In wike yn Melbourne

16 maart 2020 - Hoppers Crossing, Australië

Coronavirus: Ja ja, it is hjir ek. Mar net sa mâl as yn Nederlân. Dit komt warskynlik omdat it wat minder tichtbewenne is. Al moat ik sizze dat de run op wc papier 2 wike lyn al begun wie! We hâlde de boel wol yn'e gaten
want der wiene fannewike ek al berjochten dat se miskien de fleantúgen nei Europa wol stop sette soene. Wat dat betreft komt ús einde fan de reis wol tichterby! Ik woe eins ek hiel graach op de weromreis noch in oantal dagen nei Bali ta.
Dan hawwe we de earste jetlag en 8 oeren fleanen al oan'e kant en kinne we noch efkes hearlik genietsje fan de rêst op Bali mar no troch it coronavirus kin alles oars gean dus we planne mar net tefolle.

Ohja, de foto's fan dizze wike stean yn it mapke: Lêtste moarne op reis! en der komme warskynlik ek wer wat filmkes op as it slagget.

Wat we tiisdei oerdei dien ha stie noch yn'e foarige blogg mar juns ha'k ek noch wat leuks beleefd! Ik ha videobelle mei de bern dy't ik foarig jier yn'e klasse hie! Ik hie al ris efkes kontakt han mei Ineke (myn duo-kollega fan foarig jier) en no soe it heve.
Hiel leuk om se wer efkes werom te sjen en moai om te sjen hoe entûsjast se wiene. Ik ha it ien en oar oan harren ferteld en ek sy hiene fansels harren fragen. Tige leuke erfaring!

Woansdei: Hjoed in leuke dei han! We hawwe moarns boer zoekt vrouw werom sjoen, dat fine we dochs wol leuk om mei te krijen.
Dêrnei binne we rjochting it kantoor fan Garuda Indonesia riden. Dit is de fleanmaatskapij wêr wy mei hinne en wer fleane dizze reis. Ik hie fia mail al efkes kontakt mei harren opnaam mar krige nea berjocht. Logysk sei Leendert, want Indonesië hat net sa'n haast en we koene gerêst in pear wike wachtsje. No, dêr hiene wy eins gjin tiid foar dus dêrom mar nei it kantoor ta.
It wie gewoan yn Melbourne mar dochs binne je wol wer in oere ûnderweis om der te kommen. (Letter yn dit ferhaaltsje ferklaar ik dit wat better) 
We moasten yn hartsje Melbourn wêze dus parkeare wie behoarlik oan'e priis! ik ha it noch ôfdinge kinnen mar we moasten alsnog 15 dollar betelje foar 10 minuten! Mar klear, we wiene bliid dat der in daadwerkelik kantoorke wie en dat der immen siet.
Us earste fraach wie wat it kosset om in ekstra koffer mei werom te nimmen. Dat soe miskien goedkeaper wêze dan ús souvenierkes en ekstra spul op te stjoeren. En warempel, we hiene goed nijs dit kear! De frou makke ús dúdlik dat wy per persoan 30 kilo bagage mochten, en it makke net út as dat no yn 1 of 2 koffers siet!
No, dan is de keuze foar ús gau makke. Dan sille we binnenkoart in âld koffer earne optrommelje en stampe we dy fol mei souveniers sûnder ekstra kosten! Hatsikidee! De 2e fraach wie as it ek mooglik wie om ús ticket oan te pasjen.
We sitte der oan te tinken om miskien op de weromreis wer fia Bali te gean omdat we dêr sa genoten hawwe. Hjir wie se ek frij dúdlik yn: dit koe sy net dwaan foar ús, dit moast fia it reisburo Frentsjer. 
Wyls Frentsjer ús just dúdlik ferteld hiene dat sy dit net mear dwaan koene en dat we mar nei in kantoor gean moasten.. Hmzz.. dit is wol wer in núver en yngewikkelde saak en sil dus noch wol ferfolge wurde.

Fanút hartje Melbourne binne we nei Williamstown riden. Dit is in wyk yn Melbourne oan de kust. Syb wie hjir jierren lyn west en wie der sa entûsjast oer dat hy it my sjen litte woe. En it wie ek hiel geslaagd. Seker neidat we krekt út de gigantyske drokte fan de stêd kamen, wie Williamstown hearlik rêstich!
We hawwe efkes oan't strân sjoen en moaie útsicht op Melbourn besjoen. Doe hawwe we ek noch efkes by in gesellich restaurantsje efkes genoten fan in lunch, hearlik! Ta myn grutte ferbazing hie ik in fel grien broadsje! Ik tocht earst: jak, wat is dit chemisch mar hy wie just tige lekker en hielendal net chemisch!

Myn matcha broadsje mei pulled pork!

Tongersdei: Dizze dei begûn wat minder denderend. Hoe it kin, Joast mei it witte, mar wy koene de hiele nacht net sliepe! Juster ein middei begun by my de migraine al en dat waard net folle better dus ik wie hiel bliid dat ik juns lei!
Mar op ien of oare manier koene we beide mar net yn sliep komme. Ik ha dit wolris faker dat ik min sliep mar fan 10 oan't healwei 5 wekker lizze, dat wie dochs wol ien fan de extreemste gefallen! Syb is der nachts noch út west om in blok om te rinnen en hat in poging dien om op de bank te sliepen.
We ha fan alles prebeare mar sliepe, ho mar.. We seine gekskearend dat it fêst folle moarne ofsa wie (wat neffens Syb ek sa wie) De kat wie namentlik ek de hiele nacht ûnrêstich want dy fleach ek troch it hûs en neffens ús wiene Leendert en Stacey ek in pear kear wekker.
Noja, hjoed dus as zombie's! We hiene plannen om nei Ballarat mei Juliana en Federico mar dy plannen ha we mar efkes wijzige. Ik fiel my krekt alsof ik in jetlag ha. Juliana en Federico binne no hjoed hjir te lunchen west. Leuk harren wer efkes te sjen, we ha in soad wille han.

Juliana, Federico en wy twa'en

Freed: Hjoed in dei fuort! Nei Souvereign Hill yn Ballarat. Souvereign Hill is in soart fan neibouwt âld doarpke wêryn se neispylje en sjen litte wolle hoe it eartiids gie. Mei name doe alles feroare yn Ballarat doe der goud fun waard.
Ballarat stiet dan ek bekend omdat der goud fun waard. It is sa prachtig moai neibouwt en spile dat je je daadwerkelik yn dy tiid werom leve kinne. Net allinne de gebouwtsjes binne sa makke mar alles der op en der oan. 
De minsken dy der wurkje binne ek klaait as dy tiid en der wurd oeral en nergens toniel spile tusken de toeristen yn sadat je echt fiele hoe it destiids gie. Yn ferbân mei it corona virus binne der hast gjin chineze toeristen mear yn Australie en dat makket nogal in grut ferksil.
It wie dan ek lekker rêstig yn Souvereign hill. Doe we in spesjale attraksje boekt hiene om yn in echte mijn te sjen wiene we sels de ienige twa en hiene we in persoanlike gids! We krigen in wiergebeurd ferhaal te sjen en te hearren wat der yn dit mijn gebeurd wie. Hiel yndrukwekkend.
Om it mar net te lang te meitsjen, it doarpke wie echt wier machtig moai! Ik woe eins sels wol soks hawwe yn Nederlân dan soe ik der ek wol wurkje wolle!
In leuk dinkje is noch dat der ek in soad skoallen kamen. Mar om de âlde sfeer noch better te krijen binne alle bern ek yn tenue fan eartiids en de learkrêft ek. 
Sa fertelde in master fan de bern my dat hy hjir al 2 dagen wie mei dizze bern en dat se hjir ek echt les krigen sa as eartiids. Se waarden behoorlik drilt en ik mocht wol efkes yn'e klasse sjen.
Machtig moai, want ik tink net dat it bern sa'n echte ervaring fan 2 dagen ea wer ferjitte sil!

Souvereign Hill!De klasse bern dy al 2 dagen hjir les hiene, yn alderwetske kleanIMG_20200313_151949

Sneon: Moarns binne we mei Leendert en Stacey nei 2 húsfeilingen west, best wol ynteressant om dat ris mei te meitsjen. Foar de rest ha we noch in poging dien om oan wc papier te kommen mar sûnder sukses.
Krekt as yn Nederlân is it hjir in gekkeboel yn'e supermerken! It begun 2 wike lyn al mar it is no hieltyd erger. Riis, pasta, wc papier en doekjes ensa binne hast oeral útferkocht. 

Snein: hjoed net in spannende dei. We hawwe in blokje om west te rinnen en middeis binne we oan't toeren west mei Leendert. Hy hat ús de húzen sjen litten wêr hy hearder wenne hat. Sa hat hy ús ek sjen litten hoe hurd as Melbourne oan't groeien is.
Allegear nije wenwiken dy't bouwt binne yn de lêtste 15 jier wat earst allegear noch lân wie en moai útsicht. Om it corona virus binne we juns yn pleats fan út iten west thús lekker oan it iten west, lamb shank út 'e slow cooker!

Moandei: Fannemoarn waarden we wekker mei it Nederlânske nijs dat alle skoallen, restaurants etc ticht moatte foar 3 wike. Welke kant giet dit op? Wy soene eins 9 april wêr thúskomme, mar is it wol feilich om nei Nederlân te fleanen en yn wat foar wrâld komme we dan telâne?

Foto’s

3 Reacties

  1. Martin Roffel:
    16 maart 2020
    Hey peet, bist ek efkes mei de puffing billy west? Gr Bongel
  2. Petra Yntema:
    18 maart 2020
    Nee der binne we noch net wist mar slagget no ek net mear.. :(
  3. Jankenies:
    16 maart 2020
    Mooie ferhalen Petra dankjewol