De ôfskie bbq en wer op reis!

6 maart 2020 - Warrnambool, Australië

Bij foarbaat: wy dogge ús bêst om de nije foto's en filmkes op 'e site te krijen mar it internet is dermate min dat we it al dagen prebearje mar filmkes slagget net, mar we ha geduld ;)

Snein: Hjoed ús ôfskie feesje! Fannemoarn is Syb nei de winkel west om bier en sla. (de koallen foar de bbq wie der ferjitten). We hawwe fierder hjoed al ús spul wer ynpakt, noch 3 wasken draait, skifte en fersamelje en de auto wer folstopje en de grutte bak wer mei de trekker op it dak setten. 
Syb wie moarns fuort west om bier en sla, mar wie de koallen foar de bbq fergetten. Dus mar in pear gasten freegje of sy ek koallen hiene of dy noch helje woene mar de iene nei de oare melde dat se dy net hiene en net mear by in winkel lâns kamen.
Sadwaande soe Syb in healoerke foar't feesje begjinne soe dochs mar nei Drouin fleane om self koallen te heljen, gelokkich belle Lina foar der it hiem op ried dat sy wol koallen hie! Gelokkich! Se fertelde ek dat we ús
net drok hoegden te meitsjen oer genôch iten of drinken want sy namen genôch spul mei, inclusief de bbq. Se wiene der allinne net lyk om 6 oere mar iets letter. Noja fansels gjin probleem. Sa kamen run 6 oere kollega's Paul en Darren mei syn frou en pake sizzer.
Letter ek de Uruguayers en Earl. It wie bêst gesellich moat ik sizze. We krigen allinne nei in skoftke wol behoorlik sin yn wat, want Lina liet mar op har wachtsje mei de bbq! Foar ús wie it feesje noch lang net foarby mar 
Darren en syn frou hiene it famke fan 7 jier ek by harren en dy moast fansels moarn wol wer nei skoalle. Sadwaande ha'k mar woarsten yn'e panne oan't bakken west en hat Syb wat pizza yn'e oven dien. 
We koene ús gasten fansels net mei honger nei hús gean litte. 6 oere begun it feest mar ik ljo dat Lina en Math pas in oere as 8 oankamen setten, foar de bbq daadwerkelik waarm wie, wie it 9 oere west, de earste gasten al fuort en hiene we ferekte honger!!
Mar klear, better let as net en elk fermakke sich bêst dus dêr wie ik hiel bliid mei. Ik bin sels in oer as healwei 12 op bêd gien, kapot troch alle indrukken en gesprekken. Syb is in pear oeren letter kaam, hoelet wist der net mear.
Wol witte we beide dat it in heftig nachtsje wie! Syb lei noch mar in kertierke op bêd en doe begûn it drama. Hy fielde him sa siik, de earme siel hat de heale nacht boppe de wc hongen. It lêtste stik fleis, wêr ik net mear fan han hie mar wat wol in oere ofsa op'e bbq lein hie,
wie ferkeard fallen by Syb. Hy hie him yn tiiden net sa siik fjilt. Ik realisearde my letter dat it wol hiel núver en tafallich wie. Us earste nacht yn Cantani ha ik de hiele nacht boppe de wc hongen en my ferskrikkelik siik fielt omdat ik wetter dronken hie wat net koe,
no de lêtste nacht yn it hûs yn Cantani hat Syb sich sa siik fjilt.

Mandei: In redelik gebroken nacht. Ondanks dat ik neat foar Syb dwan koe, wie ik wol hieltyd wekker want ik woe witte as it allegear goed gie. Sadwaande binne we net moarnsbetiid fertrokken wat de planning wie. 
Syb hat noch efkes langer koest en wyls ha'k de bende fan it feesje mar efkes opromme. Earl wie as lêtste seine se, mar hie alle ljochten en sels de buten doarren wagewiid iepen stean litten, lekker bezig Earl! 
Haha, mar klear binnen in oerke hie'k de boel wer oan'e kant en wie Syb undertusken ek wekker en woe der wol út omdat der honger hie! SO, tocht ik, dy is behoorlik opknapt! Ik hie eins al yn myn achterholle dat it hjoed neat mear wurde soe.
Syb kaam moai oan'e ontbijttafel sitten en we soene lyk ek mar bôle smarre foar hjoed oerdei... 5 minuten, 2 stikjes bôle en Syb sei: ast it net erg fynst gean ik no efkes hiel hurd op'e bank lizzen. Ik fiel my tink ik dochs wat minder goed dan ik tocht.
Tsja.. hy woe graach op paad, mar it siet der gewoan noch net yn! Ik ha him mar efkes delbêde en it him út'e holle helle dat we hjoed nei Williamstown gean. Ek al soe der wol fit genôch wêze om der hinne te gean, hy wie gewoan net fit genôch om
der uberhaupt fan te genietsjen. It mantsje hat him dernei mar deljun, lekker tv sjen en allinne in bakje thee en in banaan op recept fan my ;)  Doe hawwe we ek noch efkes gesellich boer zoekt vrouw werom sjoen!
Fannemoarn hie'k ek wer in pear prachtige echte Peet mominten. Lekker ûnnoazel wyls it goed bedoeld wie...
Ik run efkes nei búten en doe kaam Juliana der krekt oan op'e bike. Ik soe efkes hifkjes hoe it mei har wie en doe fertelde se dat se in ledder helje moast foar Darren, mar se koe gjin ledder fine. Dus ik har efkes helpe sykjen en doe funen we in hiele lange útskow ljedder.
We seagen elkoar oan: Dizze dochs net? Mar we koene ek gjin oare lytsere ljedder fine, mar hoe koe Darren ferwachtsje dat Juliana sa'n lange ljedder meinimme koe op de quad? Sa seach Juliana my op har beurt freegjend oan: would you please help me??
Fansels! Haha, dit koe noch moai wurde ek, ek al run ik yn myn nije klean en wie ik yn Syb syn kisten stapt. We soene tegearre dy ledder der wol efkes hinne ride op de quad. Juliana achterop en dy prebearre de ljedder fêst te hâlden wyls ik foarop siet.
It is yn principe mar 500 meter ofsa, mar it wie no in hiel ein. Hiel stadich want de ljedder wie aardig swier en we hiene de measte wille yn'e bochten omdat ik hast net stjoere koe omdat it stjoer net om koe troch de ljedder. We hiene noch dikkere wille doe Paul en Darren ús oan 
seagen kommen. Se sille wol tocht ha: FRUOLJU ek!! haha.. Darren kaam laitsjend nei búten en sei tsjin Juliana: I SAID THE 2-STEP! not the big one! Haha.. Oeps..
Letter dy moarn seach ik ynienen de container auto stean by de buren en it flitste troch my hinne dat ús container noch net by de dyk stie! Ik ha gjin momint twifele, bin nei búten draaft op myn sloffen, de container pakt en mei dat ding oer de grindstiennen hobbele en draaft as in idioat
om mar op tiid te wêzen foar de container auto. Grutsk en búten adem stie ik in pear minuten letter (want it is noch wol efkes in lange oprit!) stie ik mei de container by de dyk en stoppe de auto foar myn neus. 
Seit dy kerel dea leuk dat de container auto fan MYN container fannemoarn al west hat!! AAAHhh
Syb fielde him no ein middei al in stik better en woe eins hjoed wol nei Leendert en Stacey ride, dan mar gjin williamstown mar dan binne we yn elk gefal in eintsje op wei. We hawwe ôfskie naam fan de Uruguayers en hawwe sels noch kennismakke mei de nijkommer op'e pleats. 
In Italiaan, en wat foar ien. Hy wie niks net benaud en hie my in bytsje in TE grutte snuvvet mei in te grut ego. Ik moat sizze dat der ús wol dankber wie foar alle tips en tricks dy we him snel ferteld hawwe. De eigenwize Italiaan hie himsels behoorlik heech en soe wol efkes allegear 
ekstra wurk dwan want hy koe alles hiel goed. Doe hy fuortsoe starte syn auto net. Hy frege Syb en dy soe him efkes helpe om de auto oan te lûken mei de trekker. Doe Syb gewoan eins hiel simpel mei it âld trekkerke syn auto oan lúts kaam de Italiaan ferbaasd de auto út en sei tsjin my:
Jeumig, hy kin wol aardig goed trekker ride he? Ik sa: huh, wattan? hy hat dochs gewoan wat hinne en wer riden, sa yngewikkeld is dat dochs net?? Wy komme potdorie fan in pleats en kinne wol gewoan op in trekker ride! 
Doe ik syn reaksje seach, hoe ferbaasd der wie hoe soepel Syb dat die tocht ik: Nou baaske! do krijst noch hiel wat foar de kiezen hjir, asto miendest dast alles sa goed koest en in trekker soepel hinne en wer ride blykber al in útdaging is, dan winskje ik dy sukses! Hahaha!
Wy binne efkes letter mar fertrokken. Hawwe op de hinnereis noch by Leendert syn wurk oan west en hawwe in rûnlieding krigen troch it Landpower bedriuw. Juns hawwe we hearlik genoten fan lekker iten wat Leendert makke hie!

Tiisdei: Hjoed wekker wurden by Leendert en Stacey. We bin hjoed nei de Queen Victoria Market west. Myn eagen giene iepen by de earste kraamkes, ik woe alles wol keapje! Ik seach allegear leuke souvenierkes foar elkenien wol wat!
Mar sei Syb: sjoch earst mar efkes fierder want der komt noch folle mear! Dus we binne earst mar de hiele merke oer west en seine by al it leuke hieltyd: ok, we moatte aanst mar wer de hiele merke oer sadat we dan precies witte wêr we it bêste en leukste helje kinne.
Noch efkes wat iten helje, en doe seagen we ynienen de minsken opromjen! Nee toch! Ja, helaas wol, de merke gie om 3 oere al ticht. We hawwe noch 3 dinkjes helle mar hawwe mar besletten dat we no witte wat der is, en dan kinne we oare kear wol wer ris hjir hinne! Haha..

Woansdei: Fannemoarn earst 3 oeren riden, op nei de field days yn Wimmera. Dit binne 3 dagen sa as de agrotechniek Holland dagen yn Nederlân. Grutte fielden fol mei trekkers, ark en soksoat guod. Dus hjoed Syb syn dagje.
It wie best wol rêstich omdat it grut wie, hiel wat oars as beurzen ofsa as je by ús binne en elkoar oer de bonken rinne. We hawwe hjir en dêr leuke gesprekken han, minsken freegje dochs wol gau ris wêr we weikomme en wat we hjir dogge.
In soad praat oer trekkers mar ek oer it boere wurk by ús thus en ek oer Austraalje. Syb is bliid nei hûs gien mei in nije 'CASE' pet! We hiene beide ek wol wat foar ús heiten thús meinimme wollen as souvenier mar dat giet wat dreech mei it nei hûs stjoeren.
Run in oer as healwei 6 binne we yn Horsham op in camping belanden. Súver wol wer efkes wenne om te kampearen nei sa'n lange tiid. It grutte ferskil is no dat it waar kompleet oars is! Meastal smolten we de auto út,
mar hjir yn't súden fan Australië is it frisser en it reint hjoed geregeld. It hat de hiele nacht trochreint, mar gelokkich foel it ús mei de temperatuur noch wat mei. 

Tongersdei: We koene net fluch de boel ynpakke want alles wie wiet nei in reinige nacht. We woene eins wat moaie foto's meitsje fan de auto mei de tinte omdat we de auto eins fannewike op gumtree sette wolle. 
Dan sette we him te keap foar oer in skoftke. Jammer genôch waarden it mei dit waar net echt moaie ferkeap foto's dus dat letter mar. We binne earst noch efkes lâns de Bunnings (gamma/karwei achtig) west om in ferlengsnoer 
en nei supercheap auto's foar nije rútewissers. Ik wol der noch leaver net oan ta jaan. Mar neffens Syb krije we dizze lêtste moarne folle mear rein omdat it no hjerst wurd en dan soene we it kacheltsje wolris brûken gean moatte.
Nei dizze oankeapen binne we op nei de Grampians riden. De Grampians is in natuurreservaat mei 2 bergkammen. Halls Gap leit dêr tusken yn, der gean we hjoed hinne. We hawwe wat omstrúnt yn Halls Gap, bakje kofje en thee mei gebak :D en 
dernei binne we op paad gien mei de auto om in wetterfal te besjen. Der binne hjir in hiele soad, mar der is op it momint mar 1 dy't no wetter hat om distiid fan it jier. We moasten efkes wat trepkes del, mar doe hiene we wol in prachtig moai sicht!!
Mc Kenzie waterfalls, prachtig!!! Ik kirge it sels noch op'e heupen om op in grutte stien te klimmen foar in moaie foto. Jim wolle net witte hoe ik piel ha om der wer ôf te kommen. Ik wie wol gangmaker die bliken want nei myn beklimming gie de iene nei de oare toerist ek de stien op.
Op de weromreis wiene we eins wol wurrich mar binne noch efkes stoppe by in útsichtpunt, we hiene der eins net sa'n hege ferwachting fan mar klear, dan hiene we noch wat dien. NOU! dat útsicht wie ten earste wol hiel prachtig!
Kinst hiel moai sjen hoe de Grampians der út sjogge fan boppe. Doe gie ik efkes googljen omdat we it der oer hiene hoe folle moaier it sicht wêze soe as it moaier waar wie en wat minder bewolkt. 
Doe seagen we warempel hiele oare foto's mei dit útischt! Wy efkes op'e strún en sa kamen we der al snel achter wêr dy moaie foto's makke wiene. Je moatte dêrfoar wol efkes oer in illegaal stek klimme en redelik gefaarlik op in stien sitten gean mar dan ha je wol in moaie foto! Haha!
Juns wer lekker op in camping ús deljûn, it is wol wat fris mar it reint jun gelokkich net! Ohja!! Op dizze camping rûnen bulten kangaroos!! Leuk om se ris fan wat tichterby te besjen!

Freed: We binne der achterkaam dat Halls Gap eins echt it ienige doarpke yn'e Grampians is. We hawwe noch efkes by de daam sjoen en in pear foto's makke mar dat wie dan eins ek alles wat we noch dien hawwe yn'e Grampians.
We tochten dat we miskien op de weromreis noch wat tsjinkomme soene mar nee, it wie allinne in dyk en nei in oerke wiene we de Grampians wer út. We hawwe sels noch in poging dien om in stiekum sydpaadsje te pakken.
We soene efkes in moai 4wheeldrive paadsje nimme. Nei sa'n 10 minuten hobbelje kamen we op in krúsing en 10 meter fierderop like it wat ûnseker. Efkes der út om te sjen, want we woene no leaver ek net hjir fêst komme te sjen want der is hjir eins gjin kop te bekennen.
Mar goed dat Syb efkes foarôf seach, want hy wenkte my al rap. Moast mar ris sjen, ik tink net dat we hjir lâns kinne sei der. Ik wit net wannear google maps de lêtste update dien hat, mar dit paad wie totaal blokkeart. De wiene in pear beammen dwars oer de dyk, 
stienen as kijen sa grut leine op de dyk en der flak efter wie der gjin dyk mear, mar in djip gat wat like as in soart fan rivier sûnder wetter. We binne dus mar achterút werom gien. 
Omdat de Grampians wat hurder foarby flein wien as ferwachte hawwe ús mar efkes fermakke yn Hamilton. Efkes sneupe yn wat winkeltsjes en dêrnei op nei Port Fairy. We hiene sjoen dat dêr in leuk FolkFestival wêze soe.
Dat like ús wol wat! In hiel soad artiesten en it wie it hiele wykein! We woene dochs noch graach ris in Australisch feest mei meitsje. We hawwe efkes sjoen, mar doe we de priis seagen binne we mar trochriden. In kaartsje foar in dei wie 195,- dollar!!! Nou bedankt!
Doe mar op nei Warrnambool, dat is it begjin fan de Great Ocean Road. Hjir hawwe we efkes wat iten en Syb hat in nij shirt kocht. Ik seach ek machtige shirts mei kij der op mar helaas wiene de shirts sa populair dat eins alle maten al op wiene, ferdikkie! 
Syb giet der wer fantroch mei de aankopen! Hjoed wer in camping opsocht, dizze kear midden yn Warrnambool in hiel lyts mar skattig campinkje: Holiday village! De man by de receptie liet moai op de plattegrûn sjen wer ús plak wie en dêrnei 
wees hy it gewoan oan troch it raam, want de hiele camping kin je gewoan oersjen fanút de receptie sa lyts.
 

Fan ôf dit wykein gean we de Great Ocean Road riden en dêrnei sille we wer efkes in pear dagen nei Leendert en Stacey!

Foto’s

3 Reacties

  1. Sijbe Wop Houtsma:
    6 maart 2020
    Prachtige mooie ferhalen. Noch mar lekker efkes genietsje. Groetnis.
  2. Wilma:
    7 maart 2020
    Wat wer in ferhaal! Leuk om te lêzen. Noch in soad wille it lêste skoft!
  3. Sjieuwke:
    10 maart 2020
    Leuk Peet, kinst wol skriuwster wurde, sa fermakkelik asto dingen fertelst, ha ha. Fijn dat jim Australië wêr yn gean om dit prachtige lân noch mear te besjen.