3e wike op'e farm, Australian day, kij dy net meiwurkje wolle etc etc

2 februari 2020 - Modella, Australië

Snein: It is dit wykein offisjeel Australian wykein omdat it moandei offisjeel Australian day is. Derom gean we jun nei Lina en Julian, dy ' t wurkje op Caldermaede. Se hawwe us utnedige om dêr jun bier komme te drinken. 
Moarns bin ik earst nei tsjerke west. Ik woe dat eins wat faker dwaan hjir mar faaks is der wol wat oars of ik bin eins gewoan te skiterig om te gean. Dus dizze snein in skop ûnder myn kont en hoppa in tsjerke opsocht yn'e buert. Omdat ik my de foarige kear hiel wolkom fielde yn'e baptiste tsjerke mei Kryst ha ik no mar wer foar dy tsjerke keazen. 
Ik waard dit kear wer hiel wolkom hjitten want sels nei de tiid noadigen se my út om mei te gean foar kofje en lunch mar ik ha beslúten mar werom nei Syb te gean. Ik fun dit eins wol wer efkes genôch nije dingen foar fannemoarn.
Ik moat earlik wêze dat se my mei de preek efkes kwyt wiene want it is dan dochs wol dreech om it hielendal yn't Engels te folgjen. De ferskes en de band wiene wol wer hiel leuk. Wat fierder oars is, is dat elkenien gewoan op syn eigen tiid komt. Want sadra we begun binne komme der noch gerust 4 gesinnen letter binnen. Ek hiene we dit kear in gebed fan hast wol 10 minuten. Poe he, ik ha sels pear kear om my hinne sjoen om te kontrolearjen as we echt noch steeds oan't bidden wiene! Haha
Ohja, noch iets oars wêr ik my hiel erg oer ferbaasde! It wie tiid foar de kollekte. Meastal hearre je dan allegear gerinkel fan jild en elkenien siket syn jild út e bûse. Mar hjir seach ik amper ien bewegen en ik hearde gjin gerinkel. Ik wie al bliid dat ik der oan tocht hie en dat ik in pear dollars meinaam hie. Ik tocht, wat in súnige krinten dat se hjir neat jaan wolle. Mar doe de skaal lâns my kaam seach ik werom ik gjin gerinkel hearde! de kollekteskaal lei fol mei briefjild! En ek net in bytsje! Poe he, ik fielde my ynienen hiel skiterig mei myn pear dollars.
Oerdei ha'k noch in bananebrood bakt mar dy wie helaas mislukt. Ik hie um fol trots yn'e oven dien mar doe ik de boel opromme seach ik dat de kokosoalje noch op it fjoer stie! OEPS!  Ik ha it der noch snel trochhinne mongen want oars koe ik it sowieso wol fuortdonderje. Tsja it is ytbaar mar geslaagd is oars. Foar de rest hawwe we wat omhongen en juns dus nei Caldermaede. Se hiene it wat fersierd op syn Australisch, we ha de bbq oan han en in gesellige jun han!

Mandei: Hjoed dus offisjeel Australian day. Eins wiene we beide wol efkes ta oan wat rêst dus binne we hjoed moai thús bleaun. Omdat de Uruquaers melke moasten, mar fierder net oar wurk, wiene sy hjoed ek thús. Hiel gesellich want ik mei graach oer harren en fyn it spitich dat we krekt altyd omstebeurten wurkje moatte. We kinne dus eins nea ris mei harren der op út. Normaal sprutsen slúte sy harren op yn hun keamerke mei de tillevyzje oan en de Dútsers hingje meastal ek foar de tv.  Ik hie just sin om efkes wat út te finen en net dat sleeuwe gedoch. 
Sadwaande hawwe we harren foarsteld om spultsje te dwan en gelokkich funen se it allegear in leuk idee! Dus in healoerke letter hiene we de tafel nei buten sjout (it is eindelik ris moai waar!), wie der spaghetti opsetten om mei elkoar wat te iten en wiene de spulrigels fan it spultsje útlein. Leuke middei hawwe we han! Spitigernôch moasten de Uruguaers healwei 3 alwer melke.

Tiisdei: Hjoed ús lêtste dei frij. We binne efkes nei Drouin west foar wat lêtste boadskipkes. We hawwe in nije radio kocht! joehoe! no ist net mear sa kil en stil yn'e hûs. Ek ha ik no eindelik learzen fun dy't pasje! Middeis kaam der besite mei in karre fol spul. Ik hie fêst hearder sein dat ús baas 4 pleatsen hat. Op eltse pleats backpackers en dus ek foar elke pleats hûzen foar de backpackers. 
Ien fan de hûzen giet fuort en no krije wij al it spul fan dat hûs! Best wol noflik, want no hawwe we mear banken, grutte tafel, in droeger en in stofsûger wêr't ik wol bliid mei bin. Noja en folle mear oar spul. Mar no krigen we ek noch te hearren dat we ek mear backpackers derby krije. Hmzz, no hiene we it eindelik wat rustiger yn ús hûs no de Dútsers nei in oar plak binne. Mar klear, se binne fêst aardig en 2 bliuwe mar in lyts skofke en in oaren bliuwt wol foar langere tiid. Se wurkje net op ús pleats dus se moatte elke dei nei Caldermaede ride.
Iets minder entûsjast wie ik oer it feit dat der mei de ferhúzing en de backpackers ek ynienen in hûn mei.

Woansdei: Hjoed wer wurkje. Wyls ik júst moai optiid op bêd wie om in goeie nacht te draaien, ha'k de hiele nacht wekker lein te draaien. Net sa'n fijne start dus. Ik ha hjoed myn nije learzen oan han! Fierder net hiel folle spannends op it wurk.
Nei dizze dei wurkjen wie ik behoorlik oan stront! Doe wie it wol efkes wenne want doe ik kapot yn'e hûs kaam en my rustig deljaan woe, siet it hûs ynienen fol mei nije minsken en puntsje by pealtsje hawwe se ek noch efkes flink rúzje oer hoe en wat it gien is dat se ynienen yn dit hûs pleatst wurde.

Tongersdei: Alwer in minne nacht. Nei it melken bin ik fierder gien mei it hegedrukspuit spuitsjen fan 'e melkerij. Hjir wie'k juster mei begun. Tidens it ontbijt fannemoarn beseagen we efkes as we al lean hiene. We hiene wol lean, mar we skrokken behoorlik fan it bedrag. We hiene ferekt lange dagen wurke en dan krigen we net mear as dit? We hawwe it gelyk efkes checkt op'e computer, en wat bleek, der wiene 30 oeren te min rekkene.
Gelokkich hawwe we dy der no by krigen. Mar dan noch is it net folle pond wat der oer bliuwt. we krije 25 dollar yn't oere mar dan sit je noch mei de tax, pensioen en it beteljen fan it hûs. Want we betelje wol elke wike 100 dollar per persoan foar it hûs. Wyls we net iens in bêd hiene (No gelokkich wol) en gjin drinkwetter. We wiene der beide wat pissig om en ha beslúten om mar net mear te HURD te wurkjen en gewoan sa rêstich oan mooglik. Us gewoan net te drok meitsjen en út 'e naad wurkje.
Syb wie no hielendal fan doel om jild te freegjen fan de baas foar it hinne en wer fleanen nei de oare pleats mei ús eigen auto. 3 kear op en del en de tank is alwer leech! Ek moat Syb in soad technisch wurk dwaan. Te gek foar wurden dat hij der net mear foar betelle krijt, se brûke him gewoan as supergoedkeape technische kracht.

Freed: Hjoed sil it 41 graden wurde. De dei begun al prachtig, doe we 5.30 moarns nei de pleats riden kamen we ynienen in ko tsjin! En yn'e fierte seagen we yn it tsjuster dat der noch folle mear kij stiene! Gelokkich wiene se tot op it hiem en net fierder! Letter bleek dat de stroom út flein wie yn'e nacht en dat se dêrom sels mar efkes de tridden losmakke hiene om der op út te gean. Ek de keallen wiene útbrutsen. Omdat it stroom útfallen wie, wie der ek gjin wetter mear yn't lân. Wat best in grut probleem is as it sa ferekte hyt is!
De baas hat dêrom de kij fan lân nei lân brocht om se wetter te jaan. Foar hy se alle 250 yn it folgjende stik hie, hiene de earsten de wetter foaried alwer opsopen! Se hiene dus behoorlik toarst!
Syb hat gelokkich nei it melken in moai putsje mei dit waar. Hy mei mei de trekker nei de oare pleats ride om ark om te wikseljen. It ritsje duorret wol in oardel oere mar hy kin it sittend dwaan sa't der sels seit. Der sit airco yn'e trekker en wyls kin der moai om him hinne sjen.
Ik ha wer oan't hegedrukspuitsjen west, hjoed it lêtste stikje gelokkich! Ik ha tuskentroch mar efkes in langere pauze naam want it wie te hyt om noch wat oars te dwaan en koest my wol opfaaie.
De kij wiene ferekte ferfelend by it melken dizze dagen! Wat in ergernis. De kij hiene it fansels ek fierstente hyt en ferekten it om ek mar in poat te fersetten! Dat hold yn dat it foar my ien grutte fleanerij waard tidens it melken, ik op in gegeven mar in swipe pakt ha om se rinne te litten. Wyls hawwe je it sels ek 40+ graden en gean je hast fan je stokje. 
Doe ik my realiseerde dat we eins ek net folle betelle krije, tocht ik : wat doch ik hjir eigenlijk! Ik bin hjir dochs foar mysels en foar in moaie reis en net om my it swit út'e bealich te draven, foar in hongerloontje.
By it melken gie noch mear mis, ik ljo dat de hitte ús beide wat yn'e kop sjitten wie. Hendel ferjitten om te setten, stek net iepen dien sadat we se mar opjaaiden mar se koene eigenlik hielendal gjin kant op! haha.. Tsja dan snap je ek wol dat se net trochrinne wolle as se net kinne. Bliid dat dizze dei om is.

Sneon: Lêtste dei wurkjen gelokkich. Gelokkich mar, want de ôfrune dagen wiene hast allegear 10 oan't 14 oeren! Ik ha tusken it melken troch wat lytse putsjes dien en ha my net alte drok makke. It waar is yntusken behoorlik omslein. It is noch wol hyt mar it reint ek hjoed. Syb mocht hjoed freze, dat fun der wol in moai putsje!
Middeis mei it melken gie it ek wol wer prachtig. Meastal hellet Syb de kij op en set ik de melkerij klear mar dizze kear soene we it ris oarsom dwaan. Ik soe op'e quad de kij ophelje, it reinde gelokkich net sa mâl mear, it dripte wat. Tsja.. DOE noch wol. Mar doe ik nei it lân ta ried begûn it dochs wol hurder te reinen. Ik ha der noch oernei tocht om werom te gean mar ik tocht: Nee peet, lit dy net kinne, skytmerakels, ride bliksem! Nou dat ha'k witten. It like alsof de wolken ynienen iepen brutsen.
It hie hast net hearder sa hurd reint as doe. Ik wie sijktroch, mar om it noch moaier te meitsjen hiene de kij gjin sin om te melken! Normaal sprutsen stean se klear foar it stek en wolle se gau nei de stâl. Dizze kear leine se allegear noch en wiene se ek NET fan plan om mei te gean. 
In kertier letter hie'k se eindelik allegear it lân út, begûn it noch hurder te reinen, koest my wol útwringe en wie it noch hast 20 minuten stapvoets riden om by de pleats te kommen. Sels myn learzen wiene sijktroch omdat it oeral yn run. 
Gelokkich stie Syb klear mei in bakje thee! Dat wie super leaf! Troch alle drokte fan it reinen begûn ik oan mysels te twyfeljen as ik de trie wol ticht dien hie. Syb twifele gjin momint en sei: Ik sjoch wol efkes! Ik nim de poncho mei (want dy hiene we undertusken) en race wol efkes snel nei de trie. Ja Syb fleach sa hurd dat de poncho al snel kapot skuorde troch de wyn en alsof we noch net genôch ellende hân hiene, hold de quad der midden op't paad mei op omdat de tank leech wie! Doe moast Syb drave!
We hoopten dat we it no wol hân hiene, mar nee. Ek it melken woe alwer net echt soepel. No wie it eindelik net mear sa hyt, mar no ferekten de kij om te rinnen omdat se de rein net wer yn woene fansels! Oh oh, wat in rampdagen. Bliid dat it nei hjoed wer dien is.
We hawwe nei it melken efkes tegeare fuorre op'e trekker. Machtig om te sjen hoe se dat hjir dogge yn Austraalje. De kije namentlik 2 of 3 balen kuil yn it lân. Se dogge it dan wol sa mâl, alsof se in wike net iten hiene! Ik ha it wyls oan't filmjen west, fan twa kear dizze wike. De filmkes komme der binnenkoart ek wol op!

Snein: wer frij! Noja, foar my dan. Want Syb hat fannemoarn al efkes oan't wurk west. Dy sil de jonge út Uruguay leare om te fuorjen. Al foel dat noch net sa mei sei Syb. De bêste jonge is in architect, en is net de bêste trekker sjauffeur. Ik ha hjoed wer oan't bakken en kokkerellen west en tuskentroch 3 wasken draaie. Oare wike wer mear!

Foto’s

1 Reactie

  1. Rients:
    3 februari 2020
    Ja it gjit net altiid foar de wien
    Groetnis Willy enRients