Wer ûnderweis, inmiddels in moarne op reis!

4 december 2019 - Airlie Beach, Australië

Ferfolch...

Tiisdei:  werom nei Cairns. Want we waarden net mear belle. Doe we in oere underweis wiene waard Syb dochs noch belle troch de man dy't wurk foar ús ha soe en wêr we de hiele dei op wachte hiene. Mar sa't we al wat oanfielden. Hy doarde it net oan sunder Visa dus it gie oer.

Doe we werom kamen by JJ backpackers (ús fijne hostel yn Cairns) wiene der ferbaasde gesichten mar tagelyk fielden we ús ek wer wat 'thús' kommen.

Woansdei: Ik moarns lyk Cairns yn om wurk te sykjen. Oeral mar freegje en jesels oanbiede. Ferekte eng, mar ik moast wol want ik wol wurk!! Helaas, oeral in 'nee'. Middeis wer op paad west en my wer by in pear oare plakken melden, oeral myn gegevens achter litten, mar wer sunder sukses helaas. Syb is hjoed dwaande west om te prebearjen as der noch wat mooglik is mei syn visum. Wa wit komt dêr letter noch mear oer. Fierder de hiele dei wer sykje op internet. 

Omdat in meiwurker fan 't hostel wist dat we sa oan't sykjen wiene kaam hy nei in skofke mei in bryfke by Syb. Hy moast dit nummer mar efkes belje! En hoppa, Syb hie in 'day-job'. Moarn kin hy in dei wurkje. De man hie help nedig yn syn tún en frege Syb om seagsel te kroadzjen.

Tongersdei : Syb syn wurkdei. Ik bin oerdei wer dwaande wist om wurk te sykjen en efkes neitocht oer hoe we it ha moatte. Syb hat in behoorlik dreech dagje han! It soene mar 5 oerkes wurk wêze mar it waard úteindelik de komplete dei. 6 kúb houtsnippers ferkroade yn'e baarnde sinne!! 

Juns hawwe we besletten dat wachtsjen op in baan yn Cairns warskynlik neat opleverje soe. Moarnier sille we wat tillefoantsjes plege nei boeren dy't Leendert Pieter (Syb syn broer út Melbourne) trochjun hie. En oars mar in compleet oare kant út fleane as we dan WOL wurk krije kinne.

Freed: Fannemoarn wat tillefoantsjes pleegt, mar ferhip ek dit wer sûnder sukses. De boeren funen it moai om 'small Len' (lytse Leendert) oan'e tillefoan te hawwen en hiene ús graach wat oanbean, mar wiene eins al klear mei harren wurk. Sunder sukses dochs besletten dat it ús neat oplevert om hjir sitten te bliuwen. We sille moarnier rjochting súden ride en dan oars earst mar wat moaie plakjes meipikke en hooplik treffe we wat súdeliker wol in baan.

Middeis bin ik efkes nei de lagoon west yn Cairns om efkes by te kommen. Doe waard ik belle troch Syb dat der wurk hie!!! Ien fan de boeren dy't we fannemoarn belle hiene, hie sels gjin wurk mar hat hjir en dêr efkes hifke. Der waard him frege oft der ek lasse koe, noja dat kin der wol wat! Fierder is der net hiel folle sein of ôfpraat. As we yn'e buert wiene dan moasten we it mar efkes hearre litte.

Sneon: Sadwaande binne we hjoed op paad gien. Net yn ien ruk nei Clermont (wurkplak fan Syb) mar wol efkes noch wat moaie plakjes meipakke. Sa binne we earst noch EFKES nei de Windin falls west (we tochten efkes in healoerke). We koene hjir eins allinne komme troch in 'bochtedyk'. Ik seach behoorlik op tsjin dizze dyk want we wiene der al faker oer wist. Foar de ôfleiding hawwe we bochten mar ris oan it tellen west! ;) (filmke folgt!! )   Oankaam by de Windin falls stie der in boerdsje by it parkeerplak: noch 5,6 km rinne!!! WATT??? mei dizze temperaturen en we sille wol wer klimme moatte?? Dochs hawwe we de gympen mar oan dien en sunder te folle nei te tinken starten oan de waarme reis. Ik moat earlik sizze. De rjochte einen wiene prachtig, want we runnen kompleet troch de jungle! it wie moai stil, allinne wat fugels en tenminste gjin lêst fan de sinne. Oan't we dochs al in dik oere underweis wiene, doe wie de puf der wol wat út! Doe nei 20 minuten it paad sa min waard dat we echt klauterje moasten en extreme ôfdalingen hiene, hie ik dochs wol behoorlik SKJIN myn nocht en fun ik it eins net mear de moeite wurrich.. It moast wol HIIIEEELL moai wêze woe it dit pokke ein wurrich wêze! 

No echt... dat wie it!! We hawwe mei ferbazing stean te sjen, wat in útsicht!! We hawwe hiele leuke foto's en filmkes makke. Mar echt, dan krij je noch net it byld wat we echt seagen. Hjirtroch wiene we al gau de drege tocht ferjitten. De foto's komme aanst ek!  Jim kinne wol begripe dat de weromreis fansels âlderferskuorrendst dreech wie. Want we wiene al dwarstroch en no hiene we ek neat mear om nei út te sjen. Noja de airco yn'e auto en in stoel om te sitten! Al mei al in moaie belevenis! Juns slipt yn Millaa Millaa.

Nachts op de camping wie ik bêst benaud troch wat ik allegear hearde!  Ik ha in minne nacht han mar ha ek each yn each stien mei twa possums! Dat wiene de twa donderstiennen dy't my hieltyd wekker holden hiene troch harren geritsel. Se sieten boppe ús auto yn'e beam.

Snein: wer fierder reizigje, fan Millaa millaa fia mission beach nei TOwnsville. Hjir wiene we gau klear. It ústicht wie prachtig mar foar de rest funen we it wol efkes prima!

Underweis nei Townsville hawwe we noch efkes in tuskenstop dien by de Jourama falls. Dit wie ek wer prachtig! We hawwe oer de stienen hinne klauterje moatten mar úteindelik wer in prachtig plaatsje! Hjir ha we ek wer efkes swommen! Foar myn dwan wie dat al hiel wat want ik ha eins in ferskuorrendst hekel oan swemme yn't bútenwetter. Mar omdat der ek in oantal oaren swemme nim je oan dat it gewoan fris wetter is en der neat yn leeft.    Doe wy as lêtsten fuortgiene by de wetterfal omdat de sinne achter de rots ferdwûn, seagen we ynienen dochs wat ta libben kommen yn it wetter. In skildpad en ik dikke iel.. ieuwwww... Mar goed dat ik dat fan te foaren net wist!   Juns koest op in camping búten Townsville en it hat hjir reint!! Helaas kuolle it neat ôf..... dus behoorlik switterig en benaud.

Mandei: Op 'e hichte fan Townsville leit 'magnetic island. Dit eilandsje woene we eins wol efkes meinimme. Puur omdat der stie dat we koala's spotte koene, en dat woe ik graach. Eins bêst wol idoat om foar 2 oerkes efkes mei de ferry der hinne te gean. (Fergelykber mei 2 oerkes nei Amelân) Werkelik it wie ferskrikkelik hyt op dat eilân. Wyls we ússels foarholden hiene NET wer in ein te rinnen, hiene we gjin oare keus. As we koala's sjen woene moasten we dochs in 'walking trial' dwan. We seine tsjin elkoar: as we nei 10 minuutsjes al in koala sjogge, dan ist ek wol prima en dan gean we gewoan wer lekker werom. Mar jim fiele him al oankommen. De ienige koala's dy't spotten wiene troch de minsken dy't we tsjinkamen sieten fansels HIELENDAL boppe op' e berg en dus moasten we wol it oardel oere rinnen ôfmeitsje! Doe we hast de hoop opjoegen omdat we nergens sa'n bist seagen en wer mar werom rûnen seach Syb ynienen ien sitten!!! joehoeee!! dochs net foar neat derhinne klautert! Mei in blier gesicht werom rinne, en doe ynienen samar NOCH ien!  Dat wie dochs wol hiel leuk! Se leine lekker te koesen dus we koene gerust efkes in selfie meitsje ;) No earst mar mei gas werom om de ferry te heljen!

Juns nei 4 oeren riden oankaam yn Prosepine! Leuk en gratis kampearplakje!

Tiisdei binne we fan Prosepine nei Airlie beach riden, dat wie mar 20 minuutsjes. Dêr hawwe we in hostel socht wêr't mei ús auto parkeare kinne sadat we wat goedkeaper oernachtsje kinne en dêr hawwe we ús auto úteindelik ek foar kocht no ;)   De frou bij de resepsje fan 'Magnums' wie poerbêst! Se frege lyk al as we ek in toer boeken gongen want dan koen we miskien in gratis nacht krije. Nou... seine wy, dat witte we noch net en woene we eins hjoed oerdei yn alle rêst efkes betinken gean. Mar ja, it wie no of net, der kaam it op del. Se hat ús dêrom lyk mar wat útlis jun oer wat der mooglik wie en nei efkes beraad hien we besletten om 2 dagen en 1 nacht te gean. Dat betekene dat we 2 nachten gratis hiene! Nou dat is moai! 

No wie it gefal dat it hjir yn dit stêdsje foar ús gefoel noch 100 graden warmer wie dan op de oare plakken. Ik sels gie hast fan myn stokje en waard hieltyd wat raar yn'e kop. En dan ek noch te betinken dat we fannacht yn dy auto sliepe moasten dy't yn'e baarnde sinne stie en it yn'e stêd ek net efkes trochwaait. We wiene fan plan ús gedeisd te hâlden om de hitte, mar foar dat koe moasten we wol efkes ús spul settelje by de auto, de wask wyls draaie etc etc. Doe we dêr mei dwaande wiene betocht ik my ynienen: 2 gratis nachten.. Soe dat allinne foar de auto jilde of ek foar in keamer? Nee fêst net, want dat wie wat djudder.. en dan soene we fansels ek wer yn sa'n mega keamer telâne komme mei 8 oaren op stapelbêdden. No wie ik op in gegeven momint safier dat ik tsjin Syb sei: wist.. we kinne it dochs yn elts gefal freegje? En earlik sein sliep ik noch leaver mei 8 oaren yn in hok mei airco dan dat ik dea gean yn dy auto fannacht!

Dochs enigszins wat skrúten giene we tegearre nei de resepsje om te hifkjen. We doarden hast net, want ja, alles wie krekt in oerke lyn boekt. Ik ljo dat de bêste frou by de resepsje lyk oan ús koppen wol seach hoe serieus we it mienden want se sei laitsjendewei: "Serious? is it too hot to sleep in your car??" Se hie blykber wille om ús omdat we it wat swier hiene mei de waarmte mar se begreep it hielendal! Se sei dat se fansels wol in keamer hie, 2 persoans en mei airco! Jaaa ja, en hoefolle dollars komme der dan wol net by??? NIKS!! sei se.     No jim kin wol begripe hoe'n gat as ik yn'e loft fleach! We koene dus like goed 2 gratis nachjes yn in keamer mei AIRCO en ek noch hielendal tegearre!! Ik koe har wol tútte!! Wat wiene wy bliid! hahaha

Hjoed:  Omdat de trip mei boat dy we boekt hawwe moarn pas is, hawwe we hjoed noch efkes lekker in dagje frij! We hawwe warempel útslipt oan'e 7.44 omdat we ris in kear NET de auto út smolten! haha.. Dus hjoed ff chilled en dit ferhaal skreaun. Swemme op't strân kin hjir net, mar ek dit stêdsje hat hjir wer in lagoon. Al moat ik earlik sizze  dat dat hjir net echt ôfkuolje is ofsa. Omdat it búten sa hyt is, is it wetter ek waarm. Doe we der juster yn swommen fielde it krekt of swom ik yn in kopke thee! Whahaha.. It fijne is, dat as je der wiet útstappe de wyn wol wat ôfkuollet.
 

Moarn en oare moarn dogge we in tripje! We stappe moarnier op in boat mei 14 oaren en sille dan de kommende 2 dagen lâns de Whitsundays fare. Twa kear snorkelje, moaie eilandsjes besjen, nachts op'e boat sliepe en foar de rest is it in ferrassing!  We hawwe der sin yn!

Sneon sille we nei Clermont, wêr't Syb dus in baantsje hat. Ik hoopje dat ik der ek gau ien fyn!

Foto's en filmkes komme der oan! 

Foto’s

4 Reacties

  1. Rientsenwilly:
    4 december 2019
    Mooi verhaal
  2. M en Tj.:
    4 december 2019
    Tjonge, jonge wat in libben hawwe jimme der. Mar dat dykje mei al dy bochten lyket mij wol wat op de motor.
    Mar ik hoopje dat it baantsje fan Syp wat opleverd. Succes fjirder.
  3. Geeske:
    4 december 2019
    Machtige verhalen wer peet!
  4. M en Tj.:
    4 december 2019
    Ha ha! Marten tint altyd yn bochten.....Wat wer in belevenis! Mar dy hitte! Ik hoopje dat Jim gau wat wurk fine want it wol wol op! Groetnis fan Tjikke.