In ietwat spannender ferhaal as foarige kear, boskbrânnen en we binne wer kompleet earne oars!

10 januari 2020 - Garfield, Victoria, Australië

De jun neidat ik it foarige ferhaal op'e site setten hie fielde ik my der eins net echt tevreden oer. Wat in saai ferhaal, we belibben eins neat de lêtste dagen en wa soe it no boeie dat wy in dei nei in pretpark gean! Miskien moat ik mar net elke wike wat skriuwe mar allinne wat der op sette as it ECHT wat interessants of spannends is.
Blykber hie'k dat net tinke mochten. Want moarns krige ik earst al in leaf berjochtsje fan Judith dat se ús ferhalen sa leuk fun om te lêzen. Huh? tocht ik, dochs neat interessants oan. 
Doe tocht ik ek oan heardere reaksjes dy ik fan sommigen fan jimme krigen hie, super leaf om te hearren!! Docht my goed! Dus ik soe dochs mar trochgean mei skriuwen.
Mar dat wie net de ienige reden dat ik it net tinke mocht want dy moarns belibben we lyk wat. Gelokkich mei in goed einde, mar dochs fielde it alsof it gebeurde omdat der wat spannenders wie te fertellen. ;)

Sneontemoarn hiene we al betiid ús sooi by elkoar pakt omdat we by Wendy wei moasten. Wêr we jun sliepe soene wisten we noch net, mar we hiene wol stille hoop. Syb hie namentlik de jun derfoar in reaksje krigen op syn gumtree oprop (gumtree is in soad fan marktplaats, dêr kinne je ek wurk fine)
In man reageerde en hie wol wurk foar Syb. We koene wol by syn âlders oan't wurk. 5 oeren per dei foar 750 dollar yn'e wike. Dat klonk wol prima. Hy moast dan om it hûs hinne wat ûnderhâlde ensa en ik koe yn it hûs ek wol wat dwaan.
It wie fansels gjin prachtbaan, mar we tochten dan hawwe we yn elts gefal foar dizze wike in plak, kinne we fertsjinje en wat langer sykje nei in moai baantsje. Syb hie sein dat we earst nei Wet'n wild soene (it wetterpark) en dêrnei wiene we frij. De man wenne yn'e buert en soe moarns ek wol nei it parkeerterrein komme dan koene we elkoar efkes treffe.
Underweis hiel wat hinne en wer chatten en belle. De man hie in wite Mercedes we koene him dêr wol fine. Doe we der wiene bellen we wer efkes mei him. Hy wie efkes in ontbijtsje by de Mac oan't heljen mar syn mem dy't yn in rolstoel siet, hie der by de yngong delsetten. Hy stelde foar dat ik fêst nei de yngong rûn en kennis makke mei syn mem dan soe hy sels sa wol by Syb komme by de auto.
Syb hie der hieltyd al wat in núver gefoel oer. Ik sels krige dat doe ek wol efkes mar wol altyd elkenien it foardiel fan'e twifel jaan en it bêste fan minsken ferwachtsje. We binne dochs mar tegearre nei de yngong ta run. Der stie gjin frou by de yngong yn in rolstoel, en as it neist it winkeltsje wêze moast sa 't hy sei, dan moast se al in kaartsje kocht hawwe. Dat wie núver!
Doe waard Syb wer belle. De beste man miende dat der ús auto seach en sei dat ik wol efkes by de auto komme koe dan koe Syb wol wachtsje by de yntree. Syb sei lyk: wy binne no hjir, dus kinst hjir wol komme. En doe hong der op.
Ik frege Syb of der ek in foto fan ús beiden der by stjoerd hie. Ja sei der, mar dêr stean wy yn'e fierte op en it like ús beide no net echt logysk dat dêr út opmeitsje koe as der my interessant fun of net. We wachten in minuut en doe krige Syb in foto fan him. 
"Tis wol in viespeuk" sei Syb, sa der al ferwachte hie. Op de foto stie de man namentlik bleat en de foto wie fan ûnderen makke, wyls der syn saakje fêst hie!! HARREKRAMMELE!!!! wat in smoarge goorlak en wat in ENG idee! Gelokkich binne we by elkoar bleaun, want hy hie my dus allinne yn'e auto ha wollen en dan wit ik net hoe it dan ôfrun wie! :S

Syb hat it melden op gumtree, mar ja dat sil wol net hiel folle dwaan. We binne it park mar yn gien, al wie de lol der wol efkes ôf! Ik waard der behoorlik benaud fan en wyls wie ik tige tige dankber dat it sa ôfrun wie! 
We hawwe dus noch gjin wurk en gjin sliepplak mear foar jun. Oerdei hawwe we it wetterpark yn west, wat best wol leuk wie mar earlik sein wie ús sin net alte alte mear. 2 oere hiene we it dan ek wol besjoen en binne we mar ôftaait. Op syk nei in sliepplak, in lyts eintsje under Gold Coast.
Al foel dat ek net mei! De measte campings binne fol omdat it heechseizoen is en de gratis kampeerplakken binne eins allegear it binnenlân yn. Dochs hawwe we noch in leave receptioniste fun dy foar ús in útzondering meitsje woe (want it ienige plakje wat der noch wie, wie bedoeld foar minstens 4 nachten). 
Efkes bykomme fan alles. Ik wit ek net wat it is mar ik fiel my wer gigantisch sleau! De hitte makket je gewoan sa wurch, ik wol fan alles en ik merk oan alles dat ik minder beweeg en doch as thús mar it is gewoan te hyt om my mear te bewegen dan nedich is haha. 
We wiene beide eins wol bliid dat we wer efkes kampeare koene, wa hie dat tocht. Mar gewoan wer efkes hielendal je eigen is wol noflik neidat je je oardelwike wat oanpast ha omdat je te gast binne.
Wyls ik gigantisch wurrich wie ha'k eins fan gjin meter slipt. Al fielde de auto wol wer as 'fertroud'. Ik waard sels midden yn'e nacht wer wekker troch ôfgriselike jokte! Ik ha der fêst faker oer ferteld mar de musquitos en de sand flies binne wol sa freselik wiis mei my dat ik dageliks behoorlik bulten op rin. 
No kin it my eins gjin reet skele dat ik in bult ha, mar de jokte jongens.. is NET TE BESKRIUWEN!! Fryske neefkes binne gewoan skattig as je dat fergelykje. De jokte is SA heftig dat je der raar fan wurde, en it minste is dat it wol dagen lang en sommigen wiken lang jokjen bliuwe! Ik smaar my út elkoar mei salfkes, mar t 'helpt net hiel goed eins.

Mar klear... dat wie efkes myn frustraasje.. ja MYN frustraasje want Syb litte se kompleet links lizze! Dy kin gerust in healoere búten sitte sûnder dat se ek mar IETS dogge, wyls ik mar 2 seconden in finger it rút hoech út te stekken en it al mis is..

Snein binne we nei Byron Bay riden. We wisten eins net goed wat we dwaan moasten. Syb hat wyls noch kontakt mei in boer krekt boppe Melbourne. As we dy kant op gean om wurk, dan moatte we 16 oeren ride. Mar as we dy kant fêst al opride en dan blykt aanst dat we der NET wurkje kinne en dan hawwe we alle km's foar niks riden en de peut der foar neat trochhinne jakkere. 
Want we moatte eins wol nedig in baantsje hawwe omdat it jild alwer behoorlik op giet!  Yn Byron Bay hawwe we efkes oer in merke wist, Byron Bay like ús wol in hiel leuk toeristisch en ietwat sweverig plakje ta. Dochs hawwe mar besletten om foar hjoed earst in sliepplak te sykjen en moarn wer nei Byron Bay te gean.
Middeis en juns hawwe we wer drok dwaande west om wurk te sykjen. Oeral en nergens reaksjes achterlitte en berjochtsjes stjoere. It leafst wol Syb op in pleats wurkje, dochs hawwe we ek mar reageert op in blueberry pickers job. It fertsjinnet net hiel super en it sil wol hiel hyt wurkjen wêze yn'e baarnde sinne mar as it net befalt dan taaie we nei in wike mar wer ôf. Dan hawwe we yn elts gefal wer wat sinten!

Mandei: Hjoed nei Byron Bay. Ik fyn it eins best wol in leuk stêdsje! It is allinne ferekte drok omdat it heegseizoen is en Byron Bay is in moai toeristisch plakje. Ondanks de drokte fyn ik it moai om te sjen hoe elkenien lekker der by rint sa dy wol. En dêrtroch begun ik ek wer wat te tinken oan myn pubertiid. Hoe hippy/punk/skater/boer as ik der doe by run! Machtig dat ik dat doarde..wat bin ik dan no toch al wer fierstente degelik wurden!
En dat fyn'k hielendal net leuks eins.. Mede om dy reden om wer lekker wat oars te dragen ha ik hjoed iets nijs kocht! Juster op'e merke seagen we in kraampke mei hiele stoere spikerjaskes en hesjes. Se wiene twaddehâns (Want dat heard ek by it sweverige hjir, alles moat recycled wurde en alles milieu freonlik!) En de spikerjaskes binne 'pimpt' troch de frou dy se ferkocht.
Harstikke koel! Eins koe ik it net litte en seker net omdat ik dus júst soks machtig fyn! Mar ferhip, gjin enkel jaske passe.. mar se hie ús juster melden dat se in lytse romte flakbij hie wêr se se makke en dêr koe ik gerust ris lâns komme. Ik hie it fansels net yn'e holle omdat we der mar in dei wêze soene mar omdat we dochs besletten hiene der wer hinne sei'k tsjin syb: Ik wol sa'n jaske! Makke foar my en op myn maat.
Dus sadwaande. Lyk nei har ta want we moasten 3 oere wer fuort. Se is rap oan'e slach gien! en hoppa ik ha in nije koel jaske!  :D Lyk komme ek de ideeën boppe om soks thús ek te dwaan mar Syb sette my al efkes mei twa fuorten op 'e grûn troch te sizzen dat de measte Friezen dêr eins fierstente nuchter foar binne.. Grut gelyk mar klear ik ha in leuk jaske! No sjen hoe we dy bewarjen gean..
Doe wer op wei nei in gratis sliepplak: Arrawarra. In behoorlik populair plakje foar backpackers want it stie oan'e harses ta fol oan't ein fan'e jun. Noch steeds yn'e holle dat we moarnier begjinne soene mei blueberry picken.. Mar doe we underweis wiene waard Syb belle troch in boer! Hy reageerde op Syb syn advertinsje op Gumtree. Hy wennet yn it súden fan Victoria, in bytsje sud-east fan Melbourne. Syb koe syn gelok net op! Want no hoegde der net te blueberry picken!!
Ik moast sels efkes wenne oan it idee omdat we no wer switche soene. Net dat ik sa graach blueberry picke woe, mar mear om it idee dat ik net wist wat der kommen gie en de boer woe Syb graach hawwe mar wist foar it tillefoantsje noch neat fan my. 
We hawwe dochs besletten it wol oan te nimmen dus per direct feroaret de reis wer en gean we moarn ynienen wer reizigjen. Want we sille wol 3 of 4 dagen ride moatte!

Tiisdei: Hjoed 8 oeren riden! Us route moast behoorlik útstippele wurde want we moatte rekening hâlde mei de boskbrânnen en dat falt net altyd mei. We hawwe der in app foar, der komt op te stean wannear der hjoed earne brân is. 
In best ein mar it giet in stik nofliker as yn Nederlân hjer! dan bin je nei in pear oeren al kapot. It is hjir gewoan rêstig op de diken en meastentiids rjochttroch. Oan it ein fan de dei hawwe we ynienen rein han! En in best soad! De grun kin it dan ek net oan en der foarmje lyk allegear rivierkes lâns de dyk.
We hawwe slipt op in gratis plakje by Dubbo yn'e buert. It wie hjir wol FEREKTE hyt!! juns healwei 8 wie it noch steeds 38 graden! Pfff

Woansdei: Hjoed 6 oeren riden. Fan ballimore nei Corowa. Ik hie aardig myn nocht hjoed. Ik wist net mear hoe'k sitte moast! Ik hie net sa'n beste nacht han dus de hiele bealich die sear. De ferfeling yn'e auto slacht sa no en dan ek wol ta as der bútendoar neat interessants te sjen is.. :S
Syb fun it wol in leuk idee om exact op de grins fan New South Wales nei Victoria te sliepen want dy grins is namentlik in rivier. Dus sadwaande binne we yn Corowa bedarre. Juns sieten we ynienen, samar binnen 10 minuten hielendal yn'e rook. Hiel núver, as it dan juns wurd komt ynienen de rook del fan boskbrânnen fierder fuort of fan in oantal dagen lyn.
It bleaun helaas net alinne by de rook om te sjen want it stonk ek behoorlik en omdat we yn 'e auto sliepe mei ramen en achterklep iepen krige ik ek behoorlik lêst fan jokjende eagen (al wie'k bliid dat ik dy nachts tichtdwaan koe ;) ) mar ek lêst fan'e kiel. Hooplik is it net sa erg op it plak wêr we aanst wurkjen gean.

Tongersdei: Hjoed noch mar 4,5 oerke gelukkig. Al fielde it foar ús beiden as folle langer. De tiid woe net opsjitte en we sieten ús beide in breuk! Komt fansels ek omdat je witte dat it einde der oan sit te kommen!
Doe we eindelik oankamen by de Caldermaede Farm & Cafe, hiene we earst noch in soart fan "sollicitaasje gesprek". De baas like nogal kieskeurig en kritysk. Ek doe der mei in pear oare wurknimmers praatte kaam der yn earste ynstansje net hiel maklik en freonlik oer. De moed sakke my eins wat yn'e skuonnen, hielendal doe der sei dat ik dan wol melke koe. Tsja ik ha it eartiids wolris mei heit dien, mar nea allinne en seker gjin 500 kij!!
Om in lang ferhaal koart te meitsjen, doe de baas der ynienen achterkaam wat Syb eins foar wurk die, sloech de boel wat om. Se koene him wol brûke!! Foar in hiele soad dingen wol! Yn earste ynstansje wie dat foar Syb no net echt de bedoeling wat hy hjir dwan woe mar ja, we moasten dochs mar gewillig oerkomme want we wiene bliid dat we in wurkplak hiene mei akkommedaasje!
We krigen al gau te hearren dat wy net op dizze pleats wurkje soene mar in oare pleats fan dy man. Hy hie der namentlik 4, inclusief geitepleatsen. Wy kamen op in pleats dy der krekt 3 moarne lyn kocht hie en it wurket noch net echt, dus ek dêr koene se Syb wol brûke.
Doe waarden we nei ús hûs brocht. Hmzz, dat foel ús behoorlik ôf. Ek dat hûs hiene se krekt nij derby kocht en it wie kompleet leech, neat oan dien en der wurde allinne wat backpackers dumpt. It hús is goor, allegear ongedierte, it stjonkt, de doar fan ús keamer kin net iens ticht, gjin bêd en de koelkast/vriezer die der is stiet oan'e harses ta fol dus gjin plak foar ús mear! 
We hawwe dus earst mar in keamerke skjinmakke en dernei ús matras wat op de grûn leit, opmakke. Wyls we eins ferekte hongerig en wurch wiene fan it reizigjen. Earlik sein, foel it ús beiden hiel erg tsjin! De baas, it hûs etc.
Doe we werom kamen fan wat iten keapjen troffen we 2 Dútse jonges, beide 20 jier. De iene wie hjoed jierdei en soe jun syn jierdei fiere mei oare backpackers fan de oare pleatsen dus der soe jun in PARTY wêze yn it hús. (Us sliepkeamer is midden yn it hûs, dus ik fielde wat oankommen dat it in HIELE lange nacht wurde soe.. :S)
MARRR ... wat hawwe we in leuke jun han!! We hawwe 10 minsken kinnen leard dy't stik foar stik hiel gesellich, aardich en leaf wiene! Dat makke in soad goed! Se fertelden ús oer de baas en dat we him net faak treffe soene gelokkich! Ek wiene in oantal fan hun managers. Sels in famke fan 24 út Frankryk is manager fan in grutte farm! Sy wiene ek allegear super bliid mei Syb want poeee wat soe hy wat problemen oplosse kinne foar harren!
Der is alderraast sopen dizze jun.. al krige ik sels nei 1 bierke gigantische pine harses dus bin ik mar saai mar ferstandich oan in oantal hearlik kopkes thee gien! Doe ik 12 oere nachts it wol prima fun en op bêd woe omdat de pine harses behoorlik heftiger waard, gie it helaas mis. Fanôf it momint dat ik lizzen gie op bêd waard ik behoorlik beroerd. Ik snapte der neat fan, ik hie júst amper bier han en braaf thee dronken!!!
Noja om mar net alle details hjir del te setten, it kaam der op del dat de wc myn bêste maat wie foar in oardel oere. Want sadra ik wer nei bêd gie, wie it wer mis. Ik woe ek graach spuie want ik fielde gewoan dat der wat yn my siet wat der út moast, al koe ik my net betinke wat! Noja it ienige wat ik my betinke koe is dat se my DOE fertelden dat we it wetter út e kraan net drinke koene. It is gewoan it reinwetter fan it dak!
Ik hie wol oan't toskepoetsen west en spielt en ik preaun dat it smoarch wie, mar mear ek net. Blykber hat it dus wol it wetter west, want ik hearde de oare deis dat der mear west wiene dy 3 dagen siik west wiene.

Freed: ik fiel my gammel, mar bin bliid dat it wer wat better giet. Hjoed hawwe we middeis foar 't earst mei oan it melken west! As ekstra, sadat we it leare kinne. No moast Syb der wol wat om gnize dat de jonge dy it him leare moast, it net sa leuk fun dat Syb it fansels al koe en dat hy it folle flugger koe as him! Haha! 
Ek de managers fan dizze pleats binne hiel wiis mei Syb en nimme gerust in soad advies fan him oan! As Syb seit dat it better sa en sa kin, dan dogge se it eins it leafst ek lyk! Machtig dochs! Wat ha ik dochs ek in topper!
Moarnier sille we foar't earst moarns melke mei de Dútsers en mei 2 út Uruquay! Bin benijd!

Van reisblog naar fotoboek
Laat een prachtig fotoboek afdrukken van je verhalen & foto's. Al vanaf € 21,95.
reisdrukker.nl

Foto’s

8 Reacties

  1. Rients:
    10 januari 2020
    Mooi reis ferslag en in heel soad kilometers
    Groentnis Rients en Willy
  2. Janke:
    10 januari 2020
    Prachtig Petra en Syb!! Een protte sukses mei 'alles'.
  3. Ineke:
    10 januari 2020
    Moai ferslach Petra! Jim belibje fan alles , fijne tiid tawinske.
  4. Marianne Boersma:
    10 januari 2020
    Heu dy,Wat belibje jim wat!
    Noch in goeie tiid en reis winske!
  5. Erik:
    11 januari 2020
    Wat n belevenissen wer 😂👌🏼 Moai dat jimme lekker oan’e slag kinne! Good luck!
  6. Sjieuwke:
    12 januari 2020
    Wy hearre hjir om ús hinne dat in hiel soart minsken dyn ferslach lêze Peet. Ze libje mei dy mei. Do kinst it prachtich ferwurdsje. dikke knuffel dien mem.
  7. Monica:
    16 januari 2020
    Jullie zijn echte doorzetters .. petje af!
    En wát een ervaringen. Die steek je voor de rest van je leven in je zak!
  8. Alie Cnossen:
    4 februari 2020
    Jim belibje genôg sa te lézen!