We binne op wei!

16 november 2019 - Narrabri, Australië

Alwer in wike yn Australië!  En we hawwe oan de iene kant fanalles belibbe en oare kant eins ek noch net echt folle. Dizze kear in koarte gearfetting fan eltse dei ;)

Moandei kamen we oan yn Sydney en wiene we dochs wol behoorlik dwarstroch nei in nacht net sliepe. We kamen oan by't hostel en dêr binne we earst efkes op bêd kropen. (lês: in stapelbêd op in gezamelike keamer mei 4, gelokkich wiene we noch tegearre!) Middeis hawwe we in hiele bult ynfo krigen fan 'Australian backpackers', wêrby Peet in startpakket hie. Syb net, want dy hat gjin work-holiday visum. Ik krige in simkaart en foar de pinpas moast ik my efkes melde by de bank. It wie allegear wol oanfrege mar moast efkes ôfhandele wurde. It like allegear noch moai soepel te ferrinnen. Juns kamen we der helaas achter dat we net mear tegearre op'e keamer leine. Dochs wol efkes skakelje nei it luxe bali..

Tiisdei: Fol goeie moed in plan makke hokker bussen we ha moasten en hoppa.  De pinpas bij de bank wie sa regele! Ek noch in oanfraach foar zorgverzekering boel wie rap foar elkoar. We hawwe sels noch efkes 2 oerkes Sydney yn west. We binne mei de Ferry Sydney yn gien, prachtig sicht op de stêd!  Juns hat Syb oan't sneupen west foar in auto. Kontakt op naam mei in stel, we koene moarn ein middei wol delkomme! Yes..

De boskbrannen binne ek boppe Sydney! it is dan wol 200 km (wat hjir niks is) mar de loft is hielendal donker, gjin grijntsje sinne of blauw mear oan'e loft. Alles is skier en donkergriis.

Wat my fernúvere: De temperaturen kinne yn'e maaitiid behoorlik wikselje! Juster wie it fris! en hjoed ynienen 36 graden!! moarn mar 21.. HOE DAN?

Woansdei: De dei begun om wurk te sykjen op internet. De moed sakke my wat yn'e skuon. De backpackbaantsjes dy der op stiene wiene allegear minimaal foar 3 moarnen. En dat wie no net echt ús plan. Wyls ha we in wask draait, wask ophongen en op paad om ek foar syb in wurkjende simkaart te regeljen en hy hie al in pinpas fan 5 jier lyn, mar syn nije tillefoannummer moast efkes oanpast wurde. Jammer genôch gie dat wat minder soepel! Op ien of oare manier sette syb der in maandeliks abonnement op foar 40 dollar, mar IK krieg de 40 dollar op myn mobiele nummer! haha.. noja no hy ik wol extra mar Syb noch steeds neat, en hij koe noch steeds net belje ensa! Doe mar mei de bus nei de Vodafone en der 40 betelje en dan soe it goed komme, mar helaas. Noja om dit ferhaal net te lang te meitsjen... we ha der in pear oeren sitten.. sunder resultaat.. 80 dollar kwyt en mobiel die noch neat.. Doe rjochting de auto want dy woene it leafst HJOED noch hawwe.. We wiene wol klear mei al it geregel..

Nei 2 oeren mei de bus, eindelik oankaam by  Michael en Carla dy harren auto te keap stean hiene. In machtig moai stel út de UK/Skotlân. Se hiene de auto hielendal backpack ready makke en we krigen dus ek alles derby wat sy keape hiene en makke. We wiene beide wol tevreden! Mar hjoed noch de boel runkrije soe wol net mear slagje. Moarn mar, dan hiene we tenminste hiele dei de tiid en koene we it rêstig oan dwaan.

Tongersdei: Hjoed gean we de auto keapjen! Dus fol goeie moed oan'e slach by it hostel. Want we ha der no 3 nachten sitten dus we moesten úttsjekke.. Australian backpackers organisatoren koene ús helaas net echt helpe oan de info hoe en wat we alles regelje moasten. Green slip, BLue slip, pink slip.. pffff ik kin gjin slip mear sjen! whaha

De green slip moasten wy regelje begrepen we op in gegeven momint. Prima! Dat is in verzekering. Syb hat drok dwaande west, en binnen no time hong der oan'e telefoan mei in man dy't alles wol efkes regelje foar ús en dan hiene we hjoed de boel noch klear! It koste 70 dollar per moarne en dan soene we in hiel soad fersekere weze! MOAI!! dat is klear.. no noch wachtsje tot it jild oerstoarten wie (WANT DAT MOAT EK ALLEGEAR MEI IN GIGA OMWEI.. grrr.. enige irritatie wie der wol sa jim fernimme want we wiene no al 2 dagen non stop oan it regeljen)

TADAA middeis run 2 oere hiene we it jild! GAU Michael en Carla belje! Dan koen we mei hun nei de RTA service om it noch foar 6 oere oer te skriuwen! In principe hiene we noch in hiele middei.. mar om dit hiele ferhaal mar IETS koarter te meitsjen..... jim lieuwe it net mar kertier foar 6 kamen we dêr oan. Carla hie ús al wat ynljochte dat it fêst net de geselligste minsken wêze soene. NOU!! dan ha we murken.. ANTI backpackers like it wol.. allegear geseik en der koe gjin grijntsje glimlach fan ôf!   Wat bleek.. de GREEN slip dy we regele hiene.. wie blykber net goed??? we moasten moarn mar wer komme..... GRRRRRRRRR

Ok en no? Gjin hostel mear en gjin auto.. dus ter plekke mar bed regele op booking.com.. der hawwe michael en Carla ús brocht. Toppers dat it wiene.. Sy wiene fansels hun tiid ek kwyt foar neat. mar funen it ek hiel ferfelend foar ús.

We binne belanden yn in sliepkeamer by in aldere man yn'e hus! haha.. dat wisten we net.. mar klear, it wie wol in stik rustiger as in drok hostel! 

Juns hat syb noch 5 kear mei vodafone prebearje te beljen en nachts let EINDELIK kontakt! ek dat sette noch wat fuorten yn'e ierde mar warempel syn mobiel docht it EINDELIK!! en hy krijt hooplik wat jild werom joehoee!!

Freed: soen we dan hjoed wol de auto keapje kinne? Of... Syb hat earst belle mei de verzekering. Dy hat der earst mar annuleerd! En der is him útlein wat hij warksynlik dan WOL ha moast. Hoppa gelokkich hiene we dat ek binnen in oere regele! (IT koste wol efkes  $ 740, en we binne no allinne ferzekere as we in persoan platride mar we ha der ien!) En warempel in mail mei de bevestiging dat de FUCKING GREEN slip no binnen in oere mailt wurde soe!  joehoee.. dus wy gau Michael en Carla wer belje want dy hie der sels foar frijnaam! 

Wyls we rinde nei in supermerke gien binne (want ontbijt hiene we noch net han) wie undertusken dat ferekte oere allang om en noch steeds gjin mail! Syb hat wer belle! en dy beste man sei dat we EARST de auto keapje moasten en dat der DAN PAS de green slip krije soe.. WEL POTJANDIKKIE!!! Doe Michael mar belle,  en dy hat wer mei syn baas belle. We wisten ús gjin rie mear.

Uteindelik hawwe Michael en Carla ús oppikt en binne we mei syn 4 nei de RTA service gien. Gelokkich wie Carla mei want Carla is in pittige tante fan 30 jier dy 't better Engels as ús alle 3 koe en se liet net oer har hinne rinne! Se hie self ek yn'e papieren wurke mei advocaten dus se stie sterk! En dat hat ús ek rêden! Want wyls se ús de foarige dei beloofd hiene dat alle oare papieren fierder yn orde wiene en allinne de GREEN slip noch komme moast wie der no ynienen wer FANALLES MIS!! dy rotsakken woene ús gewoan narje! As Carla dan efkes optrede, krigen we it faaks wol foar elkoar.

Lang om let..... it grapke koste ús ek noch efkes $ 680,-!! MAARRRR we hawwe de papieren!!!! YEAHHH...!

We hawwe Michael en Carla thúsbrocht en soene it matras der noch efkes yndwaan, doe it hiele frame hast yn elkoar dondere.. Michael en Carla seine beide ek al: WAT IS HJIR MIS?? WEROM GIET ALLES MOEILIJK MEI JIM?? HA JIM ALTYD SA'N PECH?? JAAA DEZE WIKE BLYKBER WOL!! haha..

Noja we ha dus eindelik in auto!!! In MITSUBISHI Pajero! mei alle kampearbenodigheden der yn!

MEI GANG DE STÊD UT!!! want ik wie sels eins HELEMAAL klear mei de sted.. Ús earste nacht into the wild! op in natuurreservaat, hawwe we yn'e auto koest! De Ranger kaam noch efkes del, bêste kearl! Allinne praatte der my nogal bang oer alle enge bisten. Noja we hawwe it oerlibbe!

Sneon: In fijne dei! haha.. We hawwe de hiele dei riden yn ús nije bak! En we ha al in hiele oare wrâld fan Australië sjoen! Gelokkich mar, want dit fine we folle moaier as de stêd! We hawwe al hiel wat kangaroos sjoen.. noja it wiene deade lâns en op de dyk! oeps.. mar ik ha se wol sjoen haha! No noch op syk nei levende kangaroos! ;)  We moatte miskien kommende dagen wol ús route oanpasje omdat der in soad boskbrannen binne.

Juns mochten we fan ússels wol efkes yn in B&B want we moasten goed internet ha omdat we ZWARTE CROSS kaarten regelje moesten! 

Dit wie it foar dizze wike! It is wol in lang ferhaal wurden mar we ha dan ek in soad (drama) beleefd en dus eins gjin iene reet fan Sydney of Australië sjoen!

Oan't oare kear!

Syb en Peet

Foto’s

2 Reacties

  1. Jurjen & Sijtske:
    16 november 2019
    Leuk om jim ferhalen te hearen! Wat in belevenissen! :)
    In protte sukses en wille der down under!! Groetsies fan ús allegear.
  2. Sjieuwke:
    16 november 2019
    In prachtich ferhaal Peet, jim beleve der wol wat. Jim ha in prachtige auto, it hat efkes wat frustraasjes koste, mar dan ha je ek wat. No op wei dus, mar goed om jim hinne sjen, jim ha der no tiid foar. fijne reis. Groetsjes mem (Sjieuwke)