Fraser Island en Kryst!

26 december 2019 - Gold Coast, Australië

Tongersdei: Fannemoarn wer betiid op paad. We sille hjoed nei Town of 1770 ride. Dat is in ritsje fan 6 oeren ofsa. We hawwe kampeart op in camping, mei in plakje oan it strân! Dizze camping wie behoorlik foller en drokker dan wat we normaal sprutsen sjogge mar dat komt omdat no hiel Australië simmerfakânsje hat. Juns hawwe we noch efkes genoten fan de ûndergeande sinne fanút ús 'tún' (it strân)
Ohja, juns soene we efkes in drankje helje by in terraske. We hawwe gesellich oan't kletsen west oan't we oprotte moasten omdat de saak slúten gie. Mar tagelyk wiene der ek 3 oare gasten dy't fuort moasten en dy't ús utnoegen om in bierke en in spultsje by harren te dwan. It wiene 2 australiërs en 1 kiwi (New Sealander). Dat like ús ek wol wat, sadwaande hawwe we mei harren de jun troch brocht.

Freed: Hjoed binne we earst nei it heechste puntsje riden fan Town of 1770. Dêr ûntdutsen we in lyts strântsje beneden de rots. Prachtig, want we wiene ek noch de ienigen dy dêr wiene. Dat is dochs wol wer hiel moai oan Australië. De moaie plakjes binne faaks hielendal net drok omdat der gewoan tefolle ferskillende moaie dingen te sjen binne en te min minsken yn ferhâlding. By ús yn Europa soe sa'n plakje fol stean mei toeristen dy't filmkes en foto's makken.
Hjirnei binne we nei Agnes Water riden. We hawwe efkes sjoen wat we hjir útfine koene en we ha besletten om in tour te dwaan op 'e moped! Wol hiele fette brommers, it fielde súver wat alsof in op in lytse chopper siet! We krigen earst efkes in training en dêrnei binne we mei in stik as 9 op paad gien. It riden wie best leuk en we hawwe kangaroos sjoen. Foar de rest foel it ús eins wat ôf mar klear hiel folle oars wie der ek net te beleven. 
Omdat we it nogal hyt han hiene yn de learen jassen en lange broek binne we op'e camping lyk yn'e see doken en hawwe we de sinne ûndergean sjoen wyls we yn't wetter swommen, moai!

Sneon: We soene nei 3 oerkes riden betiid nei Fraser Island. Helaas wie it net sa maklik en simpel as wy tocht hiene. We koene pas 4 oere middeis mei de ferry nei it eilân en it ticket koste en nogal 10 kear safolle dan ik sels tocht hie. Ek krigen we noch wol efkes wat nuttige ynformaasje oer hoe en wat op it eilân. Want earlik sein wisten we beide eins net precies wat ús exact stie te wachtsjen. 
Neffens Syb soe der hielendal neat wêze op it eilân, self net iens in wc. It soe echt expeditie Robinson wurde. Mar gelokkich wie dat net it gefal, want dêr wie ik net echt op foarbereiden. De diken wiene wol efkes oars dan ik tocht hie! Eins alles wie 1 auto breed, dus as je ien tsjinkomme moat de oare in útwei fine neist de dyk. Foar de rest is it puur sêft sân. Dat is foar de measte auto's dus wol in útdaging. Der sitte djippe gatten en grauwe bulten yn it paad dus je moatte hast stapvoets ride.
Oan de oare kant ek wer net TE langsem want as je ien kear stilstean wol de auto net mear ride. Gelokkich hat ús auto ús gjin sekonde yn'e steek litten. Syb baalde der eins wol wat om, want dy hie dat wol in útdaging fun. We hiene fansels wol lucht ut de bannen helle, mar by sommige oaren holp dat neat want der siet geregeld immen fêst.
It plan wie as we op it eilân oankamen om oer 40 minuten by it middelpunt fan it eilân te wêzen en dêr koene we wol oernachtsje, want it wie net ferstandig om noch fierder te riden waard der fan tefoaren sein. It wurd immers gau tsjuster, en we moasten útsjen foar de dingo's! Foar de dingo's waarden we oeral warskôge! 
It is in soart fan ferwyldere hûn, dy baby's en lytse bern wol opfrette kin. It is striks ferbean om ek mar earne iets achter te litten wat je ite kinne. We moasten mar efkes belje foar in sliepplakje, en dan wol ien wêr skoktried omhinne siet omdat it oars yn't binnenlân net feilich wie.
Hmzz súver wat creepy. Hielendal doe we der achterkamen dat we hielendal gjin bereik hiene. It wie dêrom ek de bedoeling dat we de plaatselike fêste tillefoan brûkten. Mar ek dy die hielendal NIKS. Undertusken wiene we al 100 kear hinne en wer riden, waard it al behoorlik donker, we wiene hongerig en hiene skjin ús nocht. We ha dus mar beslúten om illegaal in plakje te sykjen binnen it skoktried.
Ik moat sizze dat ik HIEL bliid wie dat it 'fenced' wie. We hearden namentlik fanalles juns, it wie echt midden yn'e jungle en oeral en nergens núvere en gelûden.

Snein: Fannemoarn wekker wurden op Fraser Island yn'e jungle. We wiene redelik betiid (foar 6 oere) want it is ljocht en no noch in bytsje út te hâlden qua temperatuur. Tidens ús ontbijtsje ontduts ik noch wol wat heftigs! We sieten krekt lekker te chillen wyls ik wat út't auto pakke soe en my dea skrok! Der siet op it raam fan de auto in HIELE GRUTTE MEGA spin!! (huntsman spider) Ik moat sizze dat ik uitermate kalm bleaun foar myn dwan! Sels Syb wie der ferbaasd oer en súver grutsk haha! Syb hat him mei in takje wer efkes yn'e bosken delsetten. Al wie ik doe wol efkes 2 kear yn paniek omdat der 2 autodoarren iepen stiene en ik net woe dat hy nei binnen fleach!!! Want dan hie ik net hearder wer dy auto oanrakke foar ik SEACH dat ie der út run.
Lekker begjin fan de moarn.. haha, dit wie dus toch wol ff oare shit sa midden yn'e bush. Op'e wc dy der wie sieten ek al redelik graue spinnen, goed yn'e gaten hâlde wyls je pisje! Hihihi..
Earst in lyts stikje hobbele nei lake mc Kenzie. Dat wie yn ien wurd perfekt fun ik! In mar dy't út reinwetter bestie. Dus it is lekker fris, net TE kâld, it is net sâld, it sân wie PRACHTIG moai wyt en sêft en it wie lekker rêstich op it strân. Hoe djip je ek swimme, kinst elkoar gewoan sjen bliuwe sa moai helder! As je as Australiër nei Makkum ta gean soene dan tink ik dat se it gjin momint overwege dat ranzige wetter yn te stappen! haha.. 
Jammer genôch hiene we net folle tiid omdat we noch fanalles mear woene hjoed. We binne wer in ein oer de sânpaden hobbele oan't we úteindelik útkamen by it strân. Dit wie moai, want no op it strân koen je lekker race! je mochten max 80 km per oere, en eltsenien ryd oeral en nergens om elkoar hinne. It ienige wêr je rekkening mei hâlde moatte is dat it heech en leech tij snel ôfwisseld en je dus sa no en dan net folle romte ha op't strân en hjir en dêr troch it wetter hinne moatte.
We binne nei in skipwrak riden hjoed en we hawwe noch by Eli Creek west. Dat wie in lyts beekje wat nei it strân streamde. Koest in paadsje folgje, opblaasbân mei under de earm en dy dan werom dobberje litte, lizzend op'e bân. Hearlik! Ik ha genoten. Foaral noflik as je witte dat der gjin rare bisten yn datselde wetter swemme en dat je gewoan oeral de boaiem sjen kinne.
We binne ein middei alfêst nei ús kampeerplakje setten foar jun. Dat wie dizze kear oan it strân. Wol krekt achter in lyts heuveltsje mar dat wie wol noflik. Prachtig! Juns noch efkes nei it wetter rinne en moarns wer as earste. It wie krekt as wiene we hielendal tegeare op it eilân, hearlik wat in rêst. Ienig neidiel is dat hjir nergens in wc wie... dus wildplasse mar wer..hehehe Je wurde der hieltyd makkeliker mei.

Mandei: We hawwe ús boattocht werom nei it fêste lân fersetten nei 3 oere middeis. Dus we koene noch efkes rêstich oan! Moarns wekker wurde oan it strân is wol prachtig, en omdat we yn de bosken stiene mei de auto wie it gelokkich noch net hyt genôch.
Nei in rêstich begjin, binne we wer it binnenlân yn gien. Dus wer opnij de hobbelpaden op en del. Ik moat earlik sizze dat ik al behoorlik myn nocht der fan hie.  We binne noch in kear nei lake Mc Kenzie west. No hiene we wat mear tiid en it wie noch steeds like prachtig en it wetter noch steeds hearlik!
Nei 2 oerkes chillen it lêtste stik hobbeljen en we binne wer by de ferry oankaam. Noch in oerke op it fêste lân foar we by ús sliepplak binne foar fannejun. It wie in moai plakje, gratis kampearplakje midden yn in doarpke mei wc en in douche. Wol efkes noflik nei in wykein Fraser Island, want we hoegden no net benauwd te wêzen foar dingo's of oare bisten!

Tiisdei: Hjoed wer 6 oere wekker en nei in ontbijtsje rjochting Gold Coast sadat we moai optiid oankamen foar Christmas eve by Leendert Pieter, Stacey en familie. Robyn (Stacey har mem) is in leave frou en hat in moai hûs. Se die my sels in bytsje tinken oan myn eigen beppe. Itselde lange hier, selde kleur en hat ek in knoet yn. It like my in moaie ervaring om hjir yn Australië ek in Krysttsjinst mei te meitsjen yn tsjerke. It wie efkes lestich om te plannen omdat we op Krystjun hjir in Krystdiner krije soene en op Krystmoarn in Krystonbijt. Dochs last minute bin'k om healwei 6 snel yn in lange broek sprongen om dochs fan te voren nei tsjerke te gean want it iten wie dochs noch lang net klear.
Ik moat sizze dat ik it wol efkes rete-spannend fun. Syb hat my der hinne brocht, nei in baptiste tsjerke. En ik kin net oars sizze as dat ik my super wolkom fielde! Ik waard mei iepen earmen binnenhelle. Se funen it prachtig dat ik kaam en der kaam al gau in Roemeenske frou dy't 12 jier yn Nederlân wenne hie neist my sitten. Sy wie hjir tandarts yn Australië mar woe eins wol graach werom nei Nederlân. De tsjinst wie ek prachtig, it joech my echt it Krystgefoel! Noch better dan ik hoopt hie! Der wie in band dy't spile, de drummer die de preek, bêrn lêsden út de bibel en we hawwe in hiele soad krystfersken songen! Dat lêtste wie foaral wol grappig omdat ik de ferskes normaal sprutsen yn 't Frysk of Nederlânsk kin. 
In goeie set dat ik it dien ha dus! De peek gie der o.a. ek oer dat der rein komme moast. Ik wie earst eins in bytsje teleurgesteld dat we no eindelik in Kryst ha soene yn de simmer en no giet it 3 dagen stoarmjen en krij we ûnwaar. Mar nei de preek wie dat kompleet oars. It gie namentlik ek oer de 'bushfires' hjir yn Australië. Dat se hjir it wetter sa nedig hawwe en dat families harren húzen kwytrakke binne troch it fjoer en oer it feit dat alle brandweermannen der alles oan diene en sels mei Kryst elkenien prebearen te rêden. Tsja, sa hie ik it noch efkes net besjoen. U
Undertusken begun it búten te stoarmjen en te reinen en we ha de hiele jun ûnwaar han. Syb hat my wer ophelle yn'e stoarm en doe hawwe we genoten fan it Krystdiner! Hearlik!! 
Syb ûntdekte helaas wol tidens it autoriden dat ús auto behoorlik lekt. Tsja, we hiene ek noch net hearder safolle rein han. It wetter streamde oer syn fuorten.. hmzz
Neidat we juns gesellich sitten hawwe en we eins mar hast yn de lekkende auto stappe soene om te sliepen kaam der dochs noch in moai oanbod. In freondinne fan Robyn wenne om'e hoeke, se hie wol romte oer en we mochten dêr wol sliepe. Se hie it ús al hearder oanbean mar dat funen we eins wat te gek. Mar no ús auto lekte wie it dochs wol in hiel fijn idee! We hawwe dêrom op in hearlik droech bêdsje koest!

Woansdei (KRYST!!) : Fannemoarn binne we starten mei in ontbijtsje! Croissant mei ham en tsiis en champagne!! Prachtig, sa hie'k noch net hearder starten mei Kryst.
Nei it ontbijt kaam ynienen de tafel fol mei cadeautsjes! Ik tocht sels dat se de cadeautsjes allinne mar foar de bern diene mar dat wie dus net it gefal. Wy hiene der sels gjin rekening mei holden dus hiene neat foar harren mei mar we hawwe wol in cadeau krigen! 12 ferskillende bieren fan oeral oer de wrâld. Thanx for that!
Oerdei hawwe we lekker oan't chillen west. Middeis en juns noch genoten fan hearlik iten!! Juns ha we tegearre noch in krystfilm sjoen en doe wie kryst alwer foarby.

 Tongersdei (boxing day!) : Hjoed begun de dei nogal min! Doe't we wekker waarden hiene we al in berjochtsje fan Leendert omdat wy fannacht wer by Wendy slipt hawwe. Der is fannacht ynbrutsen, syn mobiel, syn auto, 2 hântassen mei alle creditcards ensa. Pffff wat in nare streek!! en dat ek noch mei Kryst.. 
Se binne midden yn 'e nacht binnen west, wyls Stacey har mem gewoan op'e bank lei. Se hawwe gewoan alles om har hinne pakt en hiel specifiek dingen meinaam en lizze litten. De laptops leine der bygelyks noch gewoan. Pas doe se de auto fan't hiem ôfrôlje lieten en dy tsjin it stek klapte waard se wekker, mar doe wie it al te let. 
Gelokkich siet der yn in syn auto in systeem wat de auto tracere koe. Dus wyls se mei de plysje bellen koene se him precies fertelle wêr de auto wie en wêr der west wie. 
We koene fierder net folle dwaan, dus we binne dochs mar te shoppen west. It wie behoorlik drok mar we koene redelik ús paad fine en binne mei tassen fol werom kaam. Juns hawwe we wer gesellich en lekker iten by Robyn thús. Syb kin sich fan ôf hjoed wer syn grutte burd bijwurkje want hy wie syn trimmer kwyt en syn skearapparaat woe net mear oplade. Der kamen hast al komplete krullen yn syn burd hehehe..
Ik ha ek in nije hoed kocht, en sels in badmatsje en wcmatsje! Hahaha se pasten sa perfekt yn myn hús dat ik se net lizze litte koe..oeps.. mar efkes sjen as ik it miskien opstjoere kin.. Ohja en miskien noch wol it fijnste wat ik kocht ha: in better middel tsjin alle jokbulten! Want ik jokje my werkelik de hiele dei út elkoar. Leendert hat my ferteld dat it op de plakken by it strân warskynlik komt troch 'sand bugs'. Dy sjogge en hearre je net, mar litte lytse bultsjes achter dy FEREKTE jokje!
As we net by it strân binne dan binne it wol de musquito's dy my kompleet opfrette en de jokte bliuwt dagen hingjen en is net te hurdzjen. Syb bliuwt gelokkich besparre..(tink troch my)

Foto’s