De reis nei hûs....

23 maart 2020 - Easterein, Nederland

Sneintemoarn prebearre ik hiel rêstig te dwan mar ik fernaam oan alles dat ik ûnrustig wie. We ha noch in oantal kear checkt of de flucht noch net cancelt wie. Noch in blokje om west omdat we no noch efkes yn beweging koene, broadsjes helle foar ûnderweis en de lêtste dinkjes ynpakke. Leendert en Stacey bringe ús nei de airport, mûlekapke foar en wantsjes oan, we bin der klear foar. Ik moat sizze dat it hiel frjemd fielt mei sa'n kapke op. It jout wat in spannende en zenuwachtig idee. Dat fernaam ik ek yn'e rij fan it ynchecken fan de bagaazje. Minsken sizze hast neat tsjin elkoar en elk prebearret wat ôfstân te hâlden. It moaie en fijne is dat it fleanfjild hearlik rêstich is! We hoege net lang te wachtsjen en der hinget gjin stressige sfeer. We hoege mei ús handbagaazje ek net iens alles der út te heljen.

We sjogge dat der by ús foaral in soad Indonesiërs stean te wachtsjen. De Nederlânders kin je op 1 hân telle. Indonesiërs binne rêstig. Wachtsje op harren beurt, prate sêft en ek yn it fleantúch is it in hiele gemoedelike sfear. It fleantúch sit dan ek lang net fol, hearlik!! We hoegden dizze reis net te sliepen en koene ús noch redelik fermeitsje. Dizze earste rit fan 7 oeren foel ús eins tige tige mei! Hooplik giet it sa troch!

Doe we oankamen op Jakarta waarden we kontroleare op koorts. Syb hie 36,4 en ik 35, 8, dus we mochten gewoan trochrinne. Letter dochs noch efkes in ekstra papierke ynfulle oer as we ús wol fit fiele ensa, mar as alles nee is, kin je sa trochrinne.

No moatte we 5 oeren wachtsje. Syb hie hast in hert oanfal doe hy op it boerd seach om te sjen hokker gate we ha moasten. De flucht fan Garuda Indonesia fan Jakarta nei Amsterdam wie cancelled!! En dy flucht net de ienige. Moastest júst sykje nei de fluchten dy noch WOL trochgiene. Doe Syb noch ris 10 kear seach, fûn der gelokkich ien ferskil mei ús flucht. De tiid wie net goed!! PFIEUWW.. mar omdat it boerd fol mei fluchten stie dy cancelled wiene, wie it noch wol efkes flink spannend dêr!

T'is oan't no ta hast dea stil op it fleanfjild. Der binne mar 2 nationaliteiten, Nederlânders en Indonesiërs dy't eins allegear personiel binne. Ohja en in oantal Dútsers, dy sille dan wol mei de auto nei Dútslân gean en sille oars wol net mear thús komme kinne. De earste 2 oeren geane prime. Efkes yn beweging, wat omhingje, spultsje dwan.. Mar de oare 3 oeren wurde al hiel dreech. De ferfeling slaat ta en we wurde hiel wurrich. Net frjemd fansels want de tiid yn Jakarta mei dan wol 8 oere jûns wêze, wy sitte noch yn it Australische ritme en dêr is it no al 3 oere nachts!!!

De tiid tikket foarby en sa komme der hieltyd mear Nederlânders op it fleanfjild. Fakânsjegongers fan Bali en oare soksoate plakken. As it hast safier is dat we ynstappe meie ergerje Syb en ik ús dea oan de Nederlânders. De measten hawwe hielendal gjin kapke op of gjin wantsjes oan en se stean op elkoar propt hast te fjochtsjen wa it earst it fleantúch yn mei!! Wat in idioaten, blykber binne sy noch net genôch warskôge. It fleantúch sit oan de harses ta fol. Harrekrammele. Normaal sprutsen ha ik der al in hekel oan omdat it sa claustrofobisch oanfielt mar no mei it virus hielendal! We sitte mei 3 op in rij. Syb by it raam, ik yn't midden en neist my komt in man sitten dy ús noch efkes meld dat we gerêst Frysk mei him prate kinne omdat der dat wol in bytsje koe. Syn heit wie in bekende fertaler fan Fryske en Engelske boeken. Nei efkes in moai praatsje mei de man lit der my allegear sifers sjen fan oantal deaden fan Corona. Hoe heftig it wol net is, ja ik wit it bêste man dêrom gean we nei hûs. It wie krekt alsof der my noch efkes oerhelje woe.

Dan ynienen ferteld der dat hy krekt fan Bali kaam en yn dat fleantúch mei in pear Sinezen siet dy by de douane ek op koorts testen waarden mar dy't allegear koorts hiene! Hy wie der behoorlik bang fan west omdat hy mei harren yn't fleantúch sitten hie. No ik sei: Dat is wol geruststellend no ik neist jo sitte mei... Slik... Dit fun ik eins hielendal net noflik om te hearren! 

Undertusken weagje myn eachleden hast in kilo it stik en wol ik graach sliepe want it is foar ús gefoel undertusken 4 oere nachts. Ik wit fan de foarige kear dat as we opstijge, dat we faaks earst waarm iten krije sadat dan dêrnei elkenien sliepe kin. Dêr wachtsje ik dan ek op. Mar eltse kear as de karkes mei iten de gongen yn ride is der turbulentie en gean de karkes werom en moatte we wer yn'e gordel sitte. In oer as 5 hawwe we dan eindelik ús overhearlike mini fleantúchmiel en kin we ús deljaan.

We hawwe wol slipt, mar lytse hazze slipkes. As ik dan wekker wurd hoopje ik dat der 6 oeren ofsa foarby binne, mar meastal moat ik bliid wêze dat it 1 oerke is..Nei 6 a 7 oerkes jou ik it op want je witte net mear hoe je it ha moatte yn dat lytse stikje romte wêr je sitte. Bilspieren sliepe hast, fuorten en fingers wurde dik en sa no en dan fielt it alsof elk lichaamsdeel yn't paad sit en de stoel hieltyd lytser wurd...

Mar klear, we hawwe it oerlibbe en hawwe ús bêst dien sa weinig mooglik tichtby minsken te kommen of iets oan te reitsjen. 

Ohja, ik hie ek noch wat doms op de wc. Ik hie al hielendal betocht hoe ik it dwan soe mei wantsjes etc as ik nei de wc gean soe. Ik betocht my dat dy wantsjes net makkelik út en oan gean, dus mar gewoan oanhâlde en de wantsjes waskje! Sa stean ik in skoft te kloaten by de kraan en de sjippe want it moast allegear automatisch gean. No, de kraan by de froulju neist my gie wol oan mar myn't net. Ferhip, dizze is fêst stikken, dan dy fan de buorfrou mar prebearje mar ek dy krige ik net oan! Ik moast wol wetter ha want dizze omkoal hie de wantsjes al fol sjippe en skom fansels! Nei in skoft ompielen kaam ik der achter dat it systeem net reageert op rubber, mar allinne op echt fel. Jim wolle net witte hoe ûnoazel it der út sjoen hat en ik hoop net dat der ergens in kamera hong mar it is my slagge! Haha, in stik fel der ûnderlâns helje en dan razendsnel fan it bytsje wetter gebrûk meitsje! hahaha...

Mar uuh.. we binne dus oankaam!!

Foto’s

3 Reacties

  1. Froukje Zijlstra:
    23 maart 2020
    Wolkom thús. Moaie ferhalen telkens,mar oost west thús it best!!!
    Gr. Froukje
  2. Wilma:
    23 maart 2020
    Fyn dat jim der wer binne!
  3. Jankenies:
    24 maart 2020
    Dat wie dreech Petra. Mar dan doch yn Nederland. Al is it hjir gean feest.moaie ferhalen. Dat wié genietsje .