1e wike wurkje op'e farm yn Modella

18 januari 2020 - Modella, Australië

Sneon: Kâld hjoed! Justerjun hat it de hiele jun oan ien ein trochreint dus we wiene ferekte ferklomme foar't we klear wiene mei melken. It hûs is lekker koel as it hyt is. Mar as it búten kâld is dan is it hûs EK kâld. Seker omdat wy noch op in matras op de grûn lizze koene we it net goed waarm krije.
We waarden dus al kâld wekker en it wie hjoed ek net folle waarmer! It melken dogge we moarns fan ôf 5.40. 2 oeren melke ûngefear en dan oardel oere skjinmeitsje.. 
Ja je wolle it net leaue mar de mega melkerij moat elke kear nei it melken mei boarstels poets wurde! Sorry hjer, mar ik fyn't idioat! 
Goed ôfspiele en as je it glimmend ha wolle dan moat je gewoan sa no en dan mei de hege drukspuit der oer hinne. 
Mar ik ha noch nea in boer sjoen dy 't 2 kear per dei mei in sopke en boarstels oardel oere giet stean te poetsen!!
Nah klear.. we meitsje ús oeren mar.. Syb hat nei it melken oan't bealigjen west troch te strontskowen en ik ha mei de Uruguanen de geiten dien. Tsja we hawwe hjir ek noch 3 hokken mei in stik as 100 mini geiten en in 'sikenhús' foar de sike geitsjes. We hoege der net folle mei te dwaan mar fretten 2x per dei en der troch hinne rinne om te sjen as der ien siik is of mank. 
As se mank rinne of brutsen poatsje hawwe dan wurde se per direct ôfsjitten.. hmzz.. Tsja ik tink dan dat krij je as je der tûzenen hawwe! Mar Syb sei dat it eins altyd gebeurd as je geiten hawwe.
Middei binne we der efkes túskenút knepen. We binne fuort west om wat waarmere âlde klean, dus we binne efkes nei de kringloop west. We soene eins ek learsen of wurkskuon foar my keapje mar we koene net echt wat geskiks fine. Ik rin no namelik noch op myn âlde gympen as ik wurkje. In principe net in grut probleem mar der blike hjir in hiele soad slangen te sitten! dus it is net feilich sizze se.

Snein: Hjoed wer melke moarns en juns. Tuskentroch ha ik op'e quad it lân yn west om stikels te spuitsjen. Syb hat it paad it lân yn oan it opknappen west, it foersysteem hat der ek noch fikst en noch wat oare putsjes. Se hawwe de pleats noch mar krekt lyn kocht dus we binne foaral dwaande mei putsjes om de boel wat op te knappen.
It melken diene we no noch hieltyd mei in stik as 5 minsken. Omdat der no 2 stellen binne dy it leare moatte. Al moat ik sizze dat ik it gefoel ha dat de Dútser (ien fan de backpackers dy it ús leare moat) it idee hat dat Syb en ik ús wol rêde kinne want hy sneakt hieltyd fuort om oare putsjes. Of hy giet gewoan sitten te sjen wat wy dogge.
It klinkt miskien alsof we it melken dogge mei in soad minsken, mar dat falt mei. It binne namentlik 250 kij, in caroussel fan 50 dus de rûnte is hiel grut. Oan de iene kant wêr de kij der yn gean stean de minsken dy de kij ûndersette en hielendal oan de oare kant stean de oare 2 dy't neibehândeling sproeie, derfoar soargje dat alle stellen goed hingjen oars wurde se stikken ramt troch it draai systeem. Opsich is it mei dy 2 dingen noch te dwan.
Mar it punt it dat der gjin systeem is wat der foar soarget dat de kij de út moatte. Se hawwe in oantal sekonden om der út te gean omdat it rûntsje trochdraait, mar omdat se graach fretten ha wolle bliuwe se der yn stean en moatte je hieltyd it trepke opfleane, se wiet spuitsje of se op hun soademieter jaan. Eins moatte je wyls ek noch je gewoane taken dwan mar dat slagget faaks net dus sette je de melkerij stil. En as dat elke minuut moat dan begjint dat in BYTSJE te irriteren. Dus is it wol hiel noflik dat je dêr mei syn 2 binne.

Mandei: Fannemoarn wer oan't melken west, dizze kear mar mei 1 hulp der noch by omdat de oare backpackers út Uruguay no 4 dagen frij binne. 
Je wurkje hjir 4 dagen en dan wer 4 dagen frij. Ik ha dúdlik sein dat ik noch net woe dat we it mei syn twa'en dogge. Ik bin freselik senuweftich hieltyd en bin hieltyd yn paniek as it efkes net goed giet of as ik net wit wat ik dwan moat. De draaiende caroussel giet mar troch dus je hawwe gjin tiid om nei te tinken ofsa.
Dêr komt by dat ik altyd alles graach perfekt dwan wol en ik mysels wol wat dwan kin as der iets mis giet troch wat ik doch, net snel genôch bin of iets net goed begrepen ha. Ik hoopje dat it better wurd want ik wurd hjir net echt hiel bliid fan. Myn hiele bealich docht ek sear. Justerjun koe'k amper mear rinne sa sear die myn rêch. Ek myn hiele boppe lichem hat spierpine. Ik fiel no echt wol hoe'n slappe dweil ik eins bin, want Syb hat eins nearne lêst fan. 
Nei it melken hawwe we moai tegearre oan'e slach west. We hawwe touwtsjes oan't ferfangen west yn'e melkerij, dan is der yn elk gefal miskien IETS wat aanst goed wurket oan dy melkerij. Ik fun't wol gesellich, moai gesellich wat omprutse en piele! 
We hawwe hjoed gelokkich ek in koelkast krigen! Joehoe, we hawwe der meardere kearen om freegje moatten, mar no ist eindelik safier. No sjen as we it foar elkoar krij om in stofsûger te fiksen en in bêd. We hawwe trouwens justerjun noch in kacheltsje fikst! Dy earst efkes oansette yn'e sliepkeamer, dat helpt ek wol wat. It klinkt núver mar t'wie echt kâld de ôfrune dagen en nachten! 
It friist fansels net mar as je miene dat je hjir yn hyt Australië leve en it hieltyd 30-40+ graden is, dan fielt 12 graden wol HIEL kâld!

Tiisdei: Moarns en middeis hawwe we wer molken. Oerdei is Syb wer dwaande west mei de melkerij en bin ik it lân yn west om de wetterbakken te kontrolearen. Ohja en ik moast de beef'kij fine want dy wiene útbrutsen. Normaal sprutsen kinne je se wol werom fine want it is hjir frij flak allegear mar der is hjir al 2 dagen in hiele soad rook. De boskbrânnen binne hjir net hiel tichtbij mar troch de wyn komt de rook wol oeral en dy bliuwt hiel lang hingjen. Ik ha der in ferekte hekel oan want myn kiel begûn lyk alwer te irritearen.
Mar om dy reden koene we dus net sa fier sjen. Je moatte it je foarstelle as wie it behoorlik mistig, dan sjogge je ek gjin kop. Ik ha moai oan't racen west troch it lân en mar sykje. Wyls de Dútser letter pas sei dat hy se allang wer fun hie.. Moai jong.. Fijn dast it efkes meldst! Fierder hjoed net folle bysonderheden. Syb hat juns noch efkes te mearnen west mei de túnmeaner. Se warskôgje ús hieltyd foar slangen hjir omdat dy hjir in soad blike te wêzen, mar wy hawwe der noch gjinien sjoen. Soks hie krekt wat west as je yn'e rimboe oan't mearnen binne mar helaas.

Woansdei:  Wat in dei hjoed!! It begun moarns betiid al om 5.30 doe't Syb de kij ophelle. Doe hy der kaam wie der al in keal útbrutsen út in oar stik lân. Doe hy dy werom bringe soe giene der noch mear keallen der fan troch. Doe hy sei eindelik wer te plak hie en de melkkij meinimme woe út in oar stik lân giene der sels ek noch melkkij troch de tridden sadat der wer in pear by de keallen rûnen!
Helaas bleaun it hjir net by want undertusken wie ik yn de melkerij de boel oan it klearsetten mei Santi en Ara, doe ik ynienen 2 kij oer it hiem rinnen seach. Doe fleach ik gau nei búten en seach dat der in hiele soad kij rûnen! Se rûnen sels op'e dyk! ik ha in sprintsje lutsen ( al wie 'k noch amper wekker foar myn gefoel) en gelokkich ha ik se ynhelje kinnen en de boel keart. Santi en Ara hawwe holpen en doe kaam Syb der ek al oan op'e bike. 
We hawwe se gelokkich frij snel wer yn it hok krigen. Syb hie my wol belle mar ik hie myn mobiel yn it kantoorke lizzen omdat ik net woe dat der wiet wurde soe yn'e melkerij. Noja lekker begjin fan de dei dus. Syb hie al behoorlik syn nocht. Oerdei gie it wat better mar run it ek net allegear op roltsjes. middeis mei it melken soene we it mei syn 5en dwaan omdat se graach elke ko in podometer om'e poat jaan woene. (Foar degenen dy't net witte wat it is. It is in soad fan poatbantsje wer in sender yn sit sadat je fan alles witte kinne oer de ko)
De kij fine it allinne net hiel noflik dat soks ynienen oan hun poat sit want se witte net wat it is. Nou en dat hawwe we witten! Ara (ek in famke) stie op'e steiger om de earnummers te sjen, de trije mannen soene de podometers dwaan en de melkstellen underdwaan en ik stie achteroan om alle kij nei te behandeljen. Ik hie gjin mobiel by my mar oars hie'k it filme.. It gie wol sa alderferskuorrendst mâl!
De kij diene alsof we harren libjend fermoarden, se skopten sa mâl kear op kear dat in oantal harren eigen poaten hast kapot skopt hawwe en foar de jongens wie it libbens gefaarlik want Syb krige al frij snel in knibbel fan de ko yn syn each.
Ek begunnen de kij fansels alderraast te skiten dus se sieten fan 't hier oan 't de teannen under de stront. It gie sa mâl dat se foar myn gefoel de molkerij hast ôfbrutsen! Wyls stie ik oan'e oare kant en hie it eins frij rustig omdat de carroussel no op syn alderlangsaamst draaide of geregeld 5 minuten hielendal stil stie. Ik ha derom mar safolle mooglik oan't skjinmeitsjen west en sommige kij wer op nij undersetten. Want tsja, mei safolle stress woene de kij fansels ek net melke en giene der in soad kij wer mei in fol jaar it lân yn. Ik ha prebearre it in BYTSJE te foarkommen.
Nei sa'n 150 kij wie it wol genôch want de mannen wiene oan stront en yn'e stront (haha moai wurdgrapke) en hawwe we de rest fan de kij al de soademieter mei gang troch de melkerij smiten. Tsja doe hie ik it ynienen wol hiel smoardrok oan'e efterkant want dan kinne je it hast net mear byhâlde. As de dei net erger koe begûn it doe ek noch hiel hurd te reinen en te ûnwaarjen en sloech de stroom út. Noja we hawwe earst mar in pilske naam doe we thús wiene. Helaas hiene we net op dizze ekstra wurkdei rekkene dus we hiene net echt mear fatsoenlik íten yn'e hûs. Dus by gebrek oan better hawwe we dizze jun mar wite bearnen yn tomatesaus iten en in bakt aai! Haha.. noja moarn lekker frij!!! Hearlik, sin yn!
 
Tongersdei: Hjoed frij! 4 dagen wurkje en dan wer 4 dagen frij. Hearlik, wat ha ik dêr fan genoten. Hearlik lekker genoten. We hawwe moarns oan't boadskipjen west, sels dat fun'k leuk want no ha'k eindelik tiid en enerzjy om wer lekker iten te meitsjen! De dagen dat we wurkje bin je kapot oan't einde fan de dei en dan ha je net folle sin mear om iten te meitsjen.
We hawwe fierder noch ús nije keamerke skjinmakke. We slipten no namentlik heal yn'e keuken en we waarden elke dei wekker as de oaren 5 oere der út giene. Dus we binne no ferhúze nei in oare keamer. Fierder ha'k de wc noch efkes grondig skjinmakke en we hawwe in stofsûger te lien dus in soad oare gore bende ha'k ek efkes skjinmakke.
Oan't ein fan'e dei hawwe we it meast Hollânske potsje hân oan't no ta. Blomkoal, searne jirpels mei jus en kowe fleis! hearlik efkes!

Freed: Hjoed is Syb moarns begûn mei melken. In principe wie der frij mar se hiene him frege as der ek noch efkes ien kear helpe woe mei de podometers omdwaan omdat hy dat sa goed koe en de Uruguaan dy't hjoed wurkje moast hat noch nea hearder in buorkerij sjoen fan syn libben dus dy koene we it fansels net oan dwaan.
Ik ha moarns dwaande west mei pensioen oanfreegje. Letter hawwe we noch efkes wat planten út'e grun skourt sadat der wat mear ljocht yn ús keamer komt. Ik ha fannemiddei in ferekte lekkere lasagne makke! Potdikke, doe ik him yn elkoar sette seach ik hoe perfekt as der wie! Ik hie der no al sin yn! Lekker en ek noch gezond mei allegear griente en volkoren lasagneblêden! Ik hie him klearsetten sadat we him jun as we ite woene him sa yn'e oven sette koene. Allinne kaam tot myn grutte spyt doe ynienen allegear besite. Wol gesellich hjer, de oare backpackers kamen. Mar we koene fansels net útgebreid lasagne iten gean wyls sy der by sieten te sjen en gjin iten han hiene. Dus mar yn'e kuolkast en moarn mar ite.
It feesje is juns noch wol efkes trochgien mar ik lei run 9 al lekker op bêd ik wie net hielendal fit. 

Sneon: Hjoed binne we mei Leendert Pieter nei in oldtimer meeting west yn San Remo. Prachtig moaie auto's! Ik sil in seleksje op'e site sette. It moaie fun ik dat se ek allegear fan binnen echt prachtig perfekt binne! Yn Nederlân sjoch je dochs wol faaks dat se dochs wol redelik ferrot of stikken binne fan binnen. Gewoan útleeft, nou soks kaam wie hjir net. De kleuren fan de ferskeidene auto's fun'k foaral machtig om te sjen! Wat in originele, felle, glitterige en âld makke kleuren.
Doe we thúskamen hat Syb noch mei 1 fan de Dútsers ús nije 'pool' úttesten. It stik lân it tichst neist ús hûs hat de drinkbak hast tsjin it stek oan stean. De Dútsers kamen mei it idee om dy gore drinkbak leech te heljen en skjin te meitsjen en der in zwembad fan te meitsjen. Dus sadwaande moast dat fansels efkes prebearre wurde! 
Yn San Remo wie it wol lekker waar, de koarte broek hie wol oankinnen. Helaas is it hjir by de pleats hieltyd net sa moai. De sinne skynt sa no en dan wolris efkes mar it waait hjir hieltyd sa hurd dat dat de temperatuur wol wer ôfkuollet. It is hjir foaral grau en skier, mede troch de rook noch steeds. 

Foto’s

2 Reacties

  1. Rients:
    18 januari 2020
    Mooi om sa mei te genietsjen
  2. Jurjen & Sijtske:
    19 januari 2020
    Wat in belevenissen wer! Leuk om te lèzen!😄 In protte sukses fjirder. Groetnis út Tsjummearum 🖐