Syb kin wer rinne en in wiete valentijnsdei..

15 februari 2020 - Modella, Australië

Syb syn poatsje hat by Leendert en Stacey de hiele sneon oan't etterjen west. Der bleaun mar rotsooi útkommen dus Syb run de hiele dei mei in tissue yn'e han. Miskien net it meast smakelike ferhaal, mar it hat úteindelik wol holpen!
Want oan it ein fan de dei seachst dúdlik ferskil, wie de druk aardig fan'e ketel en koe Syb in stik makliker rinne.

Sneins binne we mar werom gien nei de pleats. Mar omdat we dochs troch Melbourne hinne moasten hat Syb my in diel fan Melbourne sjenlitten wat der moai fun. We binne lâns de rivier run, hawwe in terraske meipikt
en we binne noch efkes oan't shoppen west. Fansels sa as elke kear wol ik júst graach te shoppen om wat nijs te heljen mar degene dy mei de buit nei búten rint is meneer Wijngaarden! Meneer hie dizze kear in pear nije skuon útsocht.
Se wiene net hiel erg nedig mar dizze soene foar nij bliuwe. We soene se werom nei Fryslân stjoere en dan soen se allinne earst foar netsjes út iten ofsa brûkt wurde. Goh wat wurd der dochs goed oernei tocht troch it mantsje.
Foar de rest wie der net folle soeps want it wiene foaral djoere merk-winkels dy yn'e oanbieding wiene. Dêr bedoele se mei: we dogge krekt alsof it yn'e oanbieding is mar it is noch steeds ferekte djoer en ik fyn't ek mar neat om yn djoere merkklean te rinnen.
Ik ha jûns noch sitte te brieden oer it fierdergean fan myn reiske allinne. Dit wie no fansels net echt útpakt hoe it de bedoeling wie. Ik soe efkes de tiid nimme om alles op in rijtsje te setten en goed nei te tinken mar dêrfoar wiene 2 dagen wat te koart.
Sil ik dan miskien moarn der mar wer op út? We hawwe no just noch 4 dagen frij, it KIN no.. Ik soe dan wol graach kampeare wolle, net mear by sa'n kerel yn'e hûs.

Moandei: Hjoed startte myn dei mei migraine. Tidens it ontbijt ha'k Syb warskynlik in pear kear núver oansjoen want ik seach namentlik de helte fan him net mear. Normaal sprutsen gean dan lyk myn alarmbellen ôf en moat ik rap wat ynnimme. Mar sinds it lêtste jier
lit de migraine him eins net sa maklik mear melde. Meastal komt de pine holle gewoan ynienen. Mar klear, ik ha mar rap wat ynnaam en der siet neat oars op as my deljaan op bêd. Op dizze manier giet it it snelst wer oer, gjin ljocht, gjin drokte en gelûden om'e kop en foaral gjin flitsende beelden.
Myn aventoer hjoed foartsette siet der dus net yn, dat wie wol dúdlik. De hiele dei ha'k my súver wat siik en gammel fielt en it waar is nou ek net echt kampeerwaardig. It is hiel ferfelend mar hiel djip fan binnen seach ik ek wol wer it foardiel der fan yn dat ik migraine hie. Omdat ik no net oars koe as my deljaan,
lei ik no ek minder druk op mysels omdat ik it ien of't oare MOAST dus ik koe my eindelik hjoed ris wat deljaan. Wol triest eins dat dat allinne slagget as je pine hawwe of earst siik wêze moatte, mar klear, lang leve myn "drokke-holle-karakter" haha.

Tiisdei: It wurd dochs no alwer koartdei om der foar mysels op út te gean. Dan leit der lyk alwer druk op dat ik alles yn 2 dagen op in rijtsje sette moat. Wyls seit it waarberjocht ek dat it de hiele wike wat reinen en waaien giet.
En earlik sein moat ik sizze dat ik it ek wol hiel noflik fyn om gewoan lekker hjir mei Syb te bliuwen, gjin gesoademieter mei ynpakken ensa. We binne hjoed tegearre der op út west. Nei in shopping sentrum yn Melbourne. 
Ja ja, ik bliuw it folhâlden, der sil dochs in kear ek wat leuks foar my yn'e winkel hingje? We kinne ek net alles op de lêtste wiken skowe fansels. We binne namentlik fan plan om alle souveniers (Dy we noch net kocht ha) 
op te stjoeren fia Leendert syn wurk. Der wurde geregeld pakketsjes nei Dútslân ferstjoerd fanút syn wurk, dus dan koe der fêst ek wol in pakket nei NL. Dat skeelt in ein, dan hoege je der net rekkening mei te  halden as it wol yn'e tas passet.
Ohja... hjoed Syb koe it hjoed al net mear litte om syn nije skuon út te prebearjen. Wyls hy twa dagen lyn noch fol moed sei dat hy se pas thús drage soe en se opstjoerd wurde soene. Se moasten dochs efkes ien dei ynrûn wurde???
Shoppen sloopt je dochs altyd wer, dus in oer as 4 binne we mar wer ôftaait. Syb mei syn nije eardopkes, it earste souvenierke en op syn kop wat minder hier nei wat knipwurk fan Achmed.  We hiene ússels ek omkeapje litten om in sâldlampke te keapjen.
Dit moat blykber hiel sûn wêze. It ding is wol ferekte swier, dus sil it pakket wol wer wat djudder meitsje bin'k bang! haha.. Foar de rest bin ik mar tot konklúzje kaam dat de Australische mode absoluut net myntes is. 
T'is allegear wat fan dat flitterige troep. De broeken sitte je allegear tot krekt beneden de boarsten en de shirt en truien rikke oan't krekt under it boarst. Hiel sexy as je 16 binne en mei in naveltruitsje rinne wolle mar ik fyn der neat oan. 
En it moaiste is dan ek noch dat de breedte fan in shirt ek noch 4 kear breder is. Oftewel, se ha de boel efkes flink ferwosken en it liket nergens nei. It is omdat de mouwen dan op it ferkearde plak sitte mar oars hie'k de truitsjes graach in koartslach draait.
Dan siet it moai tailleerd en lang genôch om krekt oer de heupen te fallen.

Woansdei: Hjoed in chill dei. Ik ha in brief oan beppe út typt fannemoarn. Se is ferhúze wylst ik yn Australië sit dus ik ha gjin ôfskie nimmen kinnen fan beppe har hûs wêr we altyd in soad belibbe ha. Om beppe dochs witte te litten dat ik hijr oan har tink,
ha ik in brief stjoerd. Earst wist ik eins net wat ik beppe fertelle moast, we ha safolle belibbe, ik kin amper kieze. Ik tocht in a4 sil ik toch wol fol krije moatte, de brief is hast 2 wiken underweis dus se moat wol wat ha om te lêzen.
En wa wit fyn't se it sa ynteressant dat se no ek noch wat te fertellen hat as der oare besite komt of der immen op'e kofje komt. Tsja.. doe ik ik ien kear oan't typen wie, en aardig op dreef wie, wie'k al bang dat it no fêst wol in a4 wêze moast dus ha'k der mar in ein oan breide.
Doe ik it op de kompjûter fan'e saak yn Words sette en it útprinte woe, ha'k it ek mar efkes yn in wat grutter lettertype dien sadat beppe it warskynlik better lêze kin. Doe ik printe skrok ik dochs wol wat.. it wiene totaal 5 siden en doe woe'k der ek noch in pear foto's by dwaan om myn ferhaal wat te ferdúdlikjen.
No hoop ik net dat beppe by foarbaat der al net oan begjint omdat it ferhaal te grut is! Oeps.. Ik hoop mar gewoan dat se der bliid mei is.
Middeis hawwe we búten efkes gesellich spultsje dien tegearre mei in pilske derby. Syb moast fansels no gelyk fiere dat der fan de anti biotica ôf is en dat der wer bier drinke mei.

Tongersdei: Samar alwer ús lêtste dei frij! Kak.. Fannemoarn nei de dokter. Syb foar kontrole fan syn knibbel en ik moat nije medicinen ha. Wat is dat ek in shitsooi. Op internet waard fan tevoren ferteld dat ik nei Australië 
mar foar maksimaal 2 moarnen medicinen mei nimme mocht. As ik dan langer bleaun moast ik gewoan hjir nije oanfreegje, dat wie hiel makkelik ast mar in medisch paspoort hiest. Noja, ik as controlefreak hie fansels dat medisch paspoort wol foar elkoar.
En stiekum hie ik in stripke extra der yn dien. Hie ik no mar gewoan foar de hiele reis der yn dien! Want we binne nooit kontroleare of wat dan ek! Der is gjin kop dy sich ooit ynteresseare hat yn wat ik meinaam yn myn toilettas. Mar no woe ik dus nije helje 
mei myn medisch paspoort, wurd ik earst fan de apotheek nei de doktersassistente stjoerd en sy seit dat it net genôch is, dat ik earst in ôfspraak meitsje moast.. Pff wat in gesoademieter. Noja as Syb dan dochs ek moat, dan mar tagelyk! De dokter melde my noch efkes dat as ik werom yn Nederlân wie dat ik ris nei de húsdokter moast foar oare medicynen want dizze koene nogal soargje foar migraine en pine holle.. Hmzz dat ferklearet wat. Wol núver dat se my dat net hearder ferteld hawwe yn Nederlân want dokter wit wol dat ik lêst ha fan migraine. Noja, dat thús mar wer sjen.

Middeis ha ik sneaky noch in valentijnstaart yn elkoar flanst foar Syb, ik wist net wat ik oars helje moast en ik fyn't ek sa saai om it samar foarby gean te litten.  (foto's komme noch)

Freed: Hjoed is it 'valentijnsdei' en ús wurktsjinst begjint hjoed wer. De dei begun nogal hilarisch. Doe ik moarns 5 oere der út wie en myn klean oan hie soe ik earst efkes it wetter opsette. Omdat we moarns hiel snel ite en drinke moatte foar't we oan't wurk gean doch ik dat meastal earst oars is de thee net te drinken sa hyt. No hie Earl (in backpacker yn ús hûs) in pear jerrycans wetter mei naam justerjun dus dy soe ik efkes brûke. Ik begreep earst net hielendal hoe it kraantsje wurke dus ik siet der mar wat mei te pielen. Doe ynienen de hiele dop der ôf fleach!! SPLASHJ!! Ik sproeide der út en ik wie fansels kletstroch wiet. Ik hie sa rap mogelik myn hân op it grutte gat setten om it wetter te stopjen mar de dop lei ergens fierderop. Ik prebeare Syb te roppen yn paniek marja, omdat elkenien noch lei te sliepen moast ik zachtsjes wêze fansels. Noja Syb kaam my gelokkich rêden! Gau droege klean oan en mar gau haffelje en oan't wurk. Letter dy dei ha ik noch 2 kear klean wisselje moatten. Pfff wat in dei, de earste kear wie'k wer kompleet wiet sproeit troch in wetterkanon wat net goed rjochten stie. Letter op'e moarn wie ik smoarch as in ....  Ik soe efkes it hiem mearne mar de sinne baarnde nogal. Dus ik hiel ferstandig mysels hielendal ynsmare mei sinnebrân fansels. Tidens it mearnen kaam ik der achter dat it net oeral gêrs is en dat in soad plakken gewoan sân en modder sit. Omdat it nogal droech west hat lêtste tiid stowde it alderferskuorrendst. Aangezien ik my ynsmaart hie bleaun alle rotsooi wat troch de loft fleach oan my plakken! As in swijn wie ik, dus mar efkes douched tusken troch en in wat langere pauze as normaal. Ik prebearje wat minder kapot te wurden fan't wurkjen dus 8 - 10 oeren fyn'k eins wol genôch. Syb hat foar dizze dagen in oare put. Hy mei strontride en dêr hat der wol nocht oan en hy kin't sittend dwaan dus makket moai wat oerkes.

De twadde melking hjoed wie in regelrjochte ramp. We hiene foar it melken noch tsjin elkoar sein. We begjinne moai optiid, bin we moai optiid thús. Hooplik giet it no ris in kear NORMAAL mei it melken. Mar dat moat je fansels net sizze.. It begûn eins wol goed en hurd. Us baas hie ynienen betocht dat it allegear wol wat hurder en flugger koe. Normaal sprutsen hellet Syb meastal de kij op en meitsje ik de melkerij klear. As Syb der dan is begjinne we. Hy set de kij ûnder en ik stean achter. Ik soargje derfoar dat de kij neibehandele wurde, checke as se echt útmolken binne en oars in ketting der achter, yn'e gaten hâlde as se der wol daadwerkelik út gean en net stiekum noch in rûntsje dogge en tenslotte yn'e gaten hâlde as de molkstellen wol nei beneden gean oars sit de sooi wer fêst.

Mar dizze kear woe Paul (de baas) dat ik lyk begun te melken sadra de earste kij der wiene, dan koe ik moai de earste 50 kij al molken hawwe sadra 't Syb dan alle kij opslúten hat. No, dêr skrok ik wol wat fan mar klear ik ha it mar dien mei wat help fan Paul. Ik wie bliid doe't Syb my ôflaste want myn earmen binne noch net went om dit wurk oan ien stik troch te dwaan en de stellen binne redelik swier yn ferhâlding fertelde Syb my. Noja klear.. boeie it gie dus wol aardig. Totdat it waar kompleet omsloech. Dan miene je dat it yn Nederlân ferskuorrendst hurd reine kin... It dondere út 'e loft wei. En it bleaun net by rein. It ûnwaarde sa mâl dat de stroom oan en út fleach en dus ek it vacuum der ôf fleach. Om in lang ferhaal koart te meitsjen.. GROTE FRUSTRATIE as je in ko tig kear under sette moatte en dan ferfolgens binnen in minuut WER alles nei beneden dondert! GRRRR... Syb wie as in dalmatiër yn't gesicht safolle stront.. We hiene beide behoorlik ús nocht nei dizze melking. Pfff wat in dei sa'n valentijnsdei ;) (Ohja, de taart foel goed by Syb! Hy hat in mega stik op iten, dat wie syn lunch haha)

Foto’s