2 Dagen Withsunday en de woestijn.. (Clermont)

13 december 2019 - Clermont, Australië

We binne tongersdei en freed op in sylboat fuort west mei in tour, 'Waltzing Matilda'. Ik siet der sels wol wat oer yn omdat ik bang wie om seesiik te wurden.
We sieten mei sa'n 14 op de boat en binne lâns in oantal eilântsjes faart fan de 'Whitsundays'! Mei elkoar binne dit wol 74, wêrfan der mar 8 bewenne binne. 
We hawwe oan it snorkeljen west op de 'Great barries reef'! Prachtig! We hiene noch nea snorkelt, dus ik fun it earlik sein wol efkes spannend mar echt wier it is prachtig om te sjen hoe it rif der út sjocht en wat der om dy hinne swemt.
Fisken yn allerhânde kleuren, strepen en maten! It fielde krekt as siet ik tillefyzje te sjen troch myn dûkbril, krekt as wie it net echt. Middeis binne we nei whiteheaven beach west. Ek dat wie wer hiel prachtig om te sjen. Net te beskriuwen!
We hawwe ek efkes it wetter dêr yn west. Wol mei ús pak oan, want yn dizze tiid fan it jier binne der in hiele protte kwallen en dy kinne gefaarlik wêze! Syb hat sels in in baby haai neist syn fuorten swimmen han! We hawwe ek seeskildpadden fan wol hast in meter grut sjoen fanút de boat.

Juns lieten se in ljocht sakje yn it wetter sadat we in bytsje sjen koene wat der yn it wetter barde, machtig moai! Syb hat nachts op it dek slipt under de stjêrren. Ik sels ha yn myn bêd slipt, dat lei wat nofliker. Omdat der rjocht boppe myn sliepplak in grut raam siet wat hielendal iepen stie koe ik ek sa nei de stjêrren sjen!
De oare deis hawwe we wer 2 kear oan't snorkeljen west. De skipper hat ús ek in stik rif sjen litten wat minder moai wie, dit wie ferwoest troch in cycloon. 
In spesjaal ekstraatje wat wy hiene wie 'Peter'. Dit wie in Sineeske jonge dy't eins net echt te beskriuwen falt. Hy fûn alles spannend, lústere totaal net nei de útlis (wyls hy al 8 jier yn Australië wenne mar neffens ús gjin wurk Ingels koe), we wiene him geregeld kwyt, strooide sân oer syn holle, rôle mei in bleat beswit lichem yn it sân, prate yn himsels en twa kear ha wy sels út it niks in komplete serenade krigen!
Dan begun der ynienen FOL passie, mar hiel falsk te sjongen. Hy droeg it leafst de hiele dei de badmûts, de dûkbril en de snorkel yn syn mûle. Werkelik wat wie dat in portret! Ik ha in filmke krigen fan him dat der oan't sjongen wie.. Ik sil it mar net hjir op de reislogger goaie, dat fyn'k eins wat te mâl mar as ik werom bin lit ik him graach ris sjen ;)

Sneon binne we wer yn'e auto stapt om nei Clermont te riden. Dat wie sa'n 4 oeren riden. We wiene beide hiel nijskjirrig wêr we telâne komme soene. We hiene gjin idee as it in pleats wêze soe, 
in bedriuw of miskien wol in mijn? En wat wie de bedoeling mei sliepen ensa, soene se in plakje foar ús hawwe of soene we sels in plak fine moatte wêr we wer yn'e auto sliepe kinne? En soe der yn'e buert ek in baantsje foar my wêze?
Doe we nei 4 oeren riden hieltyd mear yn'e outback bedarren en der dus gjin kop mear te sjen wie, gjin auto of iets allinne om de pear kilometer in brievebus. Nei Efkes sykjen riden we nei it goeie nûmer: húsnummer 3512! It paad wie offroad mar yn'e fierte wie wat te sjen! 
It plak wêr we telâne kommen binne is in graanpleats. In oantal húzen en in mega grutte loads. It is in grutte boer, dus hy hat meardere minsken oan't wurk en dy moatte eins allegear op it selde adres sliepe, oars is it eins net te dwan. Fandêr dat der meardere húzen en húskontainers stean.
We hawwe earst kennismakke mei de soan fan it bedriuw. Dy hat syn hús fierderop stean en wennet dêr mei syn frou en 4 bern. Wy ha earst in 'tidlik' plakje krigen yn in soart fan kontainer wêr yn de drokste tiid fan harren allegear tidelike wurknimmers wenje. Op it momint wenje allinne wy en noch 1 oare wurknimmer der. 
Dy bêste man is in 'kiwi'. Sa wurde de minsken hjir neamt dy't út Ny Seelân komme. We binne tevreden mei wat we no hawwe, want we ha airco, in keuken, lounge romte en in bed! Dat is al hiel wat!
Mar as it goed is gean we kommende wike nei in oar plak, neist it hûs fan de soan. Us earst indruk is goed. De famylje is hiel aardich! 
Iets minder binne de miggen... Je wolle it net leaue mar as je hjir in stap de doar út dogge moat je ten earste efkes skakelje nei in temperatuurke fan sa'n 39 graden en dan binnen in pear sekonden wurdst oerfallen troch miggen. Se sjogge der út as de miggen by ús thus. Allinne sitte dizze miggen yn je eagen, neus en mûle.. HIEL irritant. 
Wyls ast oan't praten bist is der sa in kâns dast dyn snút fol miggen hast!

Snein wie warskynlik ien fan de meast saaie en ferfeelde dagen oan't no ta. We binne moarns rjochting Clermont riden. Dat is it doarp wêrunder de pleats ek falt, mar it is wol efkes 56 km riden! Yn'e hoop dat we dêr wat internet hiene om wat dinkjes út te fûgeljen en dingen op te sykjen. Dan koe ik sels miskien wat om wurk sykje. 
Spitich genôch wie dit net it gefal. Self nei dy 57 km riden, hiene we yn it doarp gjin berik. Omdat it snein wie, wie der eins ek net folle iepen fansels. We hawwe allinne in day-care sjoen en 2 motels. Wa wit bin dit plakken wêr ik wurkje kin. De day-care soe my it leukst lykje, marja dy wie fansels net iepen om efkes te hifkjen.
Der wie allinne in lytse supermerke iepen wêr't we wat lytse dinkjes helle ha. Doe we werom wiene sloech de ferfeling dochs wol ta nei in skoft. We kinne eins net net búten omdat it gewoan TE hyt is, ek falt der búten neat te dwan of te sjen want it is echt HIELENDAL keal. It liket wol as we yn'e woestijn sitte, it is gloeiendhyt, it waait en it is hielendal keal! Der is sels gjin bist te bekennen! In inkele roek, ohja en fansels de miggen!!! Dat is eins neist de hitte de oare grutte reden wêrom je gewoan net búten wêze wolle.
Ik seach juster Sybrand oan wyls we búten nei de pleats ta runnen. Ik moast laitsje omdat der gewoan in hiele swerm fan miggen om syn holle hinne fleagen! 
The flies are sitting with bosjes in my eyes! Haha
Dus.. it ienige wat we dwaan kinne is binnen sitte, tillefyzje sjen, offline game

Mandei: Syb is foar't earst oan't wurk hjoed! Ik ha fannemoarn hjir en dêr wat skjinmakke yn de keuken hjir. Fannemiddei sil ik wer nei Clermont ride, sjen as de grutte supermerke iepen is en fansels sjen as ik Telstra simkaarten fikse kin!
Hatsikidee, lyk bingo by de earste winkel. Ik ha 2 simkaarten helle en de kerel yn'e winkel hat my fan begjin oan't  einde holpen om him te installearen sadat we dêr gjin gesodemieter mei ha soene en dan koe ik it Syb wol útlizze. Ik ha him noch frege om wat tips foar wurk.
Hy joech my in briefke wêr 't  der in oantal motel en hotels op skreaun hie mei adres en til. nummer. Moai, dan koe ik dêr wol efkes sjen tocht ik. Marja myn internet hie blykber in oantal oeren nedig om te aktivearen en ik hie dus gjin maps. Omdat ik ek noch boadskipje moast tocht ik, ik ryd gewoan 1 runtsje troch Clermont. As ik tafallich ien fan dy Motels ofsa tsjinkom stap ik nei binnen en oars oare kear mar. 
Ik wie noch gjin strjitte fierder of der stie in motel! Ferhip dat wie makkelik! Dizze stie trouwens net op it liske fan de jonge.. wêrom net, dat wist ik net. Ik bin nei binnen stapt en ha hifke.. seit dy frou: I prayed to Jesus, Joseph and Maria, because I need staff!! And there you are!! Whaha prachtig! ik koe lyk moarnier 8 oere wol begjinne! Se hiene eins krekt in oaren al oannaam mar dy koe se net útstean, dus dy wie se leaver kwyt as ryk.
Hoppa dus samar  in baan!
Syb syn earste dei wie poerbêst. Hy docht fanalles en noch wat en hy hat der nocht yn. Se hawwe wol hiel let pauze moat'k sizze. pas healwei 2 middeis ofsa en je stopje pas wannear it wurk ris hast klear is. Dus dat kin samar 7 of 8 oere juns wêze.. Lange dagen, as je 7 oere moarns begjinne!

Tiisdei: Hjoed myn earste wurkdei. Moarns earst skjinmeitsje mei Karen, dan nei hus en dan ein middei 5 oere begjinne yn'e keuken. No earlik sein foel my dy earste wurkdei behoorlik tsjin! Ik kaam nei it skjinmeitsjen middeis al hielendal dwarstroch thús en koe eins de rest fan de dei wol sliepe! Juns wiene de plannen yn't restaurant ynienen feroare. Ik soe net helpe yn'e keuken mar ik wie ynienen de bediening yn't restaurant! Pfff.. dêr seach ik earlik sein behoorlik tsjin op. 
Myn Engels is ok, ik kin my redelik rêde as ik wat fertelle wol, mar dy Australiërs hawwe dochs wol harren eigen aksent en koartsje alle wurden ôf. Dêr komt by dat ik gjin idee hie wat der op de menukaart stie en Australische dranken kin ik ek hielendal net! (Noja allinne de twa ferskillende soarten bier dy't Syb en ik dronken ha! hahaha) Gelokkich wie Karen mei my yn't restaurant, mar doe't se my fertelde dat it ek HAR earste kear yn't restaurant waarden myn zenuwen der net better op. Mar klear Karen is in hiele leafe frou en ik kin it hiel bêst mei har fine! We ha in soad wille en ha wat de gek mei ussels omdat we it sa swier ha om yn de 40 graden skjin te meitsjen.
Ik sil net de hiele jun fertelle, mar ik wist wol seker dat dit de earste mar ek de lêtste kear wie dat ik dit die. Minsken, wat fielde ik my ûnnoazel, ûnhandig as je minsken net begripe en dat je it 100 kear opnij freegje moatte wat se ha wolle en dat je dan eins noch steeds net witte wat se eins bestelle wolle.. 
Nei it wurk hearde ik Karen en Saskia (de manager) babbeljen oer moarn. Ik hie wol oan Karen witte litten dat ik net elke dei hinne wer fleanen gie, en dat ik leaver skjinmakke. Mar Karen koe wol allinne skjinmeitsje en ik koe elke dei wol allinne it restaurant dwan.. dat wie no it lêtste wat ik woe! Dan soe'k 2 x 40 minuten ride foar 3 of 4 oeren wurk, sjoch Syb en ik elkoar noait wer, moat ik elke nacht yn't donker ride en dit wurk fun'k ek noch rete eng! haha.. noja Se ha my hast smeekt as ik se yn elk gefal dizze wike helpe woe. Dan koe'k hjir wol bliuwe, en ik woe moarns ek skjinmeitsje oars ha 'k net folle oeren.
No foarút dan mar, we soene it tegeare flikke juns, want Karen en ik bin dan tegearre yn't restaurant. Sjen hoe dat giet dizze wike en oars bin'k pleite! 
Fannacht foar't earst yn't donker riden. Ik tocht earst dat it wol wat mei foel. Oan't ik in knyn ofsa platride. Flak dêrnei fleagen der in pear kangaroos fuort en ik hie der hast ien foar de auto! Gelokkich net, want dan is je auto meastal total loss, en dat kin we net brûke fansels!

Woansdei: Hjoed wer nei Clermont riden, mar hjoed bliuw ik der ek. We moasten earst noch ôfwachtsje as Syb ek komme soe want dy hat fansels gjin auto omdat ik dy mei ha. Dus allinne as der immen nei it doarp ta ried komt der.
Foar my wie it al in hiel stik nofliker no't ik tusken it wurk troch by it motel bliuwe koe en dat ik net wer 2 x 40 minuten hoefde te riden. En gelokkich ek net yn't tsjuster! 
Doe't ik juns eindelik klear wie om in oer as 9 en ik myn mobiel pakte seach ik warempel dat Syb belle hie en dat dy toch noch komme soe jun! We hiene middeis belle, en it soe warskynlik hjoed net slagje, dus ik wie der al fan út gien dat we apart sliepe soene.
Ik skrok earst want ik tocht OEPS.. no hat Syb miskien al oeren stien te wachtsjen omdat ik myn mobiel net by my hie tidens it wurk, mar it foel mei gelokkich! Hiel tafallich wie der krekt oankaam, hy koe namentlik op't lêtste momint dochs noch mei rjochting Clermont, en jawel... op in road train!! (foar degenen dy't it net kinne.. in road train is in mega lange vrachtwein mei meastal 3 vrachten achter elkoar. De vrachtweinen binne mega grut en redelik kangaroo bestendig ;) )
It wie dan wol al aardig let, de keuken wie op slot en Syb hie noch net iten.. mar klear we wiene dochs tegearre en Syb koe gelokkich ek wol libje op noch wat stikken bôle. Syb hat hjoed trouwens op in rupstrekker oan't riden west en sa't ik begrepen ha is syn baas behoorlik tevreden oer him!
Hy mei geregeld wolris efkes in moai putsje dwan en is sa no en dan ferbaasd wat Syb kin en hoe snel as der leard!

Tongersdei: Beide wer oan't  wurk. Ik merk self dat de hitte my behoorlik yn'e macht hat as ik wurkje. Je wolle fanalles mar je kinne hast net de iene poat foar de oare sette. De hitte fret alle enerzjy op. De baas fan Syb hie al sein dat der oars wol wat rêstiger oan dwan mocht, want dat diene se sels ek. Jammer genôch is myn manager wat oars. As ik ek mar 2 seconden om my hinne sjoch om te betinken wat ik ek alwer dwan moast ropt se lyk: GO ON!
We fleane ús hjir aardig út'e naad mei it skjinmeitsjen fan 'e keamers en om op de energiekosten te besparjen mei der absoluut gjin airco oan. Ek sit der gjin pauze yn tusken 8 en 12. Je ha pas pauze as je klear binne mei't wurk. Ik bin hjir op myn wurk aardig klear alles, ha der hielendal gjin nocht mear yn. It iene momint is de manager poeslief en makket se iten foar my klear, in oar momint snauwt se my wer ôf. Se is behoorlik koart om'e kop en praat sa no en dan tsjin my as wie'k har persoonlike slaaf.
Mar klear, it wie fannejun HIEL rêstig yn't restaurant dus ik wie eins 7 oere wol klear. Se stjoerde elkenien nei hûs, mar ik moast bliuwe, wyls Syb ek al by ús wie en op my wachtte yn't appartementsje.Se hat my der sa lang mooglik holden oan't ik eindelik 9 oere ophâlde mocht. 
Syb en ik ha it der oer hân en ik ha besletten dat ik moarn melden gean dat ik hjir net bliuw. Wat ik dan dwan gean wit ik noch net, mar neffens Syb en de frou fan Syb syn baas fyn ik fêst gau wer in oar plakje.

Freed: Fannemoarn mei't skjinmeitsjen wie de manager efkes fuort en hawwe Karen (55 ofsa) en ik stiekum yn 2 keamers de airco oansetten, we giene werkelik hast fan ús stokje. Hearlik, en we hiene der beide wol wille om. We ha selfs efkes 5 minuten pauze naam sadat sy efkes roke koe en ik under de airco sitte! ;)
No moat ik har aanst it minne nijs fertelle dat ik fuortgean, ik bin benijd hoe se reageert. It leafst ha ik eins dat se seit: hoepel dan lyk mar op! Want Syb appte my krekt dat se by him op'e pleats fannemiddei in krystborrel hâlde en dan ik ek útnoege wie! No dat binne dus krekt fan dy dingen dy't mar machtig lykje, eindelik efkes wat gesellichheid en sjen hoe de Australiërs dan underling binne ensa.. Mar klear, se ha my hjir nedig dus ik tink net dat se seit dat ik lyk wol ophoepelje kin.. wurd ferfolge..

Van reisblog naar fotoboek
Laat een prachtig fotoboek afdrukken van je verhalen & foto's. Al vanaf € 21,95.
reisdrukker.nl

Foto’s

2 Reacties

  1. Froukje Zijlstra:
    14 december 2019
    Moaie ferhalen,leuk om te lezen.
    Gr.Froukje
  2. Monica:
    24 december 2019
    Wat schrijf je leuk Petra! En wat een avonturen .. in die verzengende hitte. Prachtig om te lezen hoe jouw karakter je door alles heen sleept. Mooi!❤️