bytsje doelloos wachtsje

26 november 2019 - Ravenshoe, Australië

Ofrune wike hawwe we ús der ta setten om wurk te sykjen. Dit blykt allinne net sa maklik as ferwachte. Fia Sybrand syn broer dy't hjir wennet yn Australië hiene we in konneksje mei in Claas dealer. Dy soe wol wat boeren witte wêr 't wy wurkje koene. Mar omdat dy bêste man pas mandei werom komme soe fan syn fakânsje moasten we fan woansdei oan't snein wachtsje. We hawwe earst ús bêst dien om day jobs te finen mar dat foel tsjin. We ha ús plan doe mar omgoait en wat extra jild oerboekt sadat we wer wat runkomme koene (want we wiene redelik platzak troch de auto en de reis).

We hawwe dêrom mar besletten earst de moaie dingen fan Cairns te besjen en dan mandei oan't wurk. Fielde wol núver om earst it jild út te jaan en dêrnei pas te wurkjen, mar we hiene net echt in bettere opsje.

We hawwe ús dy dagen fermakke troch in tour te dwaan troch de tablelands, Cairns besjen en efkes bykomme. Wyls hawwe de auto parkeart by JJ backpackers op 't hiem. Dan koene we foar $30 dollar per nacht yn ús auto koese mar wol gebrûk meitsje fan de keuken, douche en wc. En fansels de gesellichheid. Want we wiene it beide wol iens oer it feit dat it in HIEL fijn hostel is. De eigener (Little J, Jana) is in famke like âld as ús ungefear en is sa gek as in doar mar ek wer hiel leaf. We ha ús der poerbêst fermakke. It wie in lytser hostel as yn Sydney en dêrom in stik aangenamer, skjinner en geselliger! Je koene op't lêtst hast elkenien dy't der slipte.

Yn't  wykein binne we wer op paad gien. De bêste man dy't mandei wer thús is fan fakansje, hat syn saak yn Tolga. Ek yn de tablelands. We funen it wol in slim idee om fêst dy kant op te riden sadat we mandeitemoarn ek lyk foar de doar stean soene. EINDELIK soe't heve.

Sadwaande stean we dêr mandei om 8.15 by de Claas dealer op't hiem. Wurd ús simpelwei ferteld dat de bêste man NOCH steeds op fekânsje is en pas oer oardel wike pas wer thús is!! NEEE HE!!! GRRR... de moed sakke ús no dochs wol efkes yn'e skuon. 

Mar we ha ús hersteld. Hawwe in cafe'tsje opsocht, de laptop der by pakt en mar wer opnij op syk nei wurk. Want in oardel wike wachtsje op dy man is gewoan sonde fan de tiid en we hawwe no echt wol ris wat dollars nedig. We hawwe ek noch efkes wer in berjochtsje stjoerd nei in boer wêr we foarige wike kontakt mei han hiene, mar dy wenne earne hielendal yn'e outback. Dêr dan dochs mar hinne?? Syb hat oanjun dat der wol efkes skilje woe mei him. Warempel, in healoerke letter in tillefoantsje. It klonk lyk al poerbêst! Se hiene foar ús beide wol wurk, koene wol yn in appartement by hun wenje dan en mei harren mei ite ensa. It leafst hiene we der sa hinne riden! dan hiene we ein fan de dei oankaam. Spitichernôch moast hy wol efkes oerlizze mei syn heit en it ienige eins wêr der wat oer twifele wie dat Syb gjin wurkvisum hat. Hy woe de oeren wol op peet har namme sette  mar dochs wie it wol in dingetje. Hy soe ús oer 2 oerkes werom skilje..

Neidat Peet al in stik appeltaart han hie om it te fieren, duorre en duorre it mar. oan't de ein fan de dei, noch steeds gjin tillefoantsje. Dan duorret sa'n dei wol lang, as je allinne mar wachtsje kinne. We hawwe noch efkes in oerke nei in wetterfal west, dy we hielendal foar ús sels hiene! mar omdat we dêr gjin berik hiene binne we der mar rap wei gien.

Juns hat Syb him wer belle. De boer moast noch wachtsje op twa tillefoantsjes fan oare wurknimmers, moarn pas run lunchtiid soe hy wat hearre litte. Fannacht mar yn Ravenshoe sliepen bliuwe dus. 

It is no moarns, we wachtsje oan't 1 oere. As it dan in 'nee' wurden is, of as we neat hearre fan him dan plan X mar. Werom nei Cairns en dêr blykt miskien in hostel te wêzen dy't minsken ek oan in baan helpe kinne.. We sille sjen.. wurd ferfolgd ;)

Ohja oer't algemien noch wat opfallende dinkjes:

--> Der binne hjir yn Australië oeral en nergens iepenbiere wc's! HIEL handig!! en ik moat sizze dat se geregeld ek noch wol skjinner binne as de iepenbiere wc's yn Nederlân!

--> Alle stedsjes en doarpkes ha wol in pub of hostel

--> Der binne hjir allegear oare fûgels as thús en se gedrage harren ek wat oars. Se binne in stik brutaler en de measten meitsje in kneitersoad herrie!

--> Der binne hjir en dêr aborinals. Foaral yn Cairns hawwe we der in oantal sjoen. Syb hie my der wol oer ferteld mar ik tocht eins dat it wol wat meifalle soe. Mar ik moat sizze. De ienigen dy't we oan't no ta sjoen hawwe binne we in bytsje eng. Juns rinne se razend tsjin harren sels oer strjitte. Se sjogge eng út e eagen en der is my ferteld dat se gauris dronken binne en dan samar út it neat aggressief wurde kinne. Dat lêtste hawwe we mei eigen eagen sjoen. Der wie in aboriginal frou by it swimbad mei in begeleider. Want se hawwe se net alle 24 yn't kratsje neffens ús. De frou gedroeg har al wat núver, krekt as wie se noch mar in lyts berntsje. Doe de begeleider op in gegeven momint sei dat se fuort moasten omdat har parkeerbon ôfrun wie, gie it feest oan. De aboriginal frou waard lilk en jankte en raasde alles by inoar. Se sloeg de begeleider sels meardere kearen keihurd. Se hawwe meardere pogingen dien om nei de auto te gean mar hieltyd nei sa'n 50 meter betocht de frou har wer en draafde werom nei't swimbad. It wie bêst wol hiel sneu om dit tavereel te besjen. Warskynlik koe de aboriginal frou der ek net folle oan dwaan mar we wisten no wol seker dat we se leaver net yn't donker of dronken tsjinkomme.

OHJA!! HAHAHA fannacht ha we ek wat beleefd! Der wie hjir justerjun yn'e pub ek sa'n aboriginal en dy woe graach tabak fan Syb, it wie mar in núver en eng keareltsje. Doe wy fannacht yn'e auto leine en HAST slipten. Skodde ynienen ús auto! en we hearden fanalles op ús dak! Skytbenaud fansels haha... want der wie dus immen op ús auto klommen en dy soe fêst ús spul jatte! De stuollen en bakken mei spul leine op it dak en neist de auto. It wie gjin bist, dat wisten we wol want we sieten midden yn't doarp en der soe heus gjin bist op ús dak kroepe. Fol adrenaline kroop Syb sêft nei de achterklep om dy mei in gang iepen te rammen sadat de persoan nei beneden donderje soe. Mar ferrek. We seagen nimmen en ús spul lei der noch... Wat blykt... sit dr in dikke grauwe kant neist de auto: "miauwww" WHAHAHA we wiene wol ferekte ferbaasd dat in kat sa'n herrie meitsje koe, mar gelokkich hiene we ús spul noch en wie it mar in kat... hahaha

1 Reactie

  1. M en Tj.:
    26 november 2019
    Hoi Syb enPeet,
    De Aboriginals binne wol de earste bewenners fan Australië. Se binne degradeert tot 2de rangs burgers troch de blanken.....Dat hat makke dat se oan de drank reitsje en lulk reagere....