Lêtste wike wurkje foar we wer fierder reizigje!

1 maart 2020 - Melbourne, Australië

Mandei: We hawwe hjoed tusken it melken troch mei de keallen dwaande west en mei de bolle. In soad boeren hawwe hjir harren eigen bollen en t'is blykber ek hiel normaal dat je der gewoan by yn't lân gean en der mei ompiele.
Wy funen dit yn't begjin eins mar neat omdat in bolle dochs in bolle bliuwt, mar ja, we moasten wol omdat de bollen tusken de melkkij rûnen. Je wurde der dochs wol wat makkeliker mei nei in skofke. Se binne dan wol bolstjurriger as de gewoane kij mar se lústerje wol.
Sinds in skoftke binne de bollen efkes apart fan de melkkij omdat der geregeld kij ûnderút giene en se wiene ferekte ferfelend sadra der molken wurde moast. Se soargden der hieltyd foar dat der gjin ko mear yn'e molkerij komme koe.
Dêr kaam by dat ien fan de bollen wat kreupel rûn en dêrom soe de vee arts hjoed wer komme om der nei te sjen. As Syb efkes dy bolle út it lân helje woe en him opslúte yn in poatebekap stek/hok. Syb koe wol wat help brûke fernaam ik, dus ik bin mar efkes mei gien.
As je dan mei allinne yn in stik lân rinne mei allinne dy bollen en net 250 melkkij, dan is it dochs wat oars moat'k sizze. Foar je gefoel hawwe de bollen no mear te sizzen, mar klear. Wy soene de bolle wol efkes út it lân helje.
No ik fun it dochs wat grizelig. De bollen hiene it net yn'e kop en begunnen lyk te draven en hiene it net yn'e kop om nei ús te lústerjen. Gelokkich wie Syb wat dapperder as my en hat út eindelik it measte dien fansels. 
Dochs sei ik eltse kear tsjin mysels, net sa benaud jong! Nimmen is hjir benaud foar dy bollen, se binne hjir blykber wol te fertrouwen! Doe hiene we him eindelik yn in lytsere romte en kaam de vee arts der ek al oan. It wie in famke fan in jier as 35 skat ik.
It foel my ynienen op, dat sy wol hiel dúdlik frege hie of immen oars de bolle efkes fange koe. En doe we helpe soe yn de lytsere romte fleach se lyk de stekken yn doe de bolle ek mar har kant op SEACH.. OHHHH tocht ik...
Sy is dus wol benaud foar dy bolle. Tsja sei se, it is en bliuwt in bolle, net te fertrouwen! Wolst wol liuwe dat ik my doe fansels oan de iene kant noch benauder fielde mar oan'e oare kant fielde ik my ek wol dapper dat ik it dochs wol efkes flikte en sy as veearts de stekken yn fleach! Haha..
Noja, we ha letter mei man en macht de bolle klemsetten en holden wyls sy oan't poattebekappen west is. It is allegear moai en goed ôfrun, mar ik ljo dat ik oare kear dochs wol efkes dy bolle goed yn'e gaten hâld en as ik him net fertrou, bin ik fuort! Hehehe

We hawwe dernei de keallen oan't fangen west en skiften. Dit fun'k best in moai putsje want dit ha'k thús ek sa faak dien by heit. Ik hie (krekt as thús) in plastic stekpealtsje mei yn'e hân sadat je wat langer binne en eventueel hjir en dêr ris in tikje jaan kinne. 
De baas wie der minder enthousiast oer en melde dat letter, de punt op it stekpealtsje wie te skerp fun der, ik mocht se net stekke. Nee duhhh! Ik stek se ek net, ik wol allinne wat grutter wêze en wat mear te sizzen hawwe. 
Om dy reden krige ik in takke fan'e baas. As ik dan dochs sa nedig wat yn'e hannen ha woe. It gie prachtig, en ik hie der nocht yn. Ik skifte se stik foar stik en fleach hjir en dêr hinne en wer mar dy útdaging fûn'k wol moai.
Ik ljo dat de baas súver ûnder de indruk wie want hy makke oan't einde in opmerking dat ik it dochs wol moai dien hie mei myn STOK!! Wa wit sjoch ik him oare kear ek mei'n takke it lân ynrinnen ;)

Tiisdei: Hjoed hawwe we tusken it melken troch by de baas thús dwaande west. Omdat hy in kompleet nij hûs hat en der krekt wennet is der noch dwaande mei in grut klimrek foar de bern. It klimrek stiet der al mar der moast op de flier noch in lading seagsel sadat de bern sacht falle kinne.
Noja, dan kinne je fansels moai gebrûk meitsje fan wat backpackers. Wy funen it ek wol in moai putsje en woene wol oeren meitsje. Syb hie it moaiste plakje (dêr kaam de baas ek efter nei 15 minuten), Syb ried op'e verrijker en brocht ús hieltyd in bak fol seachsel. 
Wyls moasten Paul (de baas) en ik derfoar soargje dat der woarteldoek om de klimrekken hinne prutst en knipt waard en it seachsel ferdiele. Dit lêtste wie nogal swier wurk, as it dan ek al  sa'n 28 graden is en behoorlik benaud! 
Wy hiene it swit op'e bealch om it foar elkoar te krijen mar we ha it fikst! Oan't einde hat Syb noch mei in soad gepiel in lyts boartershúske mei de verrijker te plak tilt. (foto komt noch) Doe't wy oan't einde efkes wachtsje moasten op Syb,
hat de baas my in rûnleiding jun troch syn hûs. ALDERFERSKUORRENDST!! wat in mega greut joekel achtig hûs! It hoegde om him net sa mâl, mar dit hûs wie krekt bouwt en doe binne de pleats en dit hûs ferkocht. Sadwaande dat Paul der pleatst waard.
In grutte bioscoopromte, in keuken dy noch grutter is as myn komplete hús, 5 mega sliepkeamers, in veranda fansels, sels in twadde ferdjipping mei prachtig útsicht en ek noch in moai swimbad yn'e tún. 
Ik leau dat syn frou ek net sa hiele wiis wie mei de grutte, se hie der namentlik hast in dei taak oan om it hús te stofsûgjen! Haha

Woansdei: Frij! Ik bin hjoed drok dwaande om de boel al wat op te romjen, skifte en te waskjen foar as we hjir aanst wei gean. Syb woe graach noch wat ekstra oeren meitsje dus dy is nei de pleats setten. Der moasten noch wat 
yngrediënten opmakke wurde omdat we aanst mei't reizigjen fansels gjin oven mear hawwe dus ik ha in bananebrea bakt, lekker! Wyls bin ik wat guod oan't fersameljen wat we nei hûs stjoere sille. We meitsje der in moai pakket fan.
Wat we fan ôf no net mear nedig ha en souvenierkes giet aanst via de post nei NL!

Tongersdei: Hjoed ek noch frij! Syb is fannemoarn ôfstutsen op'e trekker om in bepaalde mearnmachine op te heljen by Caldermaede wei. Dêrnei mocht der ek lyk wol mearnen gean. It moaie is dat Syb in skofke lyn al ris foarstelt
hie oan de baas dat it wol in goed idee wie om it boppeste gêrs te mearnen nei dat de kei yn it lân west binne, want dan komt it nije gêrs neffens syb der better op, mar de baas wie dêr net oer te sprekken. 
No ynienen docht der it dochs.. Ja ja, ik leau dat der him no eindelik hieltyd mear beseft dat Syb dondersgoed wit wêr hy it oer hat en dat hy der mear ferstân fan hat dan elk hjir ferwachtet. Dêr ha'k noch in foarbyld fan trouwens:
Op de dagen dat de 2 backpackers út Uruguay wurkje, wurket der sinds 2 wiken ek in 'Francis'. Francis is sa'n 50 jier, stevig bouwt frommes en kin gjin bekfol sizze tsjin Syb, ik ha har noch net troffen. We krije wolris ferhalen te hearren 
fan de Uruquayers dat se ferekte hurd melke kin en dat befoel de baas wol. Dus wy moasten ek mar hurder melke, hy sei it tsjin Sybrand mar draaide ek in kear sels it knopke op flugger doe't Syb oan't melken wie. 
Syb hat gelokkich sa hurd mooglik dat ding werom draait. De kij binne der no namentlik elke kear fan oerstjoer. Sinds Francis melkt, skite de kij folle mear, stean se de hiele tiid te trappeljen en binne de oantal liters gigantisch daalt.
Syb hat it der mei de baas oer han mar dy lake der mar wat om, en naam him net sa serieus. No it rooster in bytsje oars is fannewike en wy ek twa dagen mei Francis melke moatte sei Syb lyk al: Sliep do freedtemoarn mat út.
Ik wol graach ris mei Francis melke om te sjen wat hjir yn fredesnaam mis giet. Mar Syb hat noch net iens mei har molken of de 2 fan Uruquay kamen juster fertellen dat Francis sinds juster ynienen stikken rêstiger molken hie en der mei ophâld! 
Se makket dizze tsjinst noch ôf en dan giet se der fan troch. Soe de baas dan dochs nei Syb lústere hawwe en der wat fan sein hawwe?

Freed: De ien nei lêtste dei wurkje! No ek moai! Ik mocht fannemoarn útsliepe fan Syb omdat hy mei Francis melke soe om te sjen wat sy no oars die. Ik soe fan ôf in oer as 8 nei de pleats om dan fierder te gean mei it oare wurk.
Mar jammer genôch belle Syb my al om 6.30. Francis wie nearne te bekennen! Hy hie earst kij ophelle, yn 'e ferwachting dat Francis komme soe en dan de melkerij klear sette soe. Mar nei in oere wie se der noch steeds net en moast ik dus HIEL rap yn'e klean en ite
want de kij stiene al in skoftke te wachtsjen yn'e wachtromte. Paul melde letter dat se har 'siik' melden hie. No we fielden allegear wol oan dat Francis net siik wie mar gewoan net mear kaam opdagen omdat se al ontslag naam hie mar offisjeel dizze twa dagen noch wurkje moast.
Se ha hjir sinds fannewike in nij systeem dat we dus elke dei de kealtsjes en de 'beef' kij ferpleatse moatte. De lytse kealtsjes binne it probleem net echt, dy folgje wol (en moatte je dus net prebearje op te jaaien haha) mar de beef kij binne nogal in útdaging.
Se hâlde sich nogal ûnnoazel alsof se net troch hawwe dat se rinne moatte of wêr se hinne moatte. Moai spektakel om te sjen as in oar der mei omrommelt (Syb fannewike, hjoed ik ) 
haha.

Sneon: lêtste dei wurkje! Syb hat hjoed wol 15 oeren makke! Tusken it melken troch en sels nei it melken is der oan't mearnen west. Ik ha dit kear de keallen en de beef kij oan't ferweidzjen west. It is efkes in klusje, mar ik fyn't wol leuk wurk.
It ferfelende is dat der oeral en nergens stekken stikken binne of tridden net mear pasje. Je moatte dus earst eltse kear elk stikje lân tsjekke foar je der bisten yn litte. De brekke geregeld dikke takken fan de beammen en dy falle dan op de trie en sa leit der samar op'e grûn.
Ik ha op'e lêtste dei ek noch efkes de geiten biks jun mei de verrijker! Foarige kear gie it net hielendal sa ik hoopt hie mar no wie der nimmen op't hiem en koe'k it moai op myn eigen tiid dwan en dat gie poerbêst moat ik sizze! :)
Moarn sille we de boel ynpakke en ús klearmeitsje foar it ôfskiefeesje/ bbq!  

Foto’s

3 Reacties

  1. Geeske:
    1 maart 2020
    Souvenierkes???? Foar jimsels ? Hihihi
  2. Geartsje:
    1 maart 2020
    Myn souvenirs meie wol yn it selde pakket! Kom ik wol opheljen 😂
  3. Jankenies:
    1 maart 2020
    Moai verhaal spannend Petra.