Lêtste dagen wurkje en wer op paad..

24 december 2019 - Clermont, Australië

freed: Ik ha ûntslach naam! Se hie alle begrip en wie totaal net ferbaasd. Freedtejun moast ik it wurk allinne dwaan yn't restaurant. De manager (dy sels juns de kok is) sei dat ik alles freegje mocht as der iets wie wat ik net begreep. 
Nou dat ha'k witten. Eltse kear as ik nei de keuken run om wat te freegjen wie se koart om'e kop, snauwde se en doarde ik it hast net te sizzen dat ik har net begreep. It wie in drege en lange jun, it befestige my wol efkes ekstra dat ik der goed oan dien hie om myn ûntslach te nimmen.
Oan't einde fan de jun sei se dat ik goed wurk dien hie en der mar net op lette moast dat se soms wat skreeuwde ensa. Nou ik ha har mar efkes earlik ferteld dat ik der oars wol in FEREKT hekel oan hie en net oer koe. Dat ik wol wist dat it net persoanlik wie mar dat it wol sa op my oerkaam.
Ik tocht se moat it ek mar earlik witte.

Sneon: hjoed is Syb frij en ik bin frij oan't 4 oere. We wiene beide best wol wurch fan alles en ha net hiel folle útfretten. Se bood Syb oan dat hy wol efkes mearne mocht foar 25 dollar, wie mar'n healoerke. Ferrek tocht ik, der moat ik in dik oere foar bealigje en dan giet der ek noch tax ôf! Doe't Syb oanjoech dat der eins ek wol wurch wie ha ik it mei beide hannen oanpakt en rap dy mearnmachine út it hok helle. 
Makkeliker en sneller fertsjinje koe'k net haha! 25 dollar cash yn'e han en it mearnen wie in lachertje. Hjir en der stekt der in sprytsje gêrs út! It hiele healoere mearnen hoegde ik net de bak te leegjen, wat in grap. As ik thús mearn moat der alwer lege wurde nei 2 strookjes! It ienige neidiel is dat it swit my oeral by del rûn en ik in knalreade kop hie it folgjende oere! ;) hehe..
Gelokkich wie Karen der hjoed wol wer om my te helpen. Echt gelokkich want der wiene 2 grutte groepen dy't Kryst fierden yn't restaurant. Alderraast wat hawwe dy Australiërs yngewikkelde mix drankjes! Mar achternei wol leuk om te witten dan kin ik soks ek ris ergens bestelle ;)
Karen en ik hawwe fan de ferekte drokke jun dochs in gesellige jun makke troch elkoar der trochhinne te helpen en it gesellich te meitsjen achter de bar. Se liet my witte dat ek sy der hiel min oer koe as de manager sa neerbuigend en brutaal tsjin har die! Huh tocht ik? Sels tsjin har? Ja sei se, wêrom tinkst dat al dy oaren fuortgien binne, dat is warskynlik allegear troch har.
Nou doe't ik dat hearde wie ik hielendal bliid. It lei him gelokkich net oan my en ik koe dus no tsjinoer har ek wol earlik wêze hoe ik der oer tocht. Spitich dat ik foar har net bliuwe koe, want it fielde wat alsof ik har der wat achter liet mei de manager.. Mar klear, wy wiene in gesellich team tegearre ;)
We soene juns eins efkes nei de pub, ik wie wol wurrich nei it wurkjen mar ik woe eins wol fiere dat ik der no fan ôf wie! Wat blykt... is de pub dêr sneontejuns om 10 oere ticht!!! Dus helaas pindakaas, we binne mar thús bleaun. Núvere gewoantes hjer hehehe...

 Samar wat eigenaardigheden fan Australië:
- As je earne hinne gean te iten wurde je net betsjinne. Moast sels drinken en iten by de bar bestelle. Ast mazzel hast bringe se it iten mar drinken moast elke kear sels ophelje.
- ijsko's binne lekker hjir! Se hawwe soad ferskillende soarten magnums ensa.. ienige neidiel, moast sa ferekte hurd frette omdat it sa hurd smelt!! sels al stean je by in airco, it ijsje raant ôfgryslik hurd wêr je by stean.
- Ik hie ferwachte dat Australië minstens sa modern as ús yn Nederlân wie, mar dat is net echt it gefal ljo ik. Bygelyks de ynrjochting fan húzen, restaurants en dat soart dingen. It liket best wol âlderwets! Soest soks by ús sjen dan soe men der al net mear hinne gean omdat it te oubollig is.
- It is hiel normaal as je ergens ride en de dyk ynienen ophâld. Dan ride je simpelwei gewoan offroad fierder alsof it de normaalste saak fan'e wrâld is.
- Nederlân is best wol hiel skjin mei alles moat'k sizze. Men is hjir ljo ik frij makkelik yn't skjinmeitsjen. Ik ha geregeld de neiging om de boel skjin te meitsjen foar as ik in keamer binnenkom hehe.. best wol ranzig sa no en dan.
- Australië is wat núver yn reklames op tv fine wy eins. It binne of HIELE gemaakte reclames, leit him miskien ek wol wat oan de regionale zenders hjir. En oare reklames binne wer hiel racistisch. It giet faak oer de aboriginals. Reklames oer instanties dy't fjochtsjen tsjin gean wolle en dan komme der allinne mar aboriginals yn 'e reklame foar. 
Of in reklame tsjin soa's, ek dêryn giet it foarnamelik oer aboriginals. Dêrneist binne der ek redelik wat reklames oer hoe je mei elkoar omgean moatte.. Sokiets as SIRE by ús mar dan komt it hjir folle faker foar tv.
- In oan dingetje op de radio is dat we yn Nederlân onbewust faaks in gelûdsje hearre tusken de ferskeidene nijsberjochten. Hjir dogge se dat net, alles wurd oan ien ein achter elkoar oan ratele. Wêrtroch wy faaks ferskillende berjochten troch elkoar helje en dat is soms best hilarisch! Lêtsten wie der in berjocht oer in helicopter dy't hjir delstoarten wie ofsa en Trump hie dêr mar in núvere reaksje op. Wy funen it al overdreven dat Trump der wat fan sizze moast.... no bleek dus fansels letter dat dat berjocht fan Trump alwer in hiel oar underwerp hie.

Snein: Hjoed binne we by it motel wei gien en werom gien nei de farm fan Syb. Fierder net folle bysunders hjoed. 

mandei: Syb wer oan't wurk. Ik ha moarns mar ris flink oan't skrobjen en skjinmeitsjen west. De douche wie namentlik nogal brún en no hast wer wyt! Ek ha'k de auto fan binnen skjinmakke sadat we tongersdei lekker fris ynstappe kinne.
Tongersdei gean we namentlik wer fierder. We hawwe der efkes oer sitte te stinnen wat we dwan soene. We hawwe no eindelik wurk fun, noja Syb hat no noch wurk. Mar omdat it oare wike kryst is, wolle we dat hjir eins net yn'e woestijn mei syn twa'en fiere. (lês: dan kinne we niks oars as binnen sitte foar de tv tegearre)
We hawwe dêrom besletten om kryst te fieren mei Leendert Pieter, Stacey en har famylje. Om te foarkommen dat we in stik kust oerslaan gean we tongersdei fuort. Dan kinne we op de reis der nei ta 'town of 1770' meipakke en 'Fraser Island!'
Fraser Island hat Syb sa'n sin yn omdat dat Eilân de reden is dat hy de 4x4 auto ha woe! Je moatte namentlik troch de see ride om der te kommen en de dyken fan it eilân is it strân. Kin der him efkes goed útleve ;)

Tiisdei: Syb is fanôf 7 oere wer oan't  wurk en belle my dat der ek wol wat wurk foar my te dwan wie. No graach, want je fiele je hjir nogal nutteloos en zeer verveelt as je hjir noch in dei sitte. Thús ha'k der gjin moeite mei want der is altyd wol iets te dwan mar wêr wy hjir sitte, is echt niks en ik wol net de hiele dei nei de tv sjen of nei myn mobiel stare.
Ik mei thús ek graach in blokje om rinne, mar dat is hjir gekkewurk yn 40+ graden. Ik soe ek libjend ferbrâne. Dus ik wie bliid dat ik wat dwan koe. As ik woe mocht ik wol 3 romtes skjinmeitsje. De kantine, kantoor en it weegkantoor in stikje fan de pleats ôf. Nou prima, ik tocht dat is sa klear yn pear oerkes. Wat ôfnimme mei in sopke, stofsûgje en dweile.
Nou net dus haha. Ik bin healwei 10 begun en mei 2 pauzes der yn wie ik pas 5 oere klear! Ik hie krekt fannewike op skreaun dat Australiërs wat minder krekt binne op skjinmeitsjen, nou dat bleek hjir hielendal wier te wêzen. Ik ha ramen lapt, dan koene je wer ris nei búten sjen. Mei in sopke der trochhinne wie pas mooglik neidat ik mei in veger earst by alles del gien wie en dan hie'k noch hast 5 sopkes nedig per romte want it wie echt behoorlik smoarch.
Mar gjin problemen mei hjer, want dan ha je wol it measte effekt fan je wurk! Ien fan de meiwurkers wie my al tige dankber foar wat ik dien hie yn it weegkantoor. Ik bin benijd wat se der fan fine as se moarn it kantoor en de kantine binnen komme ;) Ik bin yn elts gefal hiel tevreden mei wat'k achterlitten ha.
Nei 5en belle Syb my as ik ek efkes mei woe yn'e auto nei de oare pleats. Ja prima, best. Doe we underweis wiene mei in stik as was bierkes en dat de collega fan Syb syn freondin belle dat der wat oeren letter thús wie ivm mei wurk, frege ik my dochs wol ôf wat de exacte plannen wiene. Ien fan de meiwurkers moast 'efkes' in truck oppikke.
Wy riden dus puur mei foar de geselligheid en om aanst yn in truck te sitten! We hawwe in oere riden yn'e auto om nei noch mear middle of nowhere te riden en dêr stiene in pear sliephokken mei in truck. De auto hawwe we achterop laden en mei syn trijen (oppropt want dr wiene mar 2 sitplakken) binne we yn'e âld truck werom riden. It grutste diel fan de rit wie in paad fan sân en stien dus net hiel comfortabel dat gehobbel, mar dochs hawwe we wol wat leuke dingen sjoen underweis. In stik as wat kangaroos, dr fleach in fûgel tsjin't raam en noch in oantal oare núvere bisten.
De dei wie wol wer lang genôch moat 'k sizze. As je dan pas run 8 thúskomme en dan noch iten meitsje moatte wyls je it ein yn'e bek hawwe. Al moat ik sizze dat ik it ek wol wer lekker fyn om 'eigen'makke iten te iten. It wie best lekker en makkelik foarige wike om te iten út it restaurant of wat oer wie mar ik fyn it ek wol wer fijn om wat sûner te iten en te meitsjen wat we sels útsocht ha ;)

Woansdei: Hjoed hiene se net mear in putsje foar my, dus ik bin hjoed 'thús' en Syb is oan't wurk. Lêtste dei, want moarn gean we wer opwei! It is hjoed eindelik ris in bytsje 'koeler' it wie fannemoarn dan ek 'mar' 29 graden. Inmiddels 32, mar ik tink dat we hjoed eindelik efkes net de 40 helje. Ek wolris lekker ;)

Foto’s

6 Reacties

  1. Rientsenwilly:
    24 december 2019
    Wol wer in mooi ferhaal
    Noflike krystdagen
    Groeten Rients en Willy
  2. Geartsje:
    24 december 2019
    Leuk Peet! Genietsje fan de bysûndere reis!! 😘
  3. Catharina:
    24 december 2019
    Machtich ferhaal wer!! Goed besich! Alfeast een hele fijne kriist tawinske!
  4. Maaike Kuipers:
    24 december 2019
    Leuk wer even jim te folgjen. Goeie krystdagen en een goeie reis!
  5. Renske:
    24 december 2019
    Hele fijne dagen
    Harrie en renske
  6. Gera:
    25 december 2019
    Leuk om jullie verhalen te lezen ! Geniet ervan!! Liefs Gera