De lêtste dagen 2019 en earsten fan 2020!

3 januari 2020 - Gold Coast, Australië

We hawwe freed hjir en dêr noch wat holpen om wat dingen yn Robyn har hús te fiksen. Wy ha wat guod kocht en Leendert en Syb ha wat dingen fikst. Sa as de skutting dy kapot riden wie en in nije brievebus want dy hie Syb perongeluk plat riden.  Al  sei Robyn dat elkenien dat al tig kear dien hie want hy stiet gewoan yn't paad), helemaal as je yn't donker achterút ride wyls je neat yn'e spegels sjogge omdat it kneiterhurd reint..
Foar de rest hawwe we in plakje oan't sykjen west foar âld en nij, mar dat is net sa maklik as we hoopten want alle plakjes binne al fersein. Noja der wie noch ien hostel beskikber mar dan sliepe we mei 14 op in keamer en moasten we de hoofdpriis betelje.. Dus warskynlik bliuwe we no oan't âld en nij mar by Wendy sliepen. We ha hjir in poerbêst plak, en wa wit kinne we wat werom dwaan troch iten foar har te meitsjen of har wat te jaan foar't we fuort gean.
Se hie ek al foarsteld dat se ús mei âld en nij wol bringe en ophelje woe nei it strân, dat funen we eins fierstente gek. Se is neffens my iets fan 72 jier as ik it begrepen hie, en we fine it al hiel wat dat we hjir leve meie.
Doe't Wendy seach dat Syb wol handig wie by Robyn hie se lyk wol wat klusjes foar him by har hûs. Sa kinne we tenminste wat foar elkoar betekenje!

We hawwe justerjun ek ôfskie naam fan Leendert en Stacey want dy hawwe freed op't lêtste momint noch harren auto werom krije kinnen en der sieten gelokkich in hiele soad paskses yn! Fansels net de creditcards en de mobiel mar alles wat je hawwe skeelt fansels wer in soad geregel! Sa as rybewiis ensa.
Se hawwe de dader ek fun en warskynlik ek oppakt. It wie in jonge fan noch mar 17 jier!! Hy die dit al folle langer en faker mar omdat hy noch jong is dogge se der hjir net hiel folle oan. 
We hawwe fierder de oare dagen net in hiele protte útfun. We binne efkes nei in merke west en mandei binne we nei Springbrook riden. Dêr wiene in soad wetterfallen by elkoar mar fansels moastest wol foar elke wetterfal in ein rinne.
Syb fielde him net echt superfit dy dei dus we hawwe it ússels mar net oan dien om 2 oeren te rinnen foar in wetterfal en binne allinne nei de Rainbow fall gien. Dy wie noch bêst wol moai eins. Al moat ik der wol by sizze dat de measte wetterfallen no net hiel folle foarstelle.
Ik fyn se prachtig hjer!! mar as je op internet sjogge nei plaatsjes fan dy wetterfal dan sjogge je wol in grut ferskil! Omdat it sa droech is op't momint komt der eins yn fergeliking mar in pisstraaltsje nei beneden.

Hjoed is it âldjiersdei. Mar dat bestiet hjir eins net, dus it is wat in dei sa as alle oaren. Se fiere hjir allinne juns newyears eve en moarn new years day. We hawwe it der efkes oer han en wolle dochs in byts âldjiersdei gefoel creeere, dus Syb is no nei de drankwinkel om wat alcohol te heljen ;)
We hawwe fannemoarn ek kaartsjes kocht op koarting sadat we 3 dagen nei 3 parken meie. Movie world, sea world en wet'n wild. Dêrneist meie we ek noch in moarnskoft op in cruise! no dan hawwe wy foarlopig wol wer wat te dwan ;)
Ik ha fannemoarn ek in bananebrood bakt! kompleet oars as thús fansels want alle ingrediënten binne hjir ek oars as thús. Dus it is noch mar de fraach as it úberhaupt bananebrood wurd! Hahaha.. Ik moat earlik sizze dat ik it wol wat miste om lekker útgebreid iten te sieren en te bakken dus ik meitsje der no lekker gebrûk fan no we in keuken en oven ter beskikking hawwe.

Middeis hawwe we beslúten om ús âldjiers jun te fieren by broadwater. Dat is in soart fan park wêr't Queen spylje sil mei allegear foodtrucks. Dat like ús wol wat! Noja it wie ek wol wat. Doe we der hinne runen funen we it al wat núver dat minsken sels in STOEL meinamen nei it park.. Mar doe we dêr oankamen bleek al snel dat we eins hast de ienigen wiene SUNDER stoel.
It like wol ien grut picknickplak. Allegear families sieten op stuoltsjes en kleedsjes mei harren gesicht rjochting it podium. It seach der wol tige gesellich út! Al hiene we dizze jun gau ús nocht fan it op de grûn sitten (want tsja, wy hiene fansels NET in stoel of kleedsje mei naam, wisten wy veel!) Dêr by kaam ek noch dat de band Queen behoooorlik falsk song! en om it noch erger te meitsjen.. alcohol wie ferbean!
Wy binne dochs wat oars went mei âld en nij haha... Mar klear, we hawwe der wat fan prebearje te meitsjen. De pizza fan de foodtruck wie hearlik! Doe we hast oan't einde (8.30 juns..) noch efkes nei de wc soene misten we ek noch it begjin fan't fjoerwurk! Noja, mar gau nei in oar diel fan'e stêd en fan ôf healwei 12 dan mar net mear nei de wc! Haha..
We hawwe úteindelik op it strân in plakje fun en dêr ha we ús deljun oan't 00.00. Dochs wol wat núver dat je allinne "happy new year" tsjin elkoar sizze en de rest fan je famylje/freonen noch mar ergens healwei de dei is..
We funen it nei it fjoerwurk wol heilig en binne mar wer op hûs oan gien. K'ljo dat we beide yn jierren net sa moai betiid op bêd giene. Net 100% nuchter mear moat ik earlik bekenne. Want we woene fansels wol efkes in drankje om it te fieren. Dus hiene we in flesse cola kocht en in flesse jagermeister. De cola flesse byfulle mei jagermeister en sa koene wy 'legaal' gewoan ús "cola" drinke ;)

Woansdei wiene we hielendal net katerig fansels! haha mar wol wat wurch. Om dochs mar net de hiele dei om te hingjen binne we middeis nei Tamborine Mountain west. We hawwe in skywalk dien troch de rainforrest. We moasten 20 dollar pp betelje en funen der eins gjin iene reet oan. We hawwe gjin enkeld libjend bist sjoen! 

Tongersdei de 1e dei fan de 3 parken. Hjoed nei Movie world Warner Bros. De achtbanen wiene wol machtig, mar de rijen wat minder. Foar de moaiste attracties stie wol in wachtrij fan 2 oeren of langer! We hawwe dochs mar hjir en dêr wachte mar we wiene hielendal dwarstroch doe't we wer thús wiene. Gewoan fan it stean yn'e sinne, wachtsjen en omhingjen.
Ohja doe 't we yn'e rij stiene seagen we ynienen in 'dragon lizard'! Lyk efkes in foto meitsje fansels. Wol apart dat je no samar sa'n ding tsjinkomme yn'e rij fan'e achtbaan en wyls je de rainforrest echt yn gean dat je dan neat sjogge! ;)

Freed, de 2e dei fan de parken. Hjoed Sea world, gelokkig efkes gjin oeren yn'e rij stean! Der wiene twa best wol machtige achtbanen, wêrfoar we amper 20 minuten yn'e rij stiene! Leuk begjin fan'e dei. Foar de rest koene we dizze dei moai op ús eigen tempo dwaan want it is mar krekt wat je sels sjen wolle.
We hawwe by de pinguins noch wol efkes lake. We sieten op in bankje te bôle iten, wyls we sieten te sjen nei in famylje mei lytse bern foar ús 2 heiten en wat lytse bern stiene tsjin it glêzen stek fan de pinguins. Wyls we dêr sitte, klautert in lytse peuter selsstannig út de bernewein, pakt in plastic fleske fan de grûn, rint nei it glêzen stek wat sa'n 1 meter heech wie, en dondert sûnder pardon dat fleske oer it hek! 
Ik ljo dat de measte âlders no wol efkes dúdlik makke hiene oan it bern dat dat fansels absoluut net koe! Want alles yn sa'n park draait ek om de sûnens fan de bisten en it omgean mei it milieu. Mar dizze heiten diene neat, se seagen it wol mar tsja, se koene der ek net mear by. Doe soene se fierder rinne, en seagen wy dat se in skoech ferlearen. It skuontsje fan it jonkje. Dus wy harren warskôgje.
Se sjogge om, rinne nei de skoen, mar warempel. De lytse peuter is sneller en foar't elkenien it betinke koe, HOPPA skoech ek oer de railing! We funen it fansels belachelijk dat dy heiten der neat oan diene mar we hiene wol sa de slappe lach om hoe it gebeurde, it wie in pracht gezicht. De famylje is úteindelik ôftaait, en it jonkje hat tink ik de rest fan'e dei op 1 skoech rûn ;)
Doe we thúskamen (alwer bek ôf fansels) kaam Wendy mei de fraach wannear wy wer fertrokken want moarn soe har famylje warskynlik komme en wie ús sliepkeamer nedich!  Fansels hiel begripelik dat soks foar giet! Mar wy moasten wol efkes skakelje, want dat betekend dat we jun noch ús spul ynpakke moatte en in sliepplak fine moatte foar moarn..  Noja we moatte mar sjen hoe it komt! Moarn de lêtste dei fan de 3 parken.. Wet'n Wild! (We binne eins al wurch as we der oan tinke! pfff 3 dagen achter elkoar parken besykje is dochs net hiel ferstandig miskien...hehe)

Foto’s