In bysunder sliepplakje mei in bysundere eigener.

26 november 2019 - Mareeba, Australië

It is hast allegear bysunder wat we hjir belibje. Dêrom fyn ik it ek hieltyd dreech om mar in pear dingen te fertellen. 
Dochs wie dit plakje en ferhaal wol hiel bysunder. We kamen fia in app terjochte by in sliepplak foar mar $10. 

 

Syb hie earst in fhiel núver tillefoangesprek mei de man, en hie eins al gjin sin mear om derhinne. Oan't  de man ús werombelle, wêr no bleaunen. We koene trochride oan't de griene skuorre, der wie de it kantoor. JIm hiene it sjen moatten. Neist de griene skuorre stie in grutte camper mei als jerrycan dy derfoar lei wêrmei stift it wurd 'office' op skreaun wie. We seagen elkoar efkes oan sa fan: wêr yn fredesnaam bin wy belâne. De man fertelde dat we wol sliepen bliuwe koene. We ha ús nammen opskreaun yn in boek en doe naam der ús mei nei de bisten. We snapten it doel net hielendal fan de rûnlieding mar we tochten dat de man gewoan efkes graach syn bisten sjen litte woe. De hynders rûnen oeral en nergens los. Doe efkes by in ko sjoen mei in lyts leaf kealtsje en fierderop steane syn oare 30 a 40 kij. Hy leide ús fierder it lân yn ( lês: reade droege hurde ierde, gjin gers ofsa) en dêr stie in lyts selsbouwt hokje fan golfplaten. It wie it drinkplak foar de hynders west en no wie it ús badkeamer!! HUH??? Ja warempel, 2 stappen achter de badkeamer sei de man: well, you could stay here for the night? It wie dus de bedoeling dat we ús auto dêr tusken de bisten delsetten. Krekt op'e râne fan it bosk en it lân. We doarden gjin nee te sizzen eins, moasten efkes skakelje mar seagen letter eins wol yn hoe moai en bysunder dit plakje wie. We hawwe hiele wat wylde bisten sjoen dizze dei en nacht!

Net allinne it plakje mar ek de man sels wie hiel bysunder. As ik alle ferhalen fan him hjir fertelle soe dan hie'k wol in boek skriuwe kinnen. Mar hjir in lytse gearfetting.

Hy wie 3 rekke troch de bliksem, 6 x rekke troch heechspanning, syn skedel wie 2 kear brutsen wist. Alle bonken yn syn liif hie der alris brutsen, hy hie noch mar 1 echt each. Hy hie yn it fjoer lein neidat der mei in bolle fjochte hie. Hij wie meardere kearen stutsen troch de deadelike 'redback' spin. Biten troch deadelike slangen, en hie meardere deadelike fruchten iten. Hy wie opgroeit yn'e jungle en dus nea nei skoalle west. Hy hie dus nea leard wat wol en net giftig, ferstandig of goed wie. Hy hie 6 sussen en de âldste dêrfan brûkte him faak as proefknyn, omdat hy nea benaud wie. Dat wie dan ek in reden wêrm as der safolle al oerlibbe hie. Omdat der nea bang wie west as der wat bard wie en hy kalm bleaun soarge dat der foar dat it giftige stofke net troch syn liif hinne gonsde. Hy wie wol 1000 kear út de tiid gien wannear der soks barde, mar hy oerlibbe it altyd wer. Hy wie no súver wat benaud as der úberhaupt ea wol dea gean soe! 

Sa ik al sei, noch folle mear ferhalen hie der mar ik tink dat dit wol wat in byld jout oer hokker ferhalen en hoe bysunder dit wie. It klinkt súver hast te sterk om wier te wêzen mar hy hat ús dingen sjen litten en seachst oan alles dat it in bysundere man is. GOUDEN!! Dizze ferjitte we net gau!

IMG_20191124_085737