Oantal foto's fan Cairns

26 november 2019 - Cairns, Australië

Prachtige loft. It liket krekt alsof it brânt achter de bergen, mar it is de undergeande sinne. Der binne  hjir en dêr wol boskbrânnen mar dan sjogge we allinne wat rook.

IMG_20191122_182648

We binne 1 dei fuort west mei in tour. De tablelands yn. Prachtig gebied yn'e bergen, by Cairns mear it binnenlân yn. Der binne hiel soad wetterfallen!! :D

Wat we wol faker sjogge is dat se keale muorren moai opskildere hawwe. Al wie dizze muorre wol echt ien fan de toppers! Seker omdat der ek noch in Fryske ko op skildere stiet! 

IMG_20191121_123234

Tidens de tour kamen we bij de grutste 'curtain fig tree'. It binne beammen dy yn elkoar op groeie en harren takken nei beneden groeie litte.

IMG_20191121_120654

Tidens de tour hawwe we ek meardere kearen oan't swemmen west. It earste swimplak wie yn dit 'lake'. It wetter wie prachtig moai helder en lekker aangenaam waarm. Der stie allinne wol oeral in boerdsje dat der in krokodil siet wêr je foar oppasje moasten. Us tourguide fersekere ús dat alle plakken wêr we hjoed swemme soene 100% save wiene. De krokodil dy 't hjir destiids loslitten wie, wie  hiel ferlegen en wie gjin minske iter. Hy soe allinne fiskjes en soksoat guod ite. We ha lekker swommen wyls je dochs skerp om je hinne sjen bliuwe! Hielendal doe't we der mei syn 10 yn leine en der 5 meter fierderop ynienen nuvere golven en bubbels nei boppe kamen. Wat bleek, der wie in dûker, dy net boppe kaam en ús dochs aardig de skrik yn't liif joech.

IMG_20191121_093000

IMG_20191121_092741

By de swimpool yn Cairns kamen ynienen sa'n 40 jongens yn uniform fan skoalle oansetten. In hiele ynfaasje. Warskynlik hiene se gymnastiek ofsa en mochten se efkes swemme. Efkes letter in groep fruolje, yn in oar uniform. Syb fertelde my dat hjir famkes en jonges skoallen binne, ha ik ek wer wat leard!

IMG_20191120_134703

De skieding tusken strân en swimmingpool. Op it filmke fertel ik wêrom der gjin kop op it strân leit.

IMG_20191120_132806

Dochs in moai plaatsje. Us auto yn'e jungle.

IMG_20191120_120336

Tidens in bezoekje oan de botanic garden en rainforrest fan Cairns kamen we ek in bamboebosk tsjin! gigantysk grut!

IMG_20191120_115810

It hat efkes dreech west om him op'e camera te krijen. Want hy fleach hieltyd fuort! mar we hawwe in dragon lizard sjoen!

IMG_20191119_083045

Dit binne noch mar HIELE lytse. Mar hjir en dêr binne gebieden mei allerhande 'bulten' yn't lân. It binne grauwe mierehopen. We hawwe se letter sjoen dy't folle grutter wiene, dan wiene it krekt olifantekonten sa grut! 

IMG_20191118_151139

Foto’s