Us earste wike op reis!

11 november 2019 - Legian, Indonesië

Dêr giene we dan! 2 novimber troch myn heit en mem nei Schiphol brocht, en doe koe de reis begjinne! Earst 17 oeren reizigje om vervolgens earst in wike fekânsje te fieren op Bali. No dat ha we dien! wat wie it prachtig!! Elts momint wie indrukwekkend!

We binne hjoed oankaam yn Sydney en sitte foar't earst yn in hostel. No waard it earst mar ris tiid foar in earste blog. Mar alderferskuorrendst, wat meitsje je wat mei, fierstente folle om op te skriuwen! Dus ik sil it prebearje koart te hâlden ;) 

Doe we noch mar in pear oerkes ûnderweis wiene, wiene we der lyk al oer út dat we weromreis miskien wol businessclass reizigje wolle! Want as je 17 oeren yn in fleantuch sitte is it wol noflik as je ek wat sliepe kinne en noflik sitte. Fansels hiene we ús wol foarbereiden op 17 oeren sitte, mar as de reis begjint mei in kotsend bern foar je, nei in oantal oeren wit je al net mear hoe je sitte moatte, wurde je rap min as je net sliepe kinne omdat der achter je hieltyd ien yn je rêch sit te porren, stienkâld etc etc! haha.. mar gau tsjin ússels sizze dat we dit dochs echt self wolle ;)

Ien kear yn Bali oankaam, binne we it gau ferjitten want wat is it prachtig!! Wat in oare kultuer, tefolle om alles te beskriuwen!

Hjir koart wat moaie feiten:

  • De minsken yn Bali binne tige tige freonlik en wolle dy mei alles helpe.
  • Utsein fan de minsken dy dy wat ferkeapje wolle. Want se wolle dy fanalles oansmarre. Hoegst mar ergens in BLIK op te werpen en kinst der hast net mear fan ôf! Dat makke wol dat ik it 'shoppen' net sa leuk mear fun.  In foarbyld: we woene graach nei in doarpke fierderop: 17 km. We hiene as tip fan de recepte in app krigen, krekt sokiets as Uber yn Nederlân. We koene dan foar 40K nei it doarp. Mar dat slagge net mei de app dus fregen we in oare taxi. Dy woe ús wol bringe mar dat koste 600K!!! Potjandikkie! dat is dochs net normaal? Op ús fêste plak op it strân hawwe we Bayou ontmoeten. Dy wenne der en sei dat we echt oppasje moesten want se maken der misbrûk fan dat we toeristen wiene. Hij koe foar ús wol in scooter hure, dan koene we him de hiele dei brûke en as hy dat as 'indonesier' die dan kost it mar 50K !! Dus hoppatee dat hawwe we dus mar 3 dagen dien!IMG_20191110_103710_resized_20191111_085156783
  • We hiene mazzel seine se dat it droech wie dizze wike want it soe eins no reinseizoen wêze!
  • It is smoarhyt! Hiele dei mar nachts ek! It kâldste momint wie 5 oere moarns, dan wie it 20 graden..
  • It ferkear is in kant en kleare CHAOS! mar dochs giet alles goed. Iederien makket eigen regels en fljocht kneiterhurd troch elkoar hinne. It liket my dea eng mar Syb en ik hawwe ek in scooter huurd en Syb hat mar wer bewezen dat dr in super coureur is :D!! Net te benaud en knalle mei dat ding! Sa binne we nei hiel wat moaie plakjes west!IMG_20191105_172028_resized_20191111_085158107
  • Yn elk strjitsje binne sa'n 6 massaazje saakjes! Dus we hawwe geregeld hjir fan genoten! Foar in healoere genietsje betellest mar 3 euro!
  • Syb hat in Tattoo fan it 't Kratsje op't skouderblêd! en op de ien nei lêtste dei ek samar noch in 'snapback' meitsje litten mei it keetlogo der op!! Dy jonge yn dagen net sa bliid sjoen ;) hahahaIMG_20191104_133048_resized_20191111_085157206IMG_20191109_203121_resized_20191111_085157465
  • Gjin moai feit mar wol in moai einde. We wiene in dei fuort op'e scooter en doe we wer thús wiene kaam ik der achter dat ik myn mobiel kwyt wie! We hawwe der behoorlik wat stress om han! Oare deis wer op paad nei it plak wêr der lizze moast, mar helaas!! Dêr lei der net! Ik wist eins seker dat it ûnmooglik wie, mar dochs mar efkes hifkje by de wc wer we dy jun derfoar ek noch west wiene. It wie net mooglik sei ik, want dy wc wie TE erg foar wurden. Ik koe him nergens dellein hawwe, de wc koe sels net eins trochspielt wurde!! der stie allinne mar in bak mei wetter!! DRAMA... mar klear, ik mocht wol efkes sjen fan dy frou. Mar lit no krekt it hokje wêr ik west wie, bezet wêze. Wy wachtsje en wachtsje, want der siet ien te skiten. Wolst it net liuwe, komt der in jonge fan dy wc dy 't lyk mei myn mobiel yn'e hannen oankaam setten!!!! Ik sprong fansels in gat yn'e loft! En it wie wol HIEL tafallich dat der in dei letter krekt op it momint dat wy der komme krekt immen de mobiel seach! Mar wat binne je dan ynienen bliid dat je hiel wat gesoademieter foarkomme kinne!
  • Doe we de lêtste dei alles ynpakt hiene, sieten Syb syn Nikes al yn'e tas dus dan mar op kisten troch Bali! Wat in enthousiasme en jaloezie! Haha, se woene allegear wol mei Syb ruilje! Sels in man fan de bewaking seach dat it goeie skuon wiene en wees nei syn eigen 'wurkskuon' wêr de gatten yn sieten. Syb wie ynienen de kening op strjitte ;)

Noch wat indrukwekkende ferhalen:

* Us personal driver fertelde dat hij by us hotel wurke (súd Bali) 7 dagen per wike en hiele lange dagen. Hij hie thús in frou en 2 lytse bern. Omdat it ferkear nogal chaos is en de wurkdagen lang is it net mooglik faak nei hús (noord Bali) te riden. Dy earme man seach syn frou en bern dêrom mar 2 dagen yn'e moarne!! Kolere, dan meie we dochs net klaaie.

* Us maat fan't strân, Bayou fertelde ek fanalles oan ús oer syn libben. Hy frege as wy trout wiene, no nee. En hij? NEE! sei der, hij wie noch mar 23! Oeps we hiene him wat âlder skatten haha. Mar de beste jonge dy ús hiele fakânsje yn'e watten lei op it strân, wurket 6 dagen yn'e wike om te sparjen om te kinne studearen! Tagelyk moest der ek elke kear noch wat jild nei hûs stjoere want hij moast ek op heit en mem pasje. Dan beseffe je dochs wol wer efkes dat wy it lux ha mei ús studearen. Bayou hie it wol aksepteard: "that's life" sei der. 

IMG-20191110-WA0027

Groetsies Syb en Peet 

(Skreaun troch Peet)

PS: we moatte noch wat wenne oan hoe dit blogg systeem wurket.. dus it is miskien noch net allegear like overzichtelik. Sa hoopte ik by de foto's derby sette te kinnen wêr it is, of hoe of wêrom, mar dat is net mooglik blykber! haha.. miskien letter better!

Foto’s

9 Reacties

  1. Yvette Altena:
    13 november 2019
    Leuk peet! Soad plezier nog! Ik sil jim volgje
  2. Rientsenwilly:
    13 november 2019
    Mooi
  3. Geartsje:
    13 november 2019
    Steltsje riis-pikkers! Wat sjocht it der prachtig ut! Die lippenstift stiet dy goed Sybrand 😂. Pas goed op elkoar en genietsje!! 😘
  4. Leendert Pieter Wijngaarden:
    13 november 2019
    pracht fotos het begin for avontuur is er.
  5. T Reitsma:
    13 november 2019
    Wat leuk Petra..folgje jimme graach..noch in soad plesier.
  6. Esther:
    13 november 2019
    Machtig!
  7. Akke Gaastra:
    13 november 2019
    Geweldig!! Ha in fijne reis tegearre, geniet der fan! Foarsichtig der!
    Tút
  8. Maaike Kuipers:
    14 november 2019
    Super sis! Leuk om jim aventoeren te lêzen. Een soat wille firder!
  9. M en Tj.:
    18 november 2019
    Wat leuk om ús op dizzy wize mei genietsje te litten!
    Mar Peet, nea wer de tillefoan earne del lizze! As foar dyn fuotten op e grûn! Dan ferjitst m net....sa ha ik al 2x ien fûn.