Us earste gedachten doe we landen..

23 maart 2020 - Easterein, Nederland

Jim wisten no wolris dat it allegear hiel dûbbel fielt foar ús, en dan bleaun it ek wat. Oan de iene kant woene we bliuwe en oan de oare kant hoopje je net dat de flucht cancelt wurd.

Ik hie sels it idee dat ik de lêtste dagen wol aardig de kop der by del jun hie. Fansels wolle je bliuwe, mar as je je fersetten bliuwe wyls je wol gean dan ha je allinne jesels te pakken.  Dochs skrok ik efkes fan it feit doe ik troch it raamke fan it fleantúch Nederlân seach. It wie krekt as realiseerde ik it my no pas echt dat it no oer wie mei ús aventoer en dat it hjir wer allegear gewoan giet sa it altyd giet (Noja op Corona nei mar wol de hastigheid, stress en drokte fan de Nederlânders en it waar ensa)

Núvere gedachten en realisaties dy't troch ús hinne fleagen wêr we wol om gnize moasten:

- wat rûkt it hjir oars, it rûkt nei kâld!

- Ik besjoch yn'e auto Syb ynienen fan'e rjochterkant.. Fielt ynienen núver dat hy links ryd!

- Wat is de benzine hjir djoer!

- Oeps, de rútewissers gean oan i.p.v. it knipperljocht!

- Tink der om, net rjochts ynhelje!

- Wat is Nederlân brún en dea!

- Binne se noch nea ris klear mei dy ôfslútdyk?

- Wat waait it hjir hurd!!

- Wat sjocht it wetter yn'e Iselmar der smoarch út!!

- Wat skynt de sinne irritant yn ús eagen yn'e auto (want yn Australië stiet der folle heger)

- Ik wit net iens mear hoe ik myn keuken altyd yndielt hie!

Yn de tiid dat we yn Australië sitte en tinke oan it feit dat je wer nei hûs moatte siet ik ek altyd te tinken oan de momint dat je oankomme en de famylje en freonen sjogge. Dat momint dat altyd sa magysk is yn tv-programma's. Dat momint dat je sjogge wa der mei kaam binne om je op te heljen en wa soene je it earst yn'e earmen springe? Ik ha sels in kear dreamt dat myn beppe der ek by stean soe, wyls dat hielendal net logysk is want dêr is se te âld foar. Dit magyske momint foel troch dit hiele gesoademieter fansels hielendal yn it wetter. Der stiene wol minsken elkoar op te wachtsjen mar dit like my net hiel ferstandig. Heit en mem hawwe ús búten opwachte, in stik ferstandiger. Dochs fielt it frjemd dat je troch dy doarren rinne en dat we gewoan tegearre fuorttoffelje alsof we 2 wike fakânsje han hawwe. It is efkes in hiel oar wolkom dan je ferwachte hiene. Ek as je heit en mem dan fun ha by de auto is it núver en ûngemakkelik. Je hiene se oars yn'e earmen flein en no stean je dêr wat ûngemakkelik.. Se hiene beide wantsjes oan dien en hawwe ús in hân jun en de wantsjes yn'e prullebak dien..

Doe we thús oan kamen seagen dat myn húske ek hielendal fersiert is! Der hinget in spandoek oer de hage! Op de ramen hingje teksten fan wolkom thús. Der hingje flagjes en der is in poarte fan ballonnen makke by de foardoar.. Dan wol gjin kroepkes by de doaren op Skiphol, mar dit makket it wol wat goed! Spitichernôch meie de minsken dy it dien hawwe hjir net by wêze. Want ik tink dat se hjir oars graach wêze wollen hiene. Dankjewol leafe fruolju (spandoek) en leafe famylje (foar de poarte en de oare fersiering) Love you!

We krije in soad appkes fan minsken dy't bliid binne dat we wer thús binne, dankjewol jonges! Excuses dat we noch net sa entûsjast binne, it moat allinne by ús noch efkes in plakje krij.

Wyls ik hjir oan't typen bin, oan'e keukentafel yn Easterein komt der hiel tafallich in spesjaal nûmmer op de radio. Ik hie it noch net hearder mei jim dielt, mar it ferske is foar my spesjaal omdat ik it yn ús moarnen foarbereidingen hiel faak op'e radio hearde. It ferske passet wat betreft de tekst ek hielendal der by. It hat dan sels ek noch wat ferskeidene betekenissen. Wol wer tafallich dat hy no samar op'e radio komt. Dit wie ek it gefal doe ik foar ús fertrek ôfskie naam fan Alice. Myn leave freondinne dy't doe krekt 3 dagen lyn befallen wie fan in lytse poppe. Dat ôfskie foel my dochs wat swierder as ferwachte. Doe Syb en ik by har weiriden kaam ek HIEL tafallich ditselde nûmer op de radio. Ik ha it nûmer sels op'e gitaar oan't oefenjen west en yn de lêtste wike foar ik fuort gie foar heit en mem spile. It giet om it nûmer fan Danny Vera, Rollercoaster.

Wa net wit wat it foar nûmer is, klik dan hjir: Danny Vera - Rollercoaster

Wa wit bin ik it skriuwen no sa went dat ik noch wolris in stikje skriuw oer ús frijwillige self-isolatie hjir thús, mar dan sil ik it tink ik net mear diele op facebook.

As dit wol myn lêtste berjochtsje wurd, dan wol ik jimme allegear yn elts gefal tige tige danke foar it lêzen fan'e ferhalen en de reakjes!

Ik ha meardere kearen tocht om te stopjen, omdat ik tocht dat it dochs net boeiend wie. Sa interessant wiene ús dagen net altyd. Faaks krige ik dan júst ynienen wer allegear leave reaksjes en berjochten dat der minsken dy't eltse wike stiene te popeljen om ús aventoeren wer te lêzen. Dit ha my tige goed dien! Ik bin no achternei ek hiel bliid dat ik it dien ha omdat we op dizze manier gjin inkel detail fan ús reis ferjitte sille omdat it swart op wyt stiet. 

Tige tige tank foar jim ynteresse! 

6 Reacties

  1. Franca:
    23 maart 2020
    Leave skatten! We binne yndie bliid dat jim wer thús binne! Mar ik snap it dûbbele gefoel ek hiel goed!! Leaver hiene jim dêr de lêste wiken nog dingen besjoen en utfûn. No sist yniens wer yn Easterein... Koude kermis.. haha. Ik kom fannewike wol ris even del en prate we even troch it raam hinne! Is dochs better dan allinnich fia de app! Earst mar effe acclimatisearje jimme Xx franca
  2. Marianne Boersma:
    23 maart 2020
    Wolkom yn jim Heitelân!
    Ek al is it mei dûbele gefoelens,moai dat jim feilich werom bin.
    Sterkte en sukses en in soad sûnens!
  3. Sieuwke:
    23 maart 2020
    Wat hast it allegearre prachtich skreaun Petra. Fijn dat jim wer feilich thús binne al begryp ik ek hiel goed datst leaver der noch langer bleaun wiest❤️
  4. M en Tj.:
    23 maart 2020
    Hoi Petra
    Wat hast dit moai skreaun! En wat leaf fan dyn âlders en freonen dat se sa' leuk wolkom thús foar him regele ha!
    Ik kin hiel goed begripe dat it gefoel wat jim hiene en noch ha om eardet nei hûs te moatten noch net kwyt binne. It wie noch net klear....
    Ik winskje jim beide sterkte! Komt wol goed.....groetnis fan Tjikke.
  5. Ineke:
    23 maart 2020
    Wat fijn dat jimme wer thus binne Petra.Foar jimme wol hiel hastich, hopelik fiele jimme jim aanst wer lekker thus. Groetnis!
  6. Jankenies:
    24 maart 2020
    Wér thús yn dat hûske. Speciaal.