De reis fan súd nei Noard yn ús nije auto!

19 november 2019 - Cairns, Australië

Us earste doel freed doe we de auto eindelik hiene wie myn jas oppikke út it hostel (oeps dy hie ik lizze litten!  btw myn cowboyhoed leit noch op Bali.. )
En neidat we myn jas hiene, sa rap mooglik ut'e stêd wei! Oan'e râne fan Sydney hawwe we fia 'wikicamps' (in app mei allerhande handige plakjes lans de dyk) in natuurreservaat fun wer we wol sliepe mochten.
It dykje gie hielendal slinger de slinger nei de middle of nowhere. Noja der wiene wol wat minsken want der wie tafallich yn't selde gebied in bernekamp. En dy bern waarden der krekt allegear dropt.
Wy ha de auto op't parkearterrein dropt en it klear makke foar de nacht. We hiene eins wol ferekt soad sin yn waarm iten mar omdat der hast oeral in 'fjoerferbod'is meie we niks gjin iten klear meitsje mei ús gaspitsje.
Mar gelokkich hiene we noch in droeg stikje bôle haha.. noja better as neat.
wyls we oan dat lekkere stikje bole sieten waarden we al redelik gek fan de miggen en neven. Dy moatte op ien of oare manier non stop yn je eagen, earen of mûle fleane. It binne lytse migjes krekt as thús, allinne binne dizzen nogal wat brutaler want se gean net fuort en binne in stik brutaler en irritanter.
En fansels moasten de neven MY hawwe, en hie'k al frij snel oeral jokjende bulten (Syb bleaun kompleet besparre!) Doe we dêr oan ús hearlike iten sieten, stoppe der ynienen in auto by ús. It wie de RANGER fan it natoerreservaat. Wy hiene ús net oanmelden (nee klopt, we hiene belle, mar eins gjin berik)
Mar dizze Ranger wie in poerbêste kearl en fertelde fol trots oer syn gebied. We mochten fannacht wol gratis sliepen bliuwe, hy fertroude ús wol. Hy seach my wyls drok om my hinne slaan fan'e miggen en neven en frege of we wol spray hiene.. Uuuh nee, safier wiene we noch net.. we ha allinne in auto mei inboeden.
Nou doe helle der in moai middeltsje út'e auto en bleaun dy bisten gelokkich ff fuort. Doe begun der al frij snel oer alle bisten dy hjir komme koene en hoe wy ús foarbereide moasten.
Syb liet him al frij snel witte dat dat der om tinke moast wat der sei omdat der in bang knyntsje neist him siet, dy nogal angstig wie foar de Australische spinnen en slangen. Mar hy gie hearlik troch en lake súver doe we fertelden dat we fan plan wiene nei Cairns te gean, want der wiene noch folle mear gefaarlike bisten, foar de krokodillen.
Tige tank bêste ranger, ik sil fannacht net mear sliepe! haha
We ha úteindelik wol aardig slipt yn'e auto al wie it dêrbinnen mei ramen iepen noch steeds gefoelstemperatuur fan 50 graden.

Dei 2 fan de tocht: Hjoed begjint dan daadwerkelik de reis nei boppe! Fan Sydney hjoed eindige yn Narrabri. Underweis de earste kangaroo sjoen! noja hij lei dan wol dea, neist de dyk. haha.. Ik ha fan SYb leart dat dat in Road kill neamt wurd en doe we letter in platriden kangaroo midden de dyk seagen lizzen learde ik dat dat in 'roadpizza'hjit. 
Nei my hjiroer fernuvere te hawwen. Kamen we dernei noch sa'n 50 deaden tsjin lans en op de dyk.. Sa spesjaal wie dat dus dochs net. Mar klear, ik ha in kangaroo sjoen, dea, mar toch.
We binne hjoed net oan't kampearen west want it is sneon en jun moatte we de kaarten foar de Zwarte Cross fikse! dus goed internet nedig! We hawwe yn Narrabri in cheap B&B boekt en dêr koest. En de kaarten foar de ZC binne binnen! Juns iten yn in RSL restaurant. Dêr hawwe we ek wer wat nijs leard. Want doe it 7 oere wie en de sinne dus ûnder gie. 
Moast elkenien stil wêze, neist de stoel stean en waarden de veteranen betocht. We ha ús fertelle litten dat in RSL dus in organisaazje/gebouw is wêr veteranen terjochte kinne, en elke dei as de sinne undergiet wurd der efkes in momintsje foar stilmakke. Yn elke stêd moat in RSL weze, hawwe we ús fertelle litten.

Dei 3 fan de tocht (snein): Hjoed soene we betiid op paad, mar ik hie perûngelok de wekker ferkeard setten. Ferrek, no wiene we dochs wer let op paad. We hiene gratis ontbijt by it B&B. Mar dat hold net oer haha.. der wie drinken, bole en bûter, mar fierder eins gjin beleg....dan mar wat sûker op'e bole..
Hjoed fan Narrabri nei Springshire riden. We hawwe levende kangaroos sjoen!! En doe ik efkes letter self oan't riden wie, stiene de kangaroos ynienen by bulten under de beamen! Spitich dat je dan lâns sa'n dyk net efkes rap stopje kinne foar in foto ofsa. We hawwe trouwens sa no en dan it gefoel dat we hast allinne op'e dyk binne. Yn in oere komme we soms mar 3 tsjinlizzers tsjin.
We ha in soad útsicht, mar it is allinne mar brun/oranje fan de droegte en hjir en dêr wat beammen. Net hiel folle te sjen dus mar omdat je witte dat je miskien wol in wyld bist tsjinkomme kinne wurd it al wat leuker om nei buten staren te bliuwen.
By Springshire hiene we in prachtig plakje om te kampearen! We hawwe juns prachtig nei de stjêrren staart, en doe ynienen fleach der in bist fan achteren om ús hinne achter de auto. Syb hie him spotten, gau ljochtsje derby mar hy naaide gau út. It like in soart fan kat/wasbeer achtig bist. Hy die ús neat, mar ik skrok earlik sein wol wat fan it feit dat hy sich juns 7 oere al sa frij fielde om sa ticht by ús te kommen.
We hiene jun ek foar't earst de tinte tsjin de auto oan opsetten. Nachts waarden we wekker fan lawaai. It begun te waaien en it spul yn'e tinte dondere om, de tinte self lei ek redelik plat doe we wekker waarden.. Oeps, dochs mar op syk nei iets wat de boel sterker fêstsette kin.

Dei 4 fan de tocht (mandei) We hawwe hjoed wol de wekker om 6 oere! fan Springshire hjoed nei Townsville! Ik ha eins gjin idee mear as we hjoed wat belibbe ha. Ik wit wol dat it in saaie tocht wie. Der wie net folle interessants te ontdekken. It wie allinne wat spannend wannear it folgjende tankstation kaam want it wie eins non stop yn de onbewoonde wereld. 300 km foar in ôfslag. Dus oeren lang gjin internet of uberhaupt enig berik. Sels de radio hie der gjin sin mear yn. Ik tink dat it hjoed wol it saaist wie om te riden.

dei 5 fan reizigjen: hjoed it lêtste stikje nei Cairns! 6 oere de wekker sadat we betiid yn Cairns oankomme en noch tiid hawwe om eventueel noch om wurk te sykjen want de centen fleane ús út de bûse. Underweis binne we noch unferwacht efkes in syddykje ynriden wat rjochting in wetterfal gean moast. It lêtste ein wie in oantal kilometers rinne, en dêr hiene we net folle nocht oan op dat momint. Mar dochs wie it paadsje off-road der hinne wol leuk! filmke folget noch.. Doe ik krekt stopte mei filmjen en we út de auto stapten seagen we 2 mini kangaroos der fan troch gean en we seagen in hagedis! Best leuk!

Wat minder leuk wie, wie dat der efkes letter ynienen in plysje achter ús oan siet mei swaailjocht en al. We moasten stopje en de plysjefrou hie net sa 'n super best humeur... We krigen in boete!  :( we mochten 100 km per oere ride, mar der siet in langzame auto foar Syb dus hy helle yn. En tidens it ynheljen joue je gas om der sa rap mooglik omhinne te wêzen. Wat blykt, yn Australië meie je je sels as je ynhelje net in km hurder as 100!! dus BAM, dikke boete.. koene we net bepaald brûke! gelokkich hoegde der net per direct betelle te wurden.

Ohja noch in pech dingetje, ús achterklep woe ynienen net mear iepen! dus we koene ek net mear by ús iten en klean komme. Hooplik kin we dy noch fikse.

We wolle wol graach kampeare, mar der binne yn Cairns jammer genôch gjin plakjes om moai gratis te kampearen. Ta ús ferbazing binne sommige hostels just noch goedkeaper dan yn ús auto sliepe! We hawwe no ús auto by in hostel stean, dan sliepe we yn'e auto mar kinne we wol gebruk meitsje fan de keuken/wc en douche. We ha soad socht om wurke en hjir en der wat reaksjes achterlitten en mailt. No hoopje of snelle reaksje!

Foto’s