hy sei lyk dat ik wol efkes tuskentroch mocht. Sa kamen we oan'e praat, de man wie hiel aardig.
Doe hy der achter kaam dat ik mei in man ûnderweis wie dy't ek in airbnb hie wie der lyk entûsjast. Hy hie namentlik in goed rinnende airbnb mar hy wie 60 jier en woe de boel ferkeapje. 
Sa run hy mei my mei nei de auto en begun in gesprek mei Leon. Leon is allinne in totaal oar type as dizze man. Leon wie totaal net ynteresseart en hie totaal de gek mei de man. Hy naam him hielendal net serieus en hie de iene nei de oare domme opmerking. 
Doe kamen sy fierder yn gesprek en fertelde de man dat der sa fol siet oer God. Ik ha net iens it hiele ferhaal folgje kinnen mar it kaam der op del dat de man sa gelokkich yn syn libben wie en dat der dat te tankjen hie oan God. Dy hie him dy moaie dingen yn syn libben allegear skonken.
Leon wie undertusken allinne mar út op de ex fan dy man. Dat soe dochs fêst wol in lekker wiif wêze en hy frege mar troch as se noch frijgesel wie no en woe eins wol witte wer hy har fine koe. Ik skamme my dea foar him. Ik wit wol dat hy allinne mar siet te stangen en te ruien mar toch, ik fun it behoorlik ûnfatsoenlik.
Oan't einde seach de man troch it rútsje my oan en sei: do lieuwst wol yn God seker he? Ik knikte en syn glimlach sei my doe wol genôch. Ik wit net wat it wie mar it wie krekt of sei dat iets fan: Dan bist yn elk gefal yn goeie hannen ek al sist mei dizze OETLUL yn'e auto. Ik ha my mar neat mear fan Leon oanlutsen en ha de aardige man noch efkes útwuift.

Wyls, yn dizze twa dagen ha ik fansels wol kontakt mei Syb han. Want dy hie no undertusken sa'n lêst fan syn knibbel dat de hiele foet fan heup oan't enkel dik is. Hy hie noch wol wurke mar de baas hie him no mar nei hûs stjoerd. 
Hy wie wol by dokter west, mar dy sei dat de anti biotica earst mar oanslaan moast. No is Syb eins meastal sa fan: Ik rêd mysels wol en hoech gjin medelijden, mar dizze kearen doe ik mei him belle kaam it wat oars oer.  
Doe ik him juns serieus frege as der woe of ik ek werom kaam om op him te pasjen en gewoan foar wat geestelike steun hat der dochs ta jun dat der it wol hiel noflik fine soe as ik werom kaam. No fansels ha ik mei gang myn spul ynpakt, it wie eins te let om jûn noch fuort omdat der ek noch stoarm komme soe, mar dan koe'k moarnier gau fuort.
Ik wie sowieso ek wol klear mei Leon. Ik ha my eins hieltyd wol feilich fielt hjer. Want oars hie'k lyk wol fuortgien, mar de manier wêrop hy praat en de grapkes dy der makke, fun ik freselik. Hy miende sels dat der geweldig wie.
Sels doe ik fertelde dat ik in blog skreaun joech der my in bryfke mei wat wurden hoe ik him dan wol omskriuwe koe: handsome, charming, funny, charismati, intelligent, delightful, really really good looking.. PFFF wat mient der wol net!!

Duzz ik bin werom nei de pleats riden en ha earst mar in lasagne makke foar de ziekenboeg. Want net allinne alle auto's op'e pleats gean stik foar stik stikken. Ek Syb is net de ienige dy yn'e lappenmand leit. It famke fan Uruguay hat in operaasje han en dy leit ek foar pampus op bêd. Tsja wol spitich dat ik foar sokke dingen no net betelle wurd, want op minsken pasje as se je nedich hawwe dat jout my dochs wol wer in goed gefoel.
Middeis moast ik lyk wer melke, mar de baas hie wol yn'e gaten dat dat net de reden wie wêrom ik werom kaam wie. Omdat Syb dochs net wurkje koe binne we dêrom de oare dei mar op paad gien, we hawwe Leendert en Stacey opsocht! Dus dêr sitte we no, oan' e oare kant fan Melbourne.
Syb kin noch rinne, wol wat mank mar dan ha je it ek sein. As it net langsem better wurd dan stjoer ik him hearder wer nei de dokter en oars moat der tongersdei wer om te sjen hoe it dan is.

Foto’s

1 Reactie

  1. Geartsje:
    8 februari 2020
    Pfff... jim belibje der wat!! Pas goed op elkoar 😘