Great Ocean Road

10 maart 2020 - Great Ocean Road B100, Australië

Ik ha dizze kear hjir en dêr wat foto's tusken setten om der in bytsje in byld by te krijen mar in it nije album: Great Ocean Road stean noch mear foto's!

Sneon: We hawwe besletten om hjir noch mar in dei en nacht te bliuwen. Efkes in dei bijkomme want ik hie fan gjin meter slipt fannacht. We hawwe hjoed Warrnambool rinde efkes yn west. In pear lytse dinkjes kocht, û.o it spultsje : Uno!
Middeis foaral yn'e keuken fan de camping wat omhongen want it wie ferekte fris, sis mar gerust redelik kâld. Middeis ha'k noch efkes nei de oare kant dyk west, nei de supermerke. Doe ik werom rûn seach ik ek wol wer iets typisch gebeuren.
Der wie in heit en mem mei in lyts famke wat de dyk oerstekke soene. Mem run mei de buggy en heit hie it lytse famke oan'e earm. Ik kaam fan in ôfstantsje oanrinnen en seach doe doe't se noch mar amper oan'e oare kant fan 'e dyk wiene,
dat heit de broek fan it famke nei beneden luts. De lytse faam moast blykber ferhipte nedich pisje! No is dat fansels gjin probleem en hiel begripelik op dy leeftiid. Mar ik ferbaasde my der wol hiel erg oer dat heit en mem net in poging diene
om har ek mar 2 meter fierder yn't gers del te setten. It famke stie no mei de bleate poepert rjochting de dyk en t'spektakel wie net te missen. Op dat momint kaam ik krekt foarby rinnen. Heit sei wakker iets yn de rjochting fan: Perfect, you go great!
Wyls ik dochs echt seach dat se harsels de hiele learskes en broekje wiet en fol pisse! Oh oh oh, earm famke. Ik bin mar gau trochrun mar seach wol dat al it ferkear stil stie en elk der om laitsje moast. 
Juns hawwe we Uno oan't spyljen west en Syb hat noch efkes mei heit en mem belle.

Snein: Fannemoarn begûn mei de Great Ocean Road! Hjoed fan Warrnambool oan't Apollo bay riden!

De reis fan dei 1 op the great ocean road 

Us start fan the Great Ocean Road!

Begjinne je oan sa'n populaire belangrike dyk... leit der dyk der út!! Moai begjine jonges.. grind dykje..

It begjin fan the great ocean road.. Leit de road der út!!

Yn it begjin wie der om welke kilometer in stop, doe tocht ik wol efkes, as it sa troch giet dan ha'k gau myn nocht. We hiene amper de gordel fêst en dan koene we wer útstappe.
Mar ik moat ek earlik sizze dat de stops wol moai wiene en in stik fierder foel it alwer mei en koene we ek gewoan efkes in skoft yn'e auto sitten bliuwe!

 Bay of Islands:

IMG_20200308_105839

Bay of martyrs:

IMG_20200308_120309IMG_20200308_105923

La Grotto:

IMG_20200308_112642IMG_20200308_112944

London Bridge (hjir binne we yn'e auto sitten bleaun en fan út de auto in foto makke  haha, we hiene efkes ús nocht..)

IMG_20200308_113922

Lorge ard Gorge:

IMG_20200308_120723

Twelve apostels (wêr der noch mar 5 fan oer binne):

12 apostels, wêr noch 5 fan oer binne

- dêrnei in bakje thee/cappuchino yn Lavers Hill

Earne by Glenaire:

IMG_20200308_141215

Oan't ein fan de dei noch wat koala's lâns de dyk.

Yn Apollo bay oankaam hie Syb redelik it ein yn'e bek. Sadwaande ha we mar besletten dat ik efkes allinne strúne soe yn'e winkeltsjes en soe Syb sich efkes deljaan by de auto of yn it parkje foar de auto.
Doe we úteindelik eindelik fuort soene, opsyk nei in camping plakje, koe Syb ynienen de kaai fan 'e auto net mear fine!! Oh nee!! Wy sykje yn bûsen en fakjes mar sûnder sukses. Doe mar efkes sykje op it plak wêr der yn't gêrs lein hie, mar ek dêr neat!
Doe we sa rûnen te sykjen kamen der 2 jonkjes oan, as we soms nei auto kaaien sochten!? JAA!! Harren heit hie se krekt ôflevere by it surflokaal, wat in mazzel!!! Wat hiene we in mazzel mei dizze earlike minsken!
As je tinke dat it no klear wie, no helaas. Doe we de kaaien wer hiene en by de auto kamen, woe de auto net mear starte!! Syb realisearde him al gau dat hy de ljochten oanstean litten hie.. HMZZ..  
Gelokkich kamen der krekt in pear surfers oan dy't ek noch KREKT by it buske neist ús wêze moasten. Se wisten wol immen dy't startkabels hie en nei wat omgriemerij siet ús auto oan harren fêst en koene we de auto wer starte.
Wat binne je dan wer efkes ekstra bliid dat minsken behulpsem binne hjir!

Moandei: hjoed de twadde dei fan de Great Ocean Road.

Dei 2 Great Ocean Road

We hiene justerjun noch in tip krigen fan Leendert, we moasten eins ek efkes nei de Otway fly tree top walk. Sadwaande binne we dêr fannemoarn earst mar hinne setten.
Ik hie ek yn in boekje lêzen dat it Elizabeth Lake dyselde kant op, ek hiel moai wêze moast dus soene we it moai kombineare. Nou.. Dêr bin'k mar wer efkes op werom kaam. It paad nei de tree top walk wie namelik sa pittig bochtig,
dat Syb it fansels in prachtige dyk fun mar ik waard sa beroerd as in knyn. Ik fyn der gewoan neat oan om trije kertier lang fan links nei rjochts te fleanen en de bergklif neist je te sjen. Doe we eindelik boppe wiene moast ik dan ek earst efkes bij komme.
It wie in paad troch it bosk en nei in skofke wie it in paad op in soad fan hege brêge troch de bosken hinne. We hiene dit faker dien by Cairns yn'e buert en ik tink dat dêrom ús ferwachtingen wat heech wiene.
We moasten 50 dollar betelje wyls de measte paden yn in nationaal park gratis binne, dus fandêr dat we ek wat mear ferwachten. We hiene yn elk gefal ferwachte dat we boppe de toppen fan de beammen út sjen soene. 

De tree top walk

Want it hjit dochs ek: tree top walk? it foel ús wat ôf, it wie heech, mar we koene tsjin de toppen fan de beammen oan sjen, net der oer.. mar klear, foar ús beweging wie it wol wer in goeie wandeling en ta Syb syn plezier mochten we dit fijne bochtepaad ek werom ride...

Tree top walk

It paad fan Apollo bay nei Lorne wie echt hiel flak tsjin it wetter oan, dat wie wol in moai gezicht, al is it fansels lêstich om alles sa moai op'e foto te krijen sa't je it sels sjogge.

IMG_20200309_133141as je hiel goed sjogge dan kinst sjen dat de dyk lâns de berg rint.IMG_20200309_133415myn knappert :D

IMG_20200308_141747

Kenneth river: koarte stop foar koala's en parrots! Ik moat earlik wêze dat ik hjir eins wol in bytsje gemeen wie mar ik hie sels sa'n wille om myn eigen grapke. Der wiene redelik wat Sineeske toeristen dy oeral mar wat yn'e beammen stiene te staren op syk nei koala's. Se binne namentlik net altyd like makkelik te finen. No hiene we der al 2 fun mar ik die krekt as seach ik der mear. Sadra we efkes tegearre stiene dan die ik krekt alsof ik in koala seach en wees hiel interessant omheech en die krekt alsof ik in foto makke. Dêrnei runen we gau wer fuort en dan fleagen de sinezen der hinne om de koala ek te spotten ;) ik hie moai dikke wille..

Koala spotten dy us efkes oanseach

Moaie parrot!

Erskine falls: 

Erskine falls

It lêtste eintsje fan de Great Ocean Road foel ús wat tsjin, ik hie eins ferwachte dat we moarn ek noch in diel ride soene en hjoed noch efkes kampeare. Mar it einde wie sneller dêr dan we tochten en doe wie it dochs wol wer hiel logysk om alfêst troch te riden nei Leendert en Stacey.
Sadwaande hawwe we dêr juns ek slipt.

IMG_20200309_154038

Underweis by in wc kaam in noch in bysûndere instruksje tsjin op de wc:

IMG_20200309_155440 Ik tocht dit miene je dochs net?? Moat minsken serieus in útlis hawwe hoe je de wc brûke moatte??

No blykber wol fertelde Leendert ús letter. Hy fertelde dat in soad aziaten net wisten hoe se op in wc sitte moatte omdat se altyd boppe in gat hingje!

Tiisdei: Hjoed mar wat dinkjes op in rijtsje sette. We soene eins pas fan't wykein hjir wer yn Melbourne wêze mar it gie allegear nogal sneller as ferwachte! De Great Ocean road wie dus in stik koarter as ferwachte mar wol prachtig! We hawwe ús auto op gumtree (marktplaats) setten! Súver wol wat dreech want dat betekent dat it einde yn sicht is. We hawwe hjoed efkes nei de cheesecake shop west :D wow wat in prachtige taarten! en juns hawwe we iten fan Leendert krigen mei in soad leafde ;)

IMG_20200310_162539IMG_20200310_162530IMG_20200310_191943

Foto’s

1 Reactie

  1. Ineke:
    11 maart 2020
    Wat wer in moai ferhaal Petra en prachtige foto's!!